Springe nei ynhâld

Gielbúkgoars

Ut Wikipedy
gielbúkgoars

Mantsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoarsfûgels (Emberizidae)
skaaigoarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza flaviventris
Stephens, 1815
IUCN-status:

De gielbúkgoars (Emberiza flaviventris) is in Afrikaanske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

De gielbúkgoars is in 15 oant 16 sintimeter lange, opfallende goars mei in swart-wyt tekene kop en giel op 'e siden en it ûnderste part fan 'e búk. It mantsje hat in wite krún mei swarte krúnstreken, in wite wynbraustreek en wite earfearkes mei in swarte râne. De ûnderkant is oranjegiel, mar nei de kiel ta giel en op it ûnderste part fan 'e búk wyt.

De boppekant is kastanjebrún mei grize boppesturtdekfearren. De brunere wjukken hawwe twa dúdlike wite wjukbannen. De beide skaaien lykje opinoar, mar it wyfke kin in bêzjekleurige tint op 'e kop en brúnere krúnstreken hawwe, wylst de rêch donkere streken hawwe kin. De jonge fûgel is doffer en bleker as it wyfke.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielbúkgoars wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield, mei de folgjende fersprieding:

De ûndersoarte kalaharica wurdt soms by de nominaatfoarm ûnderbrocht.

De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza yndield, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza yn ferskate lytsere skaaien opdield. De gielbúkgoars en de oare Afrikaanske goarzen wurde dan yn it skaai Fringillaria ûnderbrocht.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielbúkgoars komt foar yn ferskate typen iepen bosklânskip. De ûndersoarte flavigaster libbet yn akasiasteppes en savannes, wylst de oare ûndersoarten yn in mear ferskaat fan iepen lânskippen foarkomme, ek yn tunen.

De soarte libbet net yn grutte groepen en wurdt ornaris allinnich, yn pearkes of yn lytse groepkes waarnommen. De fûgel siket op 'e grûn nei sied, ynsekten en spinnen en is foar it meastepart in stânfûgel, al komme der lokaal ferpleatsingen foar.

De fûgel bout in frij sleau, komfoarmich nêst leech yn in strûk of yn ticht strûkguod. De twa oant trije aaien binne glânzgjend wyt of rjemmekleurich en hawwe swarte streken. Se wurde yn tolve oant trettjin dagen útbret, en de jongen kinne nei it útkommen nei 16 oant 17 dagen fleane.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielbúkgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der wurdt oannommen dat de soarte net te lijen hat fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natoerbehâld (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar wurdt omskreaun as nearne bysûnder algemien, nettsjinsteande dat it ien fan 'e meast wiid fersprate Afrikaanske goarzen is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: