Gerhardus Wijnandus Bruinsma
Gerhardus Wijnandus Bruinsma (Ljouwert, 1 septimber 1840 – Breda, 21 desimber 1914) wie in Nederlânske arts.
Heit wie eigner fan in katoenfabryk en koe letter rintenierje. Gerhardus studearre genêskunde oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1866 promovearre. Dêrnei waard er genêshear en yn 1870 troude er yn Dalfsen mei de yn Haarlim berne M.G.P. Stoop.
Tegearre mei syn broer V.J. Bruinsma (1850-1916) skreau er yn 1878 it boekje De kwakzalverij met geneesmiddelen en de middelen om haar te bestrijden. Een boek voor allen, die hun gezondheid en hun beurs liefhebben. Yn 1881 stifte er mei deselde broer de Ferieniging tsjin de Kwaksalverij. Neist dokter yn Steenbergen wie hy ek de earste foarsitter fan dy feriening en redakteur fan it ferieningsblêd. Fierders wie er jierrenlang ûnderfoarsitter fan it Nederlandsch Landbouwcomité.
Neidat Bruinsma yn 1897 mei dokterjen ophold, ferhuze er nei Breda dêr't er letter yn de âldens fan 74 jier stoar.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iets over bloederziekte (1866, dissertaasje)
- De kwakzalverij met geneesmiddelen en de middelen om haar te bestrijden. Een boek voor allen, die hun gezondheid en hun beurs liefhebben (1878), in 1880 herdrukt als De hedendaagsche kwakzalver (met Vitus Bruinsma)
- Geneeskundig wetboek van Nederland (1879)
- De geneeskundige wetgeving in Nederland en de ontwerpen tot herziening. Yn De Gids (jiergong 50)
- De werkzaamheden der gezondheids-commissiën. Yn De Gids (jiergong 68)