Springe nei ynhâld

Giacomo Prampolini

Ut Wikipedy
Giacomo Prampolini
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGiacomo Prampolini
nasjonaliteit Italjaansk
berne22 juny 1898
berteplakMilaan (Lombardije)
stoarn25 april 1975
stjerplakPisa (Toskane)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Lombardysk
wurkpaad
berop/amtskriuwer, dichter, oersetter
jierren aktyf19211975
reden
  bekendheid
polyglot

Giacomo Prampolini (Milaan, 22 juny 1898Pisa, 25 april 1975) wie in Italjaansk essayist, dichter, oersetter en taalkundige. Hy stie derom bekend dat er in polyglot wie, dy't krapoan sechstich ûnderskate talen spriek. Prampolini liket in swak foar lytsere talen hân te hawwen. Hy spriek ek Frysk, en sette gedichten fan Fryske skriuwers oer nei it Italjaansk.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, komôf en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prampolini waard yn 1898 berne yn Milaan. Syn heit, Norberto Prampolini, wie in belestingynspekteur dy't hikke en tein wie yn Rubiera en in efterneef wie fan 'e lettere senator Natale Prampolini. Syn mem, Cinzia Pesenti, wie de dochter fan in feteraan út Bergamo dy't noch ûnder Giuseppe Garibaldi, de ienmakker fan Itaalje, tsjinne hie yn 'e Ekspedysje fan de Tûzen (1860). Prampolini wie in efterneef fan 'e bekende útjouwer Romeo Prampolini. Hy studearre earst letterkunde yn Milaan en dêrnei rjochten oan 'e Universiteit fan Pavia.

Nei't er njonken syn doktoraat yn 'e letteren yn 1920 ek in masterskip yn 'e rjochten behelle hie, wijde Prampolini him de rest fan syn libben oan taalkunde. Hy ûnderhold himsels as konsultant foar ferskate liedende Italjaanske útjouwerijen. Prampolini sette him nei wenjen yn Spello, yn 'e provinsje Perugia, dêr't syn famylje skiednis hie. Yn 2007 soe dêre de gemeentlike bibleteek nei him ferneamd wurde.

Prampolini hie in grut talint foar it learen fan talen, dat er brûkte om fia it meitsjen fan oersettings útlânske literatuer en poëzij yn it Italjaanske taalgebiet te yntrodusearjen. Sa sette er wurken oer út it Spaansk (fan û.o. Pedro Calderón de la Barca), út it Dútsk (fan û.o. Hans Carossa, Richard Wagner en Felix Salten), út it Ingelsk (fan û.o. Rudyard Kipling, Arthur Conan Doyle, John Keats, Aldous Huxley en James Oliver Curwood), út it Nederlânsk (fan ú.o. Arthur van Schendel, Hendrik Marsman en Felix Timmermans) en út 'e Noardgermaanske talen (fan û.o. Knut Hamsun, Pär Lagerkvist, Kristmann Guðmundsson en Gunnar Gunnarsson). Yn 1936 waard syn wurk bekroane mei de Priis fan 'e Akademy fan Itaalje.

Betsjutting foar de Nederlânsktalige literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prampolini wie in pionier op it mêd fan 'e fersprieding fan 'e literatuer fan Nederlân en Flaanderen yn Itaalje. Yn 1927 skreau er oer dat ûnderwerp in essay oanfolle mei in blomlêzing, mei as titel La Letteratura Olandese e Fiamminga: Antologia (1880–1924). Foar syn ynset foar de Nederlânsktalige literatuer waard Prampolini in lid makke fan sawol de Keninklike Akademy foar Nederlânske Taal- en Letterkunde as de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde. Yn 1964 waard him de Martinus Nijhoff Fertaalpriis takend.

Bestjutting foar de Fryske literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân rjochte Prampolini him behalven op it Nederlânsk ek op it Frysk, dat er lêze koe sûnder dat er ea heard hie hoe't it sprutsen waard. Neffens in anekdoate leid er in kear in Frysk fers oan Marsman foar en frege wat dy derfan fûn. Marsman antwurde, ta ferstuivering fan Prampolini, dat er gjin wurd Frysk koe. Prampolini frege him: "Mar jo binne dochs Nederlanner en jo kenne gjin Frysk? Mar dat is dochs hiel maklik te learen?"[1]

Prampolini sette fersen oer nei it Italjaansk fan Fryske dichters as Rixt, Douwe Kalma, Rintsje Piter Sybesma en Rinke Tolman. De earsten dêrfan ferskynden yn 'e 1920-er jierren yn it tydskrift Giornale di Poesia. Yn 1952 brocht Prampolini in bondel mei syn lettere oersettings út it Frysk út ûnder de titel Poeti Frisoni ("Fryske Dichters"), wêrfoar't er benammen in kar makke hie út 'e blomlêzings fan Fedde Schurer út 1943 en fan Anne Wadman út 1949.[2]

Prampolini hie in abonnemint op it literêr tydskrift De Tsjerne (dêr't er letter ek yn publisearre), hy waard lid fan 'e Fryske Akademy en hy briefke mei ferskate Fryske skriuwers, ûnder wa Rixt. Pas yn 1959 besocht Prampolini Fryslân foar it earst, en om him te ferwolkomjen waard in jûn organisearre yn it Oranje Hotel yn Ljouwert, dêr't hast hiel literêr Fryslân foar útrûn. Rixt, Rintsje Piter Sybesma en Douwe Tamminga, mar ek jongere dichters, liezen dêr har fersen foar, dy't op in lûdsbân opnommen waarden sadat Prampolini se thús yn Itaalje nochris beharkje koe.[2]

Wittenskiplike publikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1928 – Grammatica Teorico-Pratica della Lingua Olandese ("Teoretyske en Praktyske Grammatika fan 'e Nederlânske Taal")
  • 1934 – Il Tesoro Nascosto ("De Ferburgen Skat")
  • 1938 – Storia Universale della Letteratura ("Universele Skiednis fan 'e Literatuer")
  • 1928 – Dall'alto Silenzio ("Fan 'e Hege Stilte")
  • 1931 – Segni ("Tekens")
  • 1946 – Dominio delle Cose ("Masterskip oer de Dingen")
  • 1958 – Porticello (ûnder redaksje fan Vanni Scheiwiller)
  • 1962 – Molte Stagioni ("Mannich in Jiertiid")
  • 1927 – La Letteratura Olandese e Fiamminga: Antologia (1880–1924) ("De Nederlanske en Flaamske Literatuer: In Blomlêzing (1880–1924)", mei in foarwurd troch Giuseppe Prezzolini)
  • 1937-1938 – La Mitologia nella Vita dei Popoli ("De Mytology yn it Libben fan 'e Folken")
  • 1939 – L'Annunciazione nei Pittori Primitivi Italiani ("De Oankundiging [fan de Berte fan Jezus] yn [it Wurk fan] Primitive Italjaanske Skilders")

Sjoch foar in ûnfolsleine list mei oersettings nei it Italjaansk makke troch Giacomo Prampolini de opsomming ûnder it kopke Traduzioni dal 1921 al 1939 yn dit korrespondearjende artikel op 'e Italjaanske Wikipedy.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwen, W.I.M.E. van, Drie Vrienden: Studies over en Herrinneringen aan Menno ter Braak, Hendrik Marsman en Eddie du Perron, Utert, 1947.
  2. 1 2 Groot, Pieter de, Kobus Prampolini, yn: de Ljouwerter Krante, 17 april 2026, s. 28.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Note en Bibliografia, op dizze side.