Mistelkaktus
| mistelkaktus | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rhipsalis baccifera | ||||||||||||
| (J.S. Muell.) Stearn, 1939 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mistelkaktus (wittenskiplike namme: Rhipsalis baccifera), ta ûnderskie fan besibbe soarten ek wol de gewoane mistelkaktus neamd, is in plantesoarte út it skift fan 'e miereftigen (Caryophyllales), de famylje fan 'e kaktussen (Cactaceae) en it skaai fan 'e mistelkaktussen (Rhipsalis). Dizze plant komt yn 'e Nije Wrâld foar yn Midden- en Súd-Amearika en dielen fan it Karibysk Gebiet. It is de iennichste kaktussoarte dy't ek lânseigen is yn 'e Alde Wrâld, dêr't er foarkomt yn tropysk Afrika, Madagaskar en Sry Lanka. De IUCN klassifisearret de mistelkaktus as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mistelkaktus ferskynde foar it earst yn in wittenskipke útjefte as yllustraasje fan 'e Dútsk-Ingelske botanysk yllustrator John Miller (berne as Johann Sebastian Müller) (1715–1792), yn it wurk Illustratio Systematis Sexualis Linnæi ("Yllustraasjes fan 'e Linnaeyske Geslachtsorganen"), dat yn dielen útkaam fan 1770 oant 1777. De tekening fan Miller waard yn 1939 wittenskiplik falidearre troch de beskriuwing fan 'e plant troch de Ingelske botanikus William T. Stearn (1911–2001).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mistelkaktus is opmerklik om't it de iennichste kaktussoarte is dy't him ek bûten de Nije Wrâld ferspraat hat. Yn 'e Amearika's is dizze plant lânseigen yn Midden-Amearika, fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko yn eastlik Meksiko oant it súdeasten fan Panama. In isolearre populaasje komt foar yn 'e neite fan 'e stêd Colima, deunby de kust fan 'e Stille Oseaan yn westlik Meksiko.

Yn it Karibysk Gebiet is de mistelkaktus fierders lânseigen yn it súdlike part fan Kuba, ûnder in tinkbyldige line tusken de havenstêden Manzanillo en Mayarí. Fierders komt er foar op Jamaika, Hispanjoala, Porto Riko en de measte Lytse Antillen. De plant ûnbrekt lykwols op 'e Bahama's, de Turks- en Kaikoseilannen, de Kaaimaneilannen, Barbados, Trinidad en Tobago, Bonêre, Kurasau en Arûba.
Yn Súd-Amearika beslacht it ferspriedingsgebiet dielen fan 'e noardkust fan Fenezuëla en Kolombia en in brede baan fan Kolombia oer it Amazônegebiet fan noardlik-sintraal Brazylje alhiel nei de eastpunt fan dat lân, by Recife oan 'e Atlantyske kust. Fan súdlik Kolombia ôf is der ek in fragmitaryske fersprieding yn 'e sintrale Andes fan Ekwador en Perû en in mear oaniensletten areaal yn sintraal en eastlik Bolivia, dat trochrint yn sintraal Paraguay en it noarden fan Argentynje.
Yn 'e Alde Wrâld komt de mistelkaktus foar yn 'e tropyske dielen fan Afrika, besuden in frij rjochte line dy't rint fan Sierra Leöane yn West-Afrika oant it Etiopysk Heechlân yn sintraal Etioopje en dêrwei yn súdlike rjochting nei de kust fan 'e Yndyske Oseaan yn súdlik Somaalje. De súdgrins fan dat ferspriedingsgebiet rint fan 'e westkust fan sintraal Angoala mei in grutte bocht fia súdwestlik Sambia, westlik Simbabwe, de Transfaal en eastlik Lesoto nei de súdkust fan Súd-Afrika. Dêropta komt dizze plant ek foar op hiel Madagaskar en yn Aazje op Sry Lanka.
Teoryen oer de fersprieding bûten de Nije Wrâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is dúdlik dat de fersprieding fan 'e mistelkaktus nei de Alde Wrâld gjin resint barren is. Ien hypoteze datoangeande is dat de siedden fan 'e plant oarspronklik by fersin meinommen binne de Atlantyske Oseaan oer op skippen dy't hannel dreaune tusken it Karibysk Gebiet en Afrika of tusken Brazylje en Afrika, om dêrnei troch tadwaan fan fûgels fierder ferspraat te wurden. Dat soe dan yn 'e fyftjinde of sechstjinde iuw al plakfûn hawwe moatte, en sels dat liket net lang genôch lyn om ta de ferskillen te kommen tusken de ûndersoarten oan wjerskanten fan 'e oseaan. In hypoteze dêr't in protte botanisy mear wearde oan hechtsje, is dêrom dat fûgels dy't de fruchten fan 'e mistelkaktus fretten hiene, de Atlantyske Oseaan oerstutsen hawwe en de siedden yn Afrika wer útdriten hawwe. Dat soe al tûzenen jierren lyn bard wêze kinne, wêrnei't de plant op deselde wize almar fierder yn eastlike rjochting ferspraat is.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mistelkaktus is in epifyt, in plant dy't groeit op in oare plant sûnder dêrby skea oan te rjochtsjen. Likemin as oare mistelkaktussen (Rhipsalis) hat dizze plant de stikels dêr't kaktussen om bekendsteane. Dat wie ek de reden dat er yn 't earstoan troch botanisy net as in kaktus werkend waard. De stâltsjes binne tin en ôfhingjend. De blommen binne wyt mei in giele kearn en hawwe in diameter fan likernôch 1 sm. De fruchten binne wyt oant sjartreuze en hawwe wol wat wei fan oliven, mar dan lytser.
- twiichjes
- blommen
- fruchten
- fruchten
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mistelkaktus is in soarte dy't benammen foarkomt yn it tropysk reinwâld.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mistelkaktus hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mistelkaktus fertoant oansjenlik wat polymorfy en kin opdield wurde yn gâns in tal ûndersoarten. Spesimina út Midden-Amearika binne ornaris tetraploïde (hawwe fjouwer sets gromosomen), wylst Súdamerikaanske spesimina diploïde binne (mei twa sets gromosomen).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Plantesoarte
- Mistelkaktus
- Lânseigen floara yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen floara yn Anguilla
- Lânseigen floara yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen floara yn Belize
- Lânseigen floara yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen floara yn Dominika
- Lânseigen floara yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen floara yn El Salvador
- Lânseigen floara yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen floara yn Grenada
- Lânseigen floara yn Gûadelûp
- Lânseigen floara yn Gûatemala
- Lânseigen floara yn Haïty
- Lânseigen floara yn Hondoeras
- Lânseigen floara yn Jamaika
- Lânseigen floara yn Kosta Rika
- Lânseigen floara yn Kuba
- Lânseigen floara yn Martinyk
- Lânseigen floara yn Meksiko
- Lânseigen floara yn Montserrat
- Lânseigen floara yn Nikaragûa
- Lânseigen floara yn Panama
- Lânseigen floara yn Porto Riko
- Lânseigen floara yn Saba
- Lânseigen floara yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen floara yn Sint-Eustasius
- Lânseigen floara yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen floara yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen floara yn Sint-Lusia
- Lânseigen floara yn Sint-Marten
- Lânseigen floara yn Bolivia
- Lânseigen floara yn Brazylje
- Lânseigen floara yn Ekwador
- Lânseigen floara yn Fenezuëla
- Lânseigen floara yn Guyana
- Lânseigen floara yn Kolombia
- Lânseigen floara yn Paraguay
- Lânseigen floara yn Perû
- Lânseigen floara yn Suriname
- Lânseigen floara yn Sry Lanka
- Lânseigen floara yn Angoala
- Lânseigen floara yn Benyn
- Lânseigen floara yn Boerûndy
- Lânseigen floara yn Botswana
- Lânseigen floara yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen floara yn Etioopje
- Lânseigen floara yn Gabon
- Lânseigen floara yn Gana
- Lânseigen floara yn Guinee
- Lânseigen floara yn Ivoarkust
- Lânseigen floara yn Kameroen
- Lânseigen floara yn Kenia
- Lânseigen floara yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen floara yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen floara yn Lesoto
- Lânseigen floara yn Libearia
- Lânseigen floara yn Madagaskar
- Lânseigen floara yn Malawy
- Lânseigen floara yn Mozambyk
- Lânseigen floara yn Nigearia
- Lânseigen floara yn Rûanda
- Lânseigen floara yn Sambia
- Lânseigen floara yn Sierra Leöane
- Lânseigen floara yn Simbabwe
- Lânseigen floara yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen floara yn Somaalje
- Lânseigen floara yn Súd-Afrika
- Lânseigen floara yn Súd-Sûdan
- Lânseigen floara yn Swazylân
- Lânseigen floara yn Tanzania
- Lânseigen floara yn Togo
- Lânseigen floara yn Tsjaad
- Lânseigen floara yn Uganda

