Gideön (bibelsk persoan)
| Gideön | ||
| Gideön kiest de trijehûndert manlju út | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| folk | Israeliten (stamme fan Manasse, skaai fan Abiêzer) | |
| Famylje | ||
| heit | Joäsj | |
| partner(s) | ferskate froulju en in bywiif yn Sichem | |
| bern | 70 soannen, wêrûnder Abimêlek | |
| Bibelske rol | ||
| perioade | 12e iuw f.Kr. | |
| bekend fan | rjochter fan Israel, oerwinner fan 'e Midjaniten | |
| neamd yn | Rjochters 6-8; Hebreeërs 11:32 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Gideön (Hebriuwsk: גִּדְעוֹן) is in bibelsk persoan út it Alde Testamint. Hy wie de fyfte fan 'e rjochters fan Israel dy't it folk befrijde fan 'e ûnderdrukking troch de Midjaniten. Gideön is ek bekend ûnder de namme Jerubbaäl.
Ropping en earste dieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferdinand Bol (1616–1680)
Gideön libbe yn in tiid dat Israel sân jier lang te lijen hie ûnder ynfallen fan 'e Midjaniten, dy't de rispinge fan it lân fernielden. Wylst Gideön ris stikem weet útsloech yn 'e wynparse om it foar de fijân te ferbergjen, waard er troch in ingel fan 'e Heare roppen om Israel út de macht fan 'e Midjaniten te ferlossen.
Hoewol't Gideön twifels hie oer syn eigen geskiktheid, krige er fan God de opdracht om it alter fan Baäl fan syn heit Joäsj om te smiten en in alter foar de Heare te bouwen. Ut eangst foar de minsken die Gideön dat nachts, mei help fan tsien fan syn tsjinners. Doe't er dat dien hie, woene de manlju fan 'e stêd him deadzje en joegen se Joäsj opdracht om syn soan nei bûten te bringen. Mar Joäsj wegere en ferdigene syn soan mei de wurden: "Lit Baäl mar foar syn eigen saak stride; it wie ommers syn alter." Dêrtroch krige Gideön de namme Jerubbaäl.
De tekens fan 'e wol
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om der wis fan te wêzen dat er echt troch God keazen wie om Israel te ferlossen, frege Gideön om twa tekens mei in flues fan wol op 'e terskflier. De earste nacht woe er dat de wol wiet wêze soe fan 'e dauwe, mar de grûn deromhinne drûch. De twadde nacht frege er krekt it tsjinoerstelde: drûge wol en wiete grûn. God die beide kearen wat Gideön frege, wêrtroch syn fertrouwen groeide.
De striid tsjin de Midjaniten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gideön sammele in grut leger fan 32.000 man, mar God fûn dat leger te grut; de Israeliten moasten net tinke dat se op eigen krêft wûn hiene. Dêrom droech God Gideön op om in skifting te meitsjen. Nei de earste skifting bleaune der tsientûzen man oer. God fûn dat oantal noch te grut en droech Gideön op de manlju wetter drinke te litten.
De measte manlju foelen op 'e knibbels om te drinken, mar mar 300 striders brochten it wetter mei de hân nei de mûle. Mei dy lytse groep ("de Gideönsbinde") makke Gideön him klear foar de oanfal. Foarôf gie er nachts nei it kamp fan 'e Midjaniten, dêr't er in soldaat in dream fertellen hearde tsjin syn maat oer in koarnbrea dy't it kamp fan Midjan ynrôle en in tinte omgoaide. In oare soldaat lei út dat dy dream betsjutte dat Gideön oerwinne soe. Dat joech him nije moed.
Dêrnei foel Gideön mei syn manlju nachts it kamp fan 'e Midjaniten yn. Troch it lûd fan rammehoarnen en it ljocht fan fakkels út brutsen krûken rekken de Midjaniten yn panyk en sloegen se op 'e flecht.

Nicolas Poussin (1594–1665)
Nei dizze earste oerwinning ûntstie der ûnfrede by de stamme Efraïm, om't dy net fan it begjin ôf meidwaan mocht. Gideön wist harren lykwols mei sêfte wurden del te bêdzjen. Dêrnei sette er de efterfolging yn. Doe't er ûnderweis help frege oan de stêden Sûkkot en Penûell, waard dy him wegere. Nei syn úteinlike oerwinning naam Gideön wraak op dy stêden.
Lang om let wist Gideön de Midjanityske keningen Sêbach en Salmûna te fangen en te deadzjen, wêrmei't de ûnderdrukking definityf beëinige waard.
Letter libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oerwinning woene de Israeliten dat Gideön kening oer har wurde soe, mar dat wegere er mei de wurden dat allinnich God harren kening wie. Hy liet fan it rôve goud in efod (prystergewaad) meitsje en dat yn syn wenplak Orfa opstelle. It folk Israel begûn dêrnei dat as in ôfgod te ferearjen.
Gideön hie neist syn froulju ek in byfrou út Sichem; har soan wie Abimêlek. Gideön stoar op hege leeftyd en waard yn Ofra yn it grêf fan syn heit begroeven. Hy hie santich soannen. Nei syn dea ferfoel it folk fuort wer yn ôfgoaderij, en syn soan Abimêlek kaam letter oan 'e macht en waard de earste kening fan Israel.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
It ferhaal fan Gideön is wiidweidich beskreaun yn 'e haadstikken 6 oant en mei 8 fan it boek Rjochters. Yn it Nije Testamint wurdt er yn Hebreeërs 11:32 neamd as ien fan 'e helden fan it leauwe.
|
| Rjochters fan Israel (Alde Testamint) | |
|---|---|
| It Boek Rjochters | |
|
Otniël · Ehûd · Sjamgar · Deboara · Gideön · (Abimêlek anty-rjochter) · Tola · Jaïr · Jefta · Ibsan · Elon · Abdon · Simson | |
| It Boek 1 Samuël | |
