Geslachtsorgaan

In geslachtsorgaan of geslachtsdiel is in orgaan fan eukaryoatyske mearsellige organismen dy't yn it foarste plak foar de geslachtlike fuortplanting tsjinje. In synonym foar dit begryp is genitaliën, in meartalsfoarm sûnder inkeltal (fan it Latynske genitalia, de meartalsfoarm fan genitalis, dat "oangeande generaasje" of "oangeande berte" betsjut). Geslachtsorganen binne beskiedend foar de fruchtberens. Der bestiet in grut ferskaat oan soarten mei geslachtlike fuorplanting, dy't elts spesifike eigen geslachtsorganen besitte mei ûnderskie foar it manlike en it froulike geslacht. Prokaryoaten hawwe lykwols gjin geslachtsorganen om't se har op ûngeslachtlike wize fuortplantsje troch seldieling (spesifyk troch binêre dieling of knopfoarming).
Planten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De primêre fuortplantingsorganen fan lânplanten, dêr't û.o. moassen, fearplanten, neakensieddigen en bedutsensieddigen ta hearre, binne de gametangia (inkeltal: gametangium): de froulike archegoania (inkeltal: archegoanium) en de manlike anteridia (inkeltal: anteridium). Dy orgaantsjes binne fan mikroskopyske ôfmjittings en benammen by de neaken- en bedutsensieddigen sterk redusearre en amper noch waarnimber. De lânplanten wurde karakterisearre troch in generaasjewikseling en in kearnfazewikseling: de haploïde gametofyt-faze (haplofaze) wikselet ôf mei de diploïde sporofyt-faze (diplofaze).
Moassen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de moassen is it moasplantsje de haploïde gametofyt, dy't de archegoania en de anteridia foarmet. De yn it anteridium produsearre siedsellen swimme nei it archegoanium ta en befruchtsje dêr de aaisel. Nei de befruchting kin de foarme sygoate útgroeie ta in diploïde sporofyt, wêryn't troch meioaze de haploïde spoaren produsearre wurde.
Fearplanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fearplant is de diploïde sporofyt. Dy foarmet de haploïde spoaren yn 'e sporangia. De spoaren groeie út ta de gametofyten. Dêr sitte de archegoania en de anteridia op. De yn it anteridium foarme siedsellen swimme nei it archegoanium ta en befruchtsje dêr de aaisel. By fearplanten is der sa in ôfwikseling fan yndividuën: in goed ûntwikkele sporofyt wikselet ôf mei in lytse gametofyt. By guon soarten is de gametofyt noch selsstannich groeiend, mar by de measte soarten ûntjout de gametofyt him binnen de spoarewand.
Siedplanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By bedutsensieddigen is de sporofyt de selsstannige plant. De geslachtsorganen fan 'e bedutsensieddige planten binne yn prinsipe de archegoania en de anteridia. Dy besteane mar út in pear sellen en binne sterk redusearre. De manlike moaltriedden en de froulike stamper wurde by bedutsensieddigen beskôge as de eigentlike geslachtsorganen om't dêryn de manlike geslachtssellen, resp. de (froulike) aaisellen foarme wurde. Fierdere struktueren, lykas kegelskobben, tsjelk of blomkroan, omjouwe de moaltriedden en stamper.
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de measte bisten (sûchdieren, fûgels, reptilen en amfibyen) wurde de klieren dêr't de geslachtssellen produsearre wurde, de gonaden neamd. De froulike gonaden binne de aaistokken (of ovaria), dêr't de aaisellen ûntsteane. De manlike gonaden binne de testikels (of testes), dêr't de siedsellen (of spermatozoïden) foarme wurde. De haploïde aaisellen en de haploïde siedsellen wurde allebeide produsearre troch meioatyske dielings. Sadree't de aaisel befruchte is, groeit út 'e diploïde sygoate fia de stadia fan it embryo en de foetus in nij diploïde organisme, dat sels wer geslachtssellen foarmje kin.
| In penis (l.) en in fulva (rj.), ûntdien fan skamhier. | |
De measte sûchdieren hawwe sawol ynwindige as útwindige geslachtsorganen. Oan 'e hân fan 'e útwindige geslachtsorganen kin by fee of húsdieren, of bisten dy't yn dieretunen holden wurde, it geslacht bepaald wurde. Dat wurdt benammen by jonge bisten dien en hjit seksen.
By de minske (en in protte oare sûchdieren) binne de manlike útwindige geslachtsorganen de penis en de balsek (of it skroatum). It froulike útwindige geslachtsorgaan is de fulva (dy't bestiet út 'e klitoris en de skamlippen). De fagina, dy't faak as de froulike wjergader fan 'e penis neamd wurdt, is strikt nommen de ynwindige skie. De ynwindige manlike geslachtorganen binne de testikels, en de ynwindige froulike geslachtsorganen binne de fagina, it limoer en de aaistokken. By de minske wurde de útwindige geslachtsorganen ek wol de skamte neamd, om't se yn in protte kultueren in ûnderwerp fan sjêne binne.
Patology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seksueel oerdraachbere oandwanings wurde trochjûn fia kontakt mei de geslachtsorganen. Slimme swierrichheden mei de geslachtsorganen kinne liede ta ûnfruchtberens. Geslachtssykten hawwe lykwols net altyd of útslutend betrekking op 'e geslachtsorganen sels, en likemin op 'e fruchtberens. It kin allegearre folle minder, en yn guon gefallen kinne sokke sykten sels deadlik wêze. In foarbyld dêrfan wurdt foarme troch de begjinstadia fan 'e AIDS-epidemy yn 'e 1980-er en 1990-er jierren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
