Gerrit Smith Miller jr.
| Gerrit Smith Miller jr. | ||
![]() | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Gerrit Smith Miller jr. | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 6 desimber 1869 | |
| berteplak | Peterboro (New York) | |
| stoarn | 24 febrewaris 1956 | |
| stjerplak | Washington, D.C. | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | biolooch | |
| aktyf as | publisist | |
| jierren aktyf | 1894 – 1954 | |
Gerrit Smith Miller jr. (Peterboro, 6 desimber 1869 – Washington, D.C., 24 febrewaris 1956) wie in Amerikaansk soölooch, spesjalisearre yn sûchdieren, en botanikus.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerrit Smith Miller jr. waard yn 1869 berne yn Peterboro, yn 'e Amerikaanske steat New York. Hy kaam út in rike famylje mei sawol Ingelske as Nederlânske woartels. Syn oerpake wie de sakeman, politikus en abolisjonist Gerrit Smith. Syn heit wie de feehâlder Gerrit Smith Miller.
Miller studearre yn 1894 ôf oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard yn Cambridge (Massachusetts). Neitiid wurke er op it Amerikaansk Ministearje fan Lânbou ûnder de foaroansteande soölooch C. Hart Merriam. Yn 1898 waard er troch it Amerikaansk Nasjonaal Museum yn Washington, D.C. oannommen as assistint-konservator fan 'e ôfdieling sûchdieren, dêr't er fan 1909 oant 1940 konservator wie. De lêste sechstjin jier fan syn libben wied er ferbûn oan 'e ôfdieling biology fan it Smithsonian Ynstitút, ek yn Washington, D.C.
Op it mêd fan 'e soölogy spesjalisearre Miller him yn 'e mammalogy, de stúdzje fan sûchdieren. Sa makke er yn 1906 in reis nei Frankryk, Spanje en de stêd Tanger yn it doetiidske Sultanaat Marokko, mei as doel om spesimina te sammeljen fan noch ûnbeskreaune lytsere sûchdieren. Op it mêd fan 'e botany kaam foar Miller de auteursôfkoarting G.S.Mill. yn gebrûk.
Yn 1915 publisearre er de resultaten fan syn ûndersyk nei de saneamde Piltdownman, dat in iere minskeftige wêze soe dy't opdobbe wie yn Ingelân. Miller konkludearre dat it fossyl fan 'e ûnderkaak eins ôfkomstich wie fan in fossile minskaap en dat it fossylfragmint fan 'e plasse fan in moderne minske wie. Mei oare wurden: de Piltdownman wie in ferfalsking. Dat late yn Ingelân ta in grut skandaal, mar it die bliken dat Miller gelyk hie.
Yn 1921 waard Miller keazen ta lid fan 'e Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Wittenskippen. Yn 1934 waard him troch de Akademy fan Natoerwittenskippen fan Philadelphia de Leidy Award takend. Yn 1939 waard er ta lid keazen fan it prestizjeuze Amerikaansk Filosofysk Genoatskip. Gerrit Smith Miller jr. kaam op 24 febrewaris 1956 yn Washington, D.C. te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 86 jier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

