Gerben Jacobus Hoitsma
| Gerben Jacobus Hoitsma | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Gerben Jacobus Hoitsma | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 28 oktober 1892 | |
| berteplak | Berltsum | |
| stjerdatum | 27 novimber 1968 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| PC | 1914 | |
| debút | 1910 | |
| karriêre-ein | 1928 | |
| ekstra | 1× PC kening (1914) | |
Gerben Jacobus Hoitsma (Berltsum, 28 oktober 1892 - Ljouwert, 27 novimber 1968[1] ) wie in aktyf keatser tusken 1910 en 1928. Hy helle 87 punten foar it ivich keatsklassemint Yn 1914 wûn Hoitsma tegearre mei Rinse Jan Hendrik Brink en Rein Zaagemans de PC en waard ta kening keazen.
Op dizze PC-dei sloech Hoitsma in bal safier út dat dy op de merk achter de boppeline yn in pot mei soere hjerring fan in fiskeapman bedarre. De pot wie folslein oan gruzeleminten. De fiskeapman wie sa ûnder de yndruk fan dizze hearakles, dat er him nei ôfrin fan de partij in bosk rikke iel skonk. De keats karriêre op it heechste nivo fan de bliere en oeral ynsetbere Hoitsma wie fan koarte doer. Op in atletykwedstriid yn it leger mei in luitenant, om in grutte doaze sigaren, knapte der mei it spearsmiten wat yn it skouder en dêrnei wie it mei it keatsen dien. Hoitsma hat noch jierrenlang hjir de pine fan ûnderfûn.
Om 1940 hinne krige Hoitsma ferver fan berop, in leadfergiftiging en hjirút folgjende ferlammingsferskynsels. Hoitsma kocht, mei dêrtroch, in sigaresaak yn Ljouwert. Neist keatsen hold er him dwaande mei it skriuwen fan revu's, toanielstikken.
Gerben Jacobus Hoitsma ferstoar op 27 novimber 1968, yn 'e âldens fan 76 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |