Springe nei ynhâld

Germanikus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Germanicus Julius Caesar)
In buste fan Germanikus (Palazzo Massimo alle Terme, earste helte earste iuw n.Kr.).

Germanikus, folút Germanikus Julius Caesar (15 f.Kr.-19 n.Kr.) wie in soan fan Nearo Klaudius Drusus en Antonia. Hy wie de âldere broer fan de lettere keizer Klaudius, in beppesizzer fan Livia, adoptyf-pakesizzer fan keizer Augustus en adoptyf-soan fan keizer Tibearius. Hy wie ien fan Rome's bêste generaals, en heart thús yn de rige Skipio, Marius, Sulla en Julius Agrikola.

Germanikus is foaral bekend wurden as in kundige kriichshear en in bysûnder populêr politikus yn de tiid dat Tibearius keizer wie fan it Romeinske ryk. Oan him hawwe de Romeinen te tanken dat der nei it ferlies fan Farus yn it Teutoburger Wâld wer oarder en rêst weromkearde oan de grins mei Germaanje. Hy focht mei súkses tsjin de Sjatten en Sjerusken oant en mei de Noardseekust.

Fan syn omke Tibearius mocht er nei de oerwinning in triomftocht hâlde yn Rome mar dizze wie wol fan betinken dat syn miich fanwege de grutte populêrens in gefaarlike rivaal wurde koe. Dêrom stjoerde hy him fuort nei Syrje yn 17. Germanikus rekke dêr belutsen by in skeel mei de pleatslik gûverneur Piso. Yn 19 kaam hy ynienen te ferstjerren, wierskynlik troch fergiftiging troch tadwaan fan Piso. Tibearius ferlear dêrmei net allinne in rivaal mar ek ien fan syn bêste generaals en in mooglike opfolger.

Germanikus wie troud mei Agrippina mei wa't hy 9 bern krige. Syn beide âldste soannen, Nearo Caesar en Drusus Caesar, waarden letter op befel fan Tibearius fermoarde. Syn jongste soan Gaius soe úteinlik wol keizer Kaligula wurde. En in dochter fan him, dy't ek Agrippina hiet, waard de mem fan de neikommende keizer Nearo.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]