Springe nei ynhâld

Gielboarstfruchtdo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gielboarstjufferdo)
Gielboarstfruchtdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaifruchtdowen (Ptilinopus)
soarte
Ptilinopus occipitalis
Gray, 1844
IUCN-status: net bedrige

De gielboarstfruchtdo of gielboarstjufferdo (Ptilinopus occipitalis) is in fûgelsoarte yn it skaai fruchtdowen (Ptilinopus) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae). De fûgel is endemysk op 'e Filipinen.

Sapin-sapin.

De fûgel ûnderskiedt him troch griene boppedielen, in griene sturt, griene flanken, in grize kroan en grize wangen oant de nekke, in pearsbrún gebiet om it each en de efterkant fan 'e kop, in giel boarst, in pearsbrún plak op 'e búk en in rôzereade snaffel dy't einiget op in giele punt. De poatsjes binne pearseftich read. Lokaal wurdt de fûgel siete colores neamd, itjinge sân kleuren betsjut. Fûgeltsjelju joegen de fûgel de namme sapin-sapin, in kleurryk neigesetsje op 'e Filipinen.

Der binne twa ûndersoarten. Dy binne lykwols erkend op basis fan lytse ferskillen yn formaat en befearring. Eins soe de soarte ek as monotypysk behannele wurde kinne.

  • Ptilinopus occipitalis occipitalis– Gray & Mitchell, 1844: De nominaatfoarm wurdt yn it noarden en it sintrale diel fan 'e Filipinen oantroffen fan Súd-Luzon oant Negros, Bohol en Leyte.
  • Ptilinopus occipitalis incognitus – Tweeddale, 1877: De soarte wurdt oantroffen yn it súdeasten fan 'e Filipinen yn 'e bergen fan Dinagat, Camiguin, Mindanao en Basilan. Op basis fan ferskillen yn 'e fearren wurdt de fûgels fan 'e Mindanao-heechlannen somtiden as de ûndersoaraten brevipes behannele.

It habitat fan 'e soarte bestiet meast út primêr tropysk bosk oant 1.800 boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan gielboarstfruchtdowen bestiet út fruchten. Se foerazjearje meast allinnich of yn lytse groepen en de fûgels fleane fluch en op it doel ôf.

De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige, mar oannommen wurdt dat de populaasje troch de ûntbosking en yllegale swalklânbou ôfnimt. Ek hat de fûgel te meitsjen mei yllegale jachtdruk foar it fleis en de hannel yn sierfûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: