Springe nei ynhâld

Ghostbusters: Afterlife

Ut Wikipedy
Ghostbusters: Afterlife
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJason Reitman
produsintIvan Reitman
senarioGil Kenan
Jason Reitman
kamerarezjyEric Steelberg
muzykRob Simonsen
filmstudioColumbia Pictures
Bron Creative
Ghost Corps
distribúsjeSony Pictures Releasing
spilers
haadrollenMckenna Grace
Finn Wolfhard
byrollenCarrie Coon
Paul Rudd
Celeste O'Connor
Logan Kim
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre23 augustus 2021
foarmlangspylfilm
sjenrefantasykomeedzjefilm
taalIngelsk
spyltiid124 minuten
budget en resultaten
budget$75 miljoen
opbringst$204,3 miljoen
prizen1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearjeGhostbusters
 foarich dielGhostbusters II
 folgjend dielGhostbusters: Frozen Empire

Ghostbusters: Afterlife is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 2021 ûnder rezjy fan Jason Reitman, mei yn 'e haadrollen Mckenna Grace en Finn Wolfhard. De titel betsjut "Spûkefangers: Hjirneimels". De film heart ta de Ghostbusters-franchise en is in direkt ferfolch op 'e earste beide dielen út 'e rige, Ghostbusters út 1984 en Ghostbusters II út 1989. It ferhaal spilet 32 jier nei de foarfallen yn dy lêste film. Phoebe en Trevor, de beide pakesizzers fan 'e ghostbuster Egon Spengler, ferhúzje nei it ferstjerren fan harren pake mei harren mem Callie út Chicago nei it fertutearze boerespultsje fan harren pake op it plattelân fan Oklahoma. Dêr meitsje se nije freonen en ûntdekke se al rillegau dat harren pake dêr net foar de poerlegrap delstrutsen wie. In ferlitten myn deunby is nammentlik it toaniel fan in útbarsting fan spûken dy't de wrâld ferneatigje sil. Ghostbusters: Afterlife krige fan 'e filmkritisy mingde oant myld positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. De film waard opdroegen oan 'e yn 2014 ferstoarne akteur Harold Ramis, ien fan 'e oarspronklike ghostbusters. In ferfolch, Ghostbusters: Frozen Empire, kaam út yn 2024.

Yn it plak Summerville yn Oklahoma fangt Egon Spengler in boppenatuerlik wêzen yn 'e myn dy't okkultist Ivo Shandor lang lyn oanlizze litten hat yn 'e neite fan it doarp. Mei dat wêzen finzen yn in fâle flechtet er út 'e myn werom nei syn pleats as siet de duvel him op 'e hakken. Dat is ek sa, want in oar, ûnsichtber wêzen efterfolget him út 'e myn wei en reaget deun by hûs syn auto fan 'e wei ôf. Spengler slacht oer de kop yn in maïsfjild, mar wit mei syn fâle geandefoets te ûntsnappen nei syn pleats. Dêr wachtet er syn efterfolger op en besiket dyselde ek te fangen, mar troch koartsluting yn syn eigenboude systeem misbeteart dat op it meast ûngelokkige momint. Spengler wit de fâle mei it earste wêzen noch te ferbergjen ûnder de flier fan syn wenkeamer, mar wurdt dan troch syn efterfolger oanfallen en beswykt oan in hertoanfal.

Net lang dêrnei kriget Spengler syn fan him ferfrjemde dochter Callie berjocht dat se in boerespultsje yn Oklahoma urven hat. Callie is in allinnichsteande mem dy't yn earmoede yn Chicago libbet. Krekt nei't de tynge oer de erfenis kommen is, wurde sy, har fyftjinjierrige soan Trevor en har tolvejierrige dochter Phoebe troch de hûsbaas út harren appartemint set omreden fan in hierefterstân. Om't se net folle oare kar hat, set Callie yn 'e auto mei beide bern nei Oklahoma ta. Phoebe, dy't in foarleafde foar wittenskip en technology hat en goed leare kin, jout har frij gemoedlik ûnder de nije sitewaasje del. Trevor, dy't in trochsneed teenager is, sit net te wachtsjen op in ferhuzing nei Furtsjefinne, mar syn ferset wurdt brutsen as er koart nei oankomst yn Summerville yn 'e kunde komt mei in famke fan syn leeftyd, de swarte Lucky Domingo, dy't yn in fastfoodrestaurant wurket. Trevor is op slach fereale.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It boerespultsje blykt slim fertutearze te wêzen en Callie har heit hat har benammen skulden neilitten. Callie sit mei de hannen yn it hier, want skulden hie se sels al genôch. Underwilens fynt Trevor oansluting by Lucky en har freonegroep, wylst Phoebe nei in simmerskoalle giet dy't jûn wurdt troch seismolooch Gary Grooberson. Hy hâldt de ferfeelde learlingen benammen dwaande troch se âlde horrorfilms op VHS-fideobannen út 'e 1980-er jierren sjen te litten, sadat er sels ûnderwilens syn eigen dingen dwaan kin. Dêrby giet it om in ûndersyk nei de ûnferklearre ierdbevings dy't Summerville om it hoartsje treffe, wylst it doarp net yn 'e neite fan in tektoanyske brekline leit en der likemin nei oalje of gas boarre wurdt. Wannear't Phoebe belangstelling toant foar syn wurk is Grooberson ferbjustere mar entûsjast. As Callie fia Phoebe yn 'e kunde komt mei Grooberson, slacht der tusken harren fuort in fonk oer. Phoebe makket op 'e simmerskoalle ek in freon, in jonge dy't "Podcast" neamd wurdt om't er altyd lûdsopnames oan it meitsjen is foar syn podcast oer it paranormale.

Thús op 'e pleats ûntdekt Phoebe dat it der spûket. In klopgeast spilet yn har sliepkeamer skaak mei har en liedt har letter fia in spoar fan spontaan oangeande lampen nei de wenkeamer, dêr't se de fâle ûnder de flier fynt. Phoebe lit it ding sjen oan Podcast en Grooberson. Dy lêste is in fan fan 'e Ghosbusters dy't yn 'e 1980-er jierren yn New York aktyf wiene. Hy ken de fâle werom as in diel fan 'e taris fan dat team en bringt Phoebe en Podcast fia filmkes op YouTube yn 'e kunde mei de Ghosbusters. Phoebe is ferbjustere dat har pake sa'n ferline hie, en teffens dat har mem har dêr nea wat oer ferteld hat. Wannear't Grooberson en de beide bern mei de fâle omprutse, ûntsnapt it wêzen dat Spengler deryn fêstset hie werom nei de myn. Letter konfrontearret Phoebe har mem mei it feit dat se it ferline fan pake foar har geheim holden hat. Mar Callie seit dat har heit har en har mem ferlitten hat foar syn stomme spûkefangerij en dat it har sear docht om dêroer te praten mei't it har altyd wer tebinnenbringt dat sy blykber net wichtich foar Spengler wie. Dat wurdt foar har nochris befêstige om't der yn 'e hiele pleats gjin foto fan har of in oar famyljelid te finen is.

De klopgeast liedt Phoebe nei in rynkrank hok ta, dêr't se in brânwachtpeal ûntdekt dy't tagong jout ta in grutte ûndergrûnske romte mei kompjûters en in laboratoarium. Troch bewegende lampen loadst de klopgeast, wêrfan't Phoebe no wis is dat it de geast fan har pake is, har troch de reparaasje hinne fan 'e taris fan 'e Ghosbusters. Underwilens fynt Trevor yn in oar âld hok ûnder in lekken de âlde omboude ambulânse-Cadillac mei it logo fan 'e Ghosbusters. Hy besiket it âld wrak wer oan 'e praat te krijen, wat slagget mei in bytsje ûngemurken help fan pake. As Phoebe letter mei Podcast yn in âld, leechsteand fabryksgebou it reparearre protoanepak test, fine se dêre in boppenatuerlik, metaalfrettend wêzen dat se de Gnabbelder neame. As se it mei it protoanepak en de no lege fâle besykje te fangen, flechtet it wêzen it doarp yn. Phoebe en Podcast sette de efterfolging yn en komme Trevor tsjin, dy't krekt in proefritsje yn 'e Cadillac makket. Trijeresom geane se binnen de beboude kom fan Summerville efter de Gnabbelder oan, wêrby't se mei it protoanepak ûnbedoeld gâns skea oanrjochtsje. Se wurde arrestearre troch de pleatslike sheriff, dy't Lucky har heit blykt te wêzen.

Yn 'e sel brûkt Phoebe har rjocht op ien tillefoantsje om it âlde nûmer fan 'e Ghosbusters te skiljen, dat se earder opskreaun hie. Se kriget in desyllúzjonearre Ray Stantz derfoar, dy't se ynljochtet oer de dea fan har pake. Hy fertelt har oer wat der bard is mei de Ghostbusters nei't se Viggo de Karpaat ferslein hiene (sjoch: Ghostbusters II). Der wiene yn New York almar minder paranormale foarfallen, wat delkaam op minder ynkommen foar it team. Peter Venkman sette syn karriêre as wittenskipper fuort, sadat Stantz, Zeddemore en Spengler noch mar mei har trijen wiene. Spengler hold en droech him hieltyd gekker, mei praat oer de ein fan 'e wrâld dy't op kommendeweis wêze soe. Net ien dy't der in tou oan fêstknoopje koe. Doe, fan 'e iene dei op 'e oare, pykte Spengler út mei frijwol de hiele taris fan 'e Ghostbusters. De oaren ferjoegen him dat ferrie nea en hiene nea wer kontakt mei him. Phoebe fertelt Stantz noch oer de nuvere dingen dy't der yn Summerville geande binne, foar't sheriff Domingo de ferbining hommels ferbrekt om't it tillefoanpetear him te lang duorret.

Koarte tiid letter wurde Trevor, Phoebe en Podcast frijlitten op 'e noed fan Callie en Grooberson, dy't dy jûns op harren earste ôfspraakje wiene. Callie seit Trevor en Phoebe goed it mannewaar op, net iens sasear om't se oppakt binne, mar om't de skea dy't se yn it doarp oanrjochte hawwe, op har ferhelle wurde sil. Dy nachts liedt de geast fan Spengler Callie nei itselde ûndergrûnske laboratoarium dêr't er Phoebe earder nei ta brocht. Alle technyske dingen dêr't Phoebe sa opwûn oer wie, kinne Callie neat skele, mar wannear't de lampen út harsels in wand beskine dy't oerdutsen is mei in meters grutte fotokollaazje mei allegear foto's fan Callie en detaillearre notysjes oer har libben, kriget se foar it ferstân dat har heit wol deeglik om har joech.

Phoebe, Podcast en Trevor kinne net fierder om't sheriff Domingo al harren taris en de Ghostbusters-Cadillac yn beslach nommen hat. Mei't de Gnabbelder úteinlik nei de myn ûntkommen is, stelt Lucky, dy't har by it trio oanslút, foar om gewoan dêr ris te sjen. Wannear't se fjouweresom yn 'e âlde myn geane, ûntdekke se dêr in timpel foar Gozer, de Sûmearyske god fan 'e ferneatiging, dy't boud is troch Ivo Shandor, de stifter fan Summerville. Djipper yn 'e myn fine se yn in glêzen deakiste Shandor sels, dy't troch de magy fan Gozer nei al dy jierren noch libbet. Deunby hat immen, sûnder mis Spengler, automatyske protoanekanonnen opsteld, dy't it binnenkringen troch Gozer fan dizze wrâld ferhinderje. Underwilens binne de tsjinners fan Gozer, de stalferwikseljende demoanen Zuul en Vinz Clortho, út 'e myn ûntsnapt nei Summerville, dêr't Vinz Clortho Gary Grooberson beset, wylst Zuul itselde docht mei Callie. Nei't de bern de myn ferlitten hawwe, keart Zuul dêr yn 'e foarm fan Grooberson werom en sabotearret de protoanekanonnen. Dat stelt Gozer by steat om einlings en te'n lêsten sels oer te kommen nei de minskewrâld. Ivo Shandor wurdt folslein wekker út syn deadssliep, identifisearret himsels as dejinge dy't troch de bou fan 'e timpel har oerstap nei de wrâld mooglik makke hat en swart trou oan Gozer. Mar sy deadet him suver achteleas.

Op 'e pleats ûntdekke Phoebe, Trevor, Lucky en Podcast dat Callie no beset is troch in demon. Ek figelearje se út dat it stikje bougrûn by de pleats, dêr't Spengler altyd oan it wurk wie sûnder dat der ea wat opkaam, eins in falstrik is, mei tsientallen bedobbe spûkefâlen. Wylst almar mear boppenatuerlike wêzens út 'e myn komme en gaos en trelit oanrjochtsje yn Summerville, kringe Phoebe en Podcast it pleatslike plysjeburo binnen om 'e taris fan 'e Ghostbusters werom te stellen, wylst Trevor mei de help fan Lucky de Ghostbusters-Cadillac weromhellet. Trevor, Phoebe en Podcast geane nei de myn, wylst Lucky op 'e pleats alles reemakket. Phoebe liedt Gozer ôf, sadat Podcast Zuul fange kin yn in mobile spûkefâle. Callie wurdt dêrtroch befrijd fan 'e geastlike besetting en Gozer rekket ferswakke. Mei Trevor efter it stjoer flechtsje se mei Callie nei de pleats ta, efterfolge troch Gozer en Vinz Clortho. De bern lokje harren it stikje bou op, mar krekt as earder mei Spengler lit de technyk it op it moment suprème ôfwitte. Dêrtroch kin Gozer Zuul befrije, dy't op slach Lucky beset. Gozer kriget dêrtroch wer har folsleine krêft.

Op it stuit dat Gozer lykwols wraak nimme sil op Callie en de bern, wurdt se tsjinholden troch de hommelse ferskining fan Ghostbusters Ray Stantz, Peter Venkman en Winston Zeddemore, dy't op basis fan Phoebe har tillefoantsje ôfreizge binne nei Oklahoma. Gozer, dy't ferantwurdlik wie foar de dea fan Egon Spengler, besiket no har wraak tsjin 'e Ghostbusters te foltôgjen, om't it fjouwertal yn 1984 tsjinkeard hat dat sy de wrâld ferneatigje koe (sjoch: Ghostbusters). Mar stipe troch de geast fan Spengler, dy't him no sichtber manifestearret, helpe Phoebe en Trevor de Ghostbusters om foar iens en foar altyd mei Gozer ôf te weven troch har en al har trewanten yn 'e fâlen op te sluten dy't Spengler ûnder de grûn ferskûle hie. Lucky en Grooberson wurde dêrtroch befrijd fan 'e besetting. Spengler fermoedsoenet him mei syn âlde maten en mei syn dochter en pakesizzers foar't er ôfset nei it hjirneimels.

Mckenna Grace.
Finn Wolfhard.
Carrie Coon.
Paul Rudd.

Yn in sêne dy't oan 'e ein fan 'e ôftiteling folget, keare de oarspronklike Ghostbusters werom nei New York. Dêr docht bliken dat Peter Venkman troud is mei Dana Barrett (sjoch: Ghostbusters en Ghostbusters II). Zeddemore is in rike ûndernimmer mei in grutte húshâlding. De Ghostbusters-Cadillac, dy't troch him folslein restaurearre is, pleatst er wer yn 'e brânwachtkazerne dy't de Ghostbusters ta haadkertier tsjinnet. Yn 'e kelder fan dat gebou, dêr't de fongen boppenatuerlike wêzens yn in grutte ektoplasmyske ynslutingsienheid finzen holden wurde, knipperet sûnder dat immen it opmerkt in read ljochtsje.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise                               
Phoebe Spengler Mckenna Grace
Trevor Spengler Finn Wolfhard


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Callie Spengler Carrie Coon
Gary Grooberson Paul Rudd
Lucky Domingo Celeste O'Connor
Podcast Logan Kim
Ray Stantz Dan Aykroyd
dr. Peter Venkman Bill Murray
Winston Zeddemore Ernie Hudson
Egon Spengler Harold Ramis (argyfbylden)
Bob Gunton (begjinsênes, net mei gesicht yn byld brocht)
Ivan Reitman (spûk fan Spengler, troch swiere fisazjy)
Gozer Olivia Wilde
sheriff Sherman Domingo Bokeem Woodbine
Janine Melnitz Annie Potts (cameo)
Ivo Shandor J.K. Simmons (cameo)
Dana Barrett Sigourney Weaver (cameo)
Thickneck Marlon Kazadi
Swayze Sydney Mae Diaz
helpsheriff Medjuck Stella Aykroyd (jongste dochter fan Dan Aykroyd)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In trêde film yn 'e Ghostbusters-filmrige (jierrenlang bekend ûnder de wurktitel Ghostbusters III: Hellbent) wie al yn ûntwikkeling sûnt it súkses fan Ghostbusters II út 1989. Mar it spul rûn op 'e non troch de wegering fan akteur Bill Murray om foar in trêde kear yn 'e hûd fan Peter Venkman te krûpen. Nei't akteur en senarioskriuwer Harold Ramis, dy't de rol fan Egon Spengler spile, yn 2014 kommen wie te ferstjerren, keas filmstudio Sony Pictures derfoar om in remake fan 'e oarspronklike film te meitsjen, dy't ek Ghostbusters hiet en yn 2016 yn 'e bioskopen útbrocht waard. Dêryn waarden de ghostbusters wercast as froulju, wat in protte wjerstân oprôp by fans fan 'e earste beide films.

Crossfield wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Ghostbusters: Afterlife.

Yn jannewaris 2019 waard bekendmakke dat Jason Reitman in nije Ghostbusters-film meitsje soe, mei de titel Ghostbusters: Afterlife, dy't in direkt ferfolch wêze soe op 'e earste beide films. (Reitman is de soan fan Ivan Reitman, de regisseur en produsint fan 'e earste beide films.) Reitman wurke op basis fan in senario fan himsels en Gil Kenan, en wist alle noch libbene oarspronklike ghostbusters foar de film te bestrûpen, sels Bill Murray, dy't syn notoire hekel oan ferfolchfilms yn dit gefal oerwûn. Syn heit wie as produsint by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Bron Creative en Ghost Corps. Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Steelberg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rob Simonsen. De film waard opdroegen oan Harold Ramis.

De opnamen foar Ghostbusters: Afterlife setten op 12 july 2019 útein en duorren oant en mei 18 oktober fan dat jier. Der waard filme op lokaasjes yn Calgary, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, op it plattelân fan Alberta yn 'e omkriten fan Calgary, en yn beskate lytsere plakken yn dy kontreien, lykas Crossfield, Beiseker, Drumheller en Fort Macleod.

De distribúsje fan Ghostbusters: Afterlife waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjedifyzje fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. It wie oarspronklik de bedoeling dat de film op 10 july 2020 yn 'e bioskopen útbrocht wurde soe, mar dat plan waard tsjinkeard troch de lockdowns en oare groepsfoarmingbeheinende maatregels yn it ramt fan 'e koroanapandemy. In twadde releasedatum, 5 maart 2021, koe likemin trochgean.

Beiseker wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Ghostbusters: Afterlife.

Uteinlik fûn de earste fertoaning ûnferwachts plak op 23 augustus 2021 op it CinemaCon-evenemint yn Las Vegas. In echte premiêre waard lykwols om begryplike redens net organisearre. Ghostbusters: Afterlife kaam op 19 novimber 2021 út yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Sony Classical Records. Ghostbusters: Afterlife kaam op 4 jannewaris 2022 beskikber as digitale download en waard op 1 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters: Afterlife mingde oant myld positive resinsjes. Sa omskreau Sheri Lynden fan The Hollywood Reporter de film as "ynnimmend" en "humoristysk". Hja murk ek op dat dit diel út 'e filmsearje oer "folsleiner foarme minsken" gie as de oarspronklike film. Olly Richards fan it Britske tydskrift Empire joech Ghostbusters: Afterlife 4 fan 5 stjerren en neamde de film "troch- en trochskattich". Neffens him fêstige de film "syn eigen generaasje fans" wylst er dochs "fol leafde wie foar de oarspronklike [haadpersoanen]".

Drumheller wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Ghostbusters: Afterlife.

Yn it blêd Forbes parte Scott Mendelson Ghostbusters: Afterlife in 6 op in skaal fan 1 oant 10 ta. Hy omskreau de film as "in sjarmante en grappige coming-of-age-fantasyfilm dy't bern sintraal stelt". Hy hie lykwols ek krityk, benammen om't Ghostbusters: Afterlife neffens him sterk stipe op it "te wille wêzen" fan nostalgyske fanservice. Charles Bramesco, dy't skreau foar de Britske krante The Guardian, joech de film 1 fan 5 stjerren. Hy fûn dat Ghostbusters: Afterlife de humor fan 'e oarspronklike film miste en ynstee mear wei hie fan in "goedkeape Amblin-imitaasje". Hy konkludearre dat it hjir gie om "in nostalgy-objekt, ûntdien fan persoanlikheid en yn in dizenich oangename mal twongen, op maat makke foar in fandom dat alles ferearet mar neat respektearret".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ghostbusters: Afterlife in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 306 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] kombinearret franchiserevival mei in oefening op it mêd fan nostalgy, en diskear fielt it goed oan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ghostbusters: Afterlife in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 47 resinsjes.

Fort Macleod wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Ghostbusters: Afterlife.

Ghostbusters: Afterlife brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $129,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $75,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $204,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $129,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Ghostbusters: Afterlife waard by de Saturn Awards yn oktober 2022 nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste fantasyfilm, bêste byrol fan in aktrise (Carrie Coon) en bêste special effects. De film wûn in Saturn Award foar bêste aktearprestaasje fan in jongere akteur (Finn Wolfhard). Ghostbusters: Afterlife waard ek nominearre foar de BAFTA foar bêste special effects.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Ghostbusters (filmsearje)
Ghostbusters (1984) Ghostbusters II (1989) Ghostbusters (2016) Ghostbusters: Afterlife (2021) Ghostbusters: Frozen Empire (2024)