Springe nei ynhâld

Gerardus Willem Hendrik Esselink

Ut Wikipedy
Boargemaster G.W.H. Esselink

Gerardus Willem Hendrik Esselink (Sliedrecht, 18 augustus 1894Renkum, 24 septimber 1966) wie in Nederlânske politikus.

Hy wie in soan fan dûmny Gradus Willem Hendrik Esselink (1854-1916) en Aletta Maria Filippo (1859-1950). Hy wie amtner by de gemeentesekretary fan Delfsyl ear't er yn 1917 gemeentesekretaris fan Adorp waard. Yn 1923 folge dêr syn beneaming ta boargemaster en yn 1933 waard er de boargemaster fan Ferwerderadiel dêrt er Lodewijk Wezeman opfolge. Nei't er yn novimber 1944 dien krige waard de pro-Dútske Johannes Werkhoven boargemaster fan Ferwerderadiel. Nei de befrijing yn april 1945 koe Esselink weromkomme as boargemaster. Hy soe dat amt besette oant syn pensjoenearring yn septimber 1959.

Esselink stoar yn 1966 yn de âldens fan 72 jier.