Springe nei ynhâld

Germaanske draak

Ut Wikipedy
De runestien U 871 út Uppland, yn Sweden lit in Germaanske draak (read) sjen.

In Germaanske draak is in mytysk bist ôfkomstich út 'e mytology en folkloare fan 'e Germaanske folken, dat kwa skaaimerken sterk ôfwykt fan hoe't in draak ornaris foarsteld wurdt. Ynstee fan in mei skobben bepânsere lichem mei fjouwer poaten, in lange sturt en twa flearmûseftige wjukken op 'e rêch hat in Germaanske draak de foarm fan in gigantyske slange, sûnder poaten of wjukken.

Yn it Aldingelsk wurdt dit wêzen in wyrm neamd, yn it Aldnoarsk in ormr en yn it Aldheechdútsk in wurm; allegearre oantsjuttings dy't "slange" betsjutte en deselde woartel hawwe as it hjoeddeistige Fryske wurd "wjirm". 'Gewoane' draken besteane yn 'e Germaanske mytology njonken Germaanske draken, en wurde oantsjut mei in oare namme (Aldingelsk: draca, Aldnoarsk: dreki, Aldheechdútsk: trahho). Yn lettere folksferhalen begjinne de beide soarten mytyske bisten lykwols gear te fallen, wêrby't Germaanske draken wat langer wat mear skaaimerken (lykas it hawwen fan wjukken) fan 'gewoane' draken oernimme.

De Germaanske draak Jǫrmungandr spuit atter op 'e god Thor ûnder de einichste striid fan Ragnarǫk. (Skilderij fan Emil Doepler út 1905.)

Bekende Germaanske draken út 'e Midsiuwske literatuer fan 'e Germaanske talen binne de nammeleaze draak dêr't de held Beowulf troch deade wurdt oan 'e ein fan it epysk gedicht Beowulf; Fáfnir, dy't in sintrale rol spilet yn 'e Völsung-syklus; Níðhǫggr, de draak dy't neffens de Edda's oan 'e woartels fan 'e wrâldbeam Yggdrasil gnaut; en Jǫrmungandr, ek bekend as de Midgardslang, de grutte seeslange dy't de minskewrâld omjout, in bern fan 'e god Loki en de iisreuzinne Angrboða.

Germaanske draken wurde faak assosjearre mei in skat dy't se bewekje en dêr't se op lizze. Dat motyf soe ôfkomstich wêze kinne fan in âlde siswize út 'e Germaanske folkloare, dy't hawwe wol dat wat ûnder in Germaanske draak leit, like hurd groeit as de draak sels. Dat soe dus betsjutte dat Germaanske draken op har skat lizze om dy oanwinne te litten, in bytsje sa't fûgels op har nêst sitte om in aai út te brieden. Germaanske draken kinne soms fjoer spuie (lykas de draak dy't Beowulf deadet), mar faker spuie se in kâlde floeistof, atter of eter (besibbe oan it Fryske wurd otter, pus út in swolm), dy't op in oare manear baarnt, ferlykber mei sâltsoer. Dat motyf is mooglik basearre op slangegif.

Yn 'e Midsiuwen waarden Germaanske draken gauris ôfbylde op artefakten, lykas runestiennen, helms en de boechsprieten fan drakeboaten (dy't dêrom sa hieten). Ek komme se foar as houtfykwurken yn 'e âlde steaftsjerken fan Noarwegen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.