Springe nei ynhâld

Gerhard Stöck

Ut Wikipedy
Gerhard Stöck
sporter
Gerhard Stöck (1936)
Gerhard Stöck (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerhard Karl Eduard Stöck
nasjonaliteit West-Dútsk
bertedatum 28 july 1911
berteplak Kaiserswalde
stjerdatum 29 maart 1985
stjerplak Hamburg
lingte 1.84 m
gewicht 90 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Kûgelstjitten,
Spearsmiten
O.S. Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936,
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 1936,
Sulver grut sulver 1x EK 1938

Gerhard Karl Eduard Stöck (Kaiserswalde, 28 july 1911 - Hamburg, 29 maart 1985) wie in Dútsk kûgelstjitter en spearsmiter.

Hy die ien kear mei oan it Europeesk kampioenskip, en ien kear oan de Olympyske Winterspullen yn 1936. Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen spearsmiten mei in ôfstân fan 71.84 meter, by it kûgelstjitten waard Stöck tredde mei 71.84 meter, en behelle yn 1938 yn Parys by it Europeesk kampioenskip in sulveren medalje by it kûgelstjitten.

Stöck hie in graad yn filology en wurke sûnt 1938 as learaar. Earder yn 1933 waard er lid fan de paramilitêre nazy-organisaasje, de Sturmabteilung (SA), en waard yn 1944 promovearre ta SA-Sturmbannführer. Yn de oanrin nei Operaasje Uranus wie Stöck dejinge dy't in ferwachte Sovjetoanfal dy dei melde oan de difyzje fan generaal Schmidt, dizze oanfal wie de earste fan de operaasje. It berjocht waard lykwols net trochjûn oan Schmidt om't tocht waard dat it wer in falsk alarm wie.

Nei de Twadde Wrâldkriich bleau er meidwaan oan wedstriden oant it begjin fan de jierren 1950, dêrnei wurke er as sportbestjoerder. Hy tsjinne as Chef de Mission fan it feriene Dútske Olympyske team yn 1956 en 1960 en as plakferfangend Chef de Mission yn 1964.

Syn militêre aktiviteiten út it ferline kamen pas oan it ljocht nei syn dea yn 1985. Der waard ûnder oare ûntdutsen dat er syn bertejier ferfalske fan 1911 nei 1910. Gerhard Stöck ferstoar op 29 maart 1985, yn 'e âldens fan 73 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:DE