Springe nei ynhâld

Gerben Koster

Ut Wikipedy
Germ Koster
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGerben Koster
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum20 maaie 1891
berteplakDokkum
stjerdatum1 april 1981
stjerplakDokkum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
PC1927
debút1910
karriêre-ein1933
ekstra1× PC kening (1927)

Gerben (Germ) Koster (Dokkum, 20 maaie 1891 - dêre, 1 april 1981 wie in Frysk keatser.

Koster helle 288 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1927 wûn er mei Sake Zijlstra fan Bitgum en Rinze Werkhoven fan Frjentsjer de PC. Gerben Koster waard ta kening útroppen.

Koster wie yn it fjild in rêstige, sympatike, sportive, taktyske spiler. Hy begûn as perkspiler en waard letter, as gefolch fan in net optimaal funksjonearjende earm, opslagger. Hy wie loftshandich en koe geweldich útslaan. Syn opslach mocht der ek wêze, want de ballen fleagen as kûgels nei it perk. Syn grutte klasse manifestearre er op de Bûnspartij, dat er fiif kear foar de keatsferiening Oostergo út Dokkum wist te winnen.
Gerben Koster ferstoar op 1 april 1981 yn de âldens fan 89 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: