Gerrit Jacob Boekenoogen

Ut Wikipedy
Gerrit Jacob Boekenoogen

Gerrit Jacob Boekenoogen (Wormerveer, 18 april 1868Leien, 26 augustus 1930) wie in taalkundige dy't in Saansk wurdboek it ljocht sjen liet.

Boekenoogen wie in soan fan in keapman. Nei de legere skoalle en it gymnasium studearre Boekenoogen Nederlânske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Doe't er healwei de stúdzje wie, gie syn learmaster J. Verdam nei de Universiteit Leien. Boekenoogen folge him nei Leien en studearre dêr 1893 ôf. Hy wijde him dêr oan syn proefskrift, en promovearre yn 1896 cum laude op in dissertaasje mei de titel De Zaansche volkstaal. Bijdrage tot de kennis van den woordenschat in Noord-Holland; yn 1897 ferskynde in hannelsedysje fan it proefskrift.

Oant syn ferstjerren wie Boekenoogen redakteur by it Woordenboek der Nederlandsche Taal. Fierders wie er dwaande mei mearkes, rimelderij en folksferhalen. Teffens wie meidogger oan de Nederlandse Volksboeken fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde.

Boekenoogen bleau frijfeint. Hy stoar mei 62 jier yn Leien en waard op it Leienske begraafplak Rhijnhof te hôf brocht.

Fan De Zaansche volkstaal ferskynde 2004 de tredde folslein fannijs hifke printinge, oanfolle en bewurke troch Klaas Woudt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]