Gertrudistsjerke (Baard)

Ut Wikipedy
Gertrudistsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Baard
adres Dekemawei 6
koördinaten 53° 08' N 5° 40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Gertrudis fan Nijvel
Arsjitektuer
boujier 1876
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8468
Webside
PKN-gemeente Lankmeamert
Kaart
Gertrudistsjerke (Fryslân)
Gertrudistsjerke

De Gertrudistsjerke oan 'e Dekemawei yn Baard is ien fan de tsjerkegebouwen fan de protestanske gemeente Lankmeamert, dêr't ek de doarpen Winsum en Easterlittens ûnder falle.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skilderij patroanhillige fan Giovanni Dalessi

De tsjerke fan Baard waard yn 1876 boud en ferfong doe in âldere tsjerke. De earste tsjerke yn Baard waard likernôch om 1250 hinne boud. Mooglik wie dat in houten gebou, dat letter ferfongen waard troch in tsjerke fan stien. Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke ferskate kearen op 'e nij boud.

Yn de katolike tiid foel de oan Gertrudis fan Nijvel wijde tsjerke ûnder it dekanaat Winsum. De bân mei Winsum bleau ek nei reformaasje bestean: altiten hat Baard de dûmny dield mei Winsum. Doe't de eardere herfoarme tsjerke in PKN-tsjerke waard, krige de tsjerke de namme fan de hillige werom.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de lêste restauraasje ein 20e iuw waard it doophek mear de tsjerke yn set en ferhuze de preekstoel fan út it koer nei de súdlike muorre om sa de tsjerke ek foar oare aktiviteiten geskikt te meitsjen. Yn de tsjerke bleaune de banken foar de manlju (rjochts) en froulju (lofts) bewarre.

Under de flier is út de roomske tiid de alterstien weromfûn en restaurearre.

De patroanhillige wurdt yn it koer oan de muorre dêr't eartiids de preekstoel stie betocht mei in skilderij fan Giovanni Dalessi (Eindhoven, 1964).

Yn de foartsjerke binne yn de muorre twa 14e-iuwske read Bremersânstiennen bernesarkjes fan it Dekemaskaai ynmitsele.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de foltôging fan de tsjerke boude Bakker & Timmenga yn 1878 it oargel fan de Gertrudistsjerke. It ienmanualige ynstrumint op it stuit (2018) net mear te bespyljen en tsjerke en doarp binne warber om it jild (€ 60.000), dat needsaaklik is foar de restauraasje, yn te sammeljen.[1]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: