Springe nei ynhâld

Geslachtlike fuortplanting

Ut Wikipedy
Geslachtlike fuortplanting by miggen.

Geslachtlike fuortplanting, seksuele fuortplanting of seksuele reproduksje is in foarm fan fuortplanting dy't plakfynt wannear't twa ferskillende yndividuën harren DNA by de befruchting, troch de ferraning fan twa haploïde geslachtssellen (gameten), kombinearje ta ien neikommeling. Geslachtlike fuortplanting komt foar by eukaryoaten.

De kombinearring fan DNA is ornaris inkeld mooglik nei't troch meioatyske seldieling (ek bekend as reduksjedieling of ripingsdieling) by de foarming fan 'e geslachtssellen it tal gromosomen midstwa dien is (haploïdy). As twa geslachtssellen mei-inoar ferrane, wurdt it tal gromosomen ferdûbele en berikt it dus wer syn oarspronklike (diploïde) oantal. Allinnich is dan de iene helte ôfkomstich fan it iene âlder-organisme, en de oare helte fan it oare âlderorganisme. By organismen dy't har op geslachtlike wize fuortplantsje, bestiet alsa in kearnfazewikseling, wêrby't de haplofaze en de diplofaze inoar ôfwikselje.

Der bestiet in grut ferskaat oan libbensykly, wêrby't de foarming fan 'e haploïde geslachtssellen op ferskillende mominten fan 'e syklus plakfine kin. Dizze foarming fan geslachtssellen kin sadwaande foarkomme yn in diploïde generaasje troch meioaze, lykas by bisten, mar by in protte groepen (bgl. by planten) bestiet der in haploïde generaasje dy't de geslachtssellen foarmet troch gewoane mitoatyske seldielings.

De befruchting begjint mei de ferraning fan 'e geslachtssellen en wurdt foltôge mei de ferraning fan 'e selkearnen fan 'e geslachtssellen. De sygoate, dy't dêrby ûntstiet, is diploïde, wat sizze wol dat dy dûbel safolle gromosoamen hat as de haploïde geslachtsellen. Der bestiet gâns fariaasje oangeande de fierdere ûntwikkeling fan 'e sygoate, dy't ôfhinklik is fan it type libbenssyklus fan 'e oangeande groep organismen. By in protte groepen, lykas bisten en planten, groeit de sygoate út ta in diploïde generaasje, mar by oare groepen mei in sygoatyske syklus kin de sygoate him troch meioaze diele en fuortplantingssellen foarmje.

Geslachtlike fuortplanting hat as foardiel dat in populaasje him frij flot oanpasse kin oan syn om-en-by. Dat spilet neffens de evolúsjeteory in wichtige rol yn 'e evolúsje: troch natuerlike seleksje sille organismen mei minne genetyske ynformaasje har minder fluch fuortplantsje.

It tsjinstelde fan geslachtlike fuortplanting is ûngeslachtlike fuortplanting. Dêrby is mar ien âlderorganisme belutsen. Der fynt dan dus gjin kombinearring plak fan it DNA fan twa ferskillende organismen troch befruchting.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.