Springe nei ynhâld

Gielbúkmosk

Ut Wikipedy
Gielbúkmosk

mantsje en wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer flaveolus
Blyth, 1845
IUCN-status: net bedrige

De gielbúkmosk (Passer flaveolus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

Fûgel yn Tailân.

It mantsje fan 'e 14 sintimeter grutte fûgel hat in grize kroan, in swart plak tusken de swarte snaffel en it each en in rustbrún plak efter it each nei de nekke ta. De kiel is swart en fan ûnder is de fûgel fierder gielich. Syn rêch is rustbrún en nei efter mear oliifgrien. De fearren fan 'e wjukken en sturt binne donker mei ljochte rânen. It wyfke is sûnder markearing, fealer en hat in hoarnkleurige snaffel.

De soarte komt foar yn Kambodja, Laos, Maleizje, Birma, Tailân en Fjetnam. It is in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoaren is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gielbúkmosken binne kultuerfolgers en komme yn tunen, plantaazjes en op lânbougrûn foar. Se ite fral sied fan ferskillende planten en ek fan nôt.

It wyfke leit trije oant sân aaikes yn in fan gers boud kûgelfoarmich nêst. De ynkubaasjetiid duorret 15 oant 24 dagen. De jongen binne nêstbliuwers en wurde troch beide âlden fersoarge. Se briede yn losse koloanjes.

De IUCN klassifisearret de soarte fanwegen de grutte fersprieding as net bedrige (Least Concern, 2024). De populaasjetrend is stabyl.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: