Gerard de Kruijff
Appearance
| Gerard de Kruijff | ||
| Gerard de Kruijff mei Va-t-en (1928) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Gerard Pieter de Kruijff | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 27 jannewaris 1890 | |
| berteplak | Buren | |
| stjerdatum | 16 oktober 1968 | |
| stjerplak | Dimter | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Hynstesport | |
| ûnderdiel | Eventing, Springen | |
| O.S. | Parys 1924, Amsterdam 1928 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Gerard Pieter de Kruijff (Buren, 27 jannewaris 1890 - Dimter, 16 oktober 1968) wie in Nederlânsk legeroffisier en hynstesporter.
Sportkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Parys en Amsterdam Olympysk kampioen mei it Nederlânske eventing team, yn Amsterdam wûn er yndividueel in sulveren medalje by it eventing efter Charles Pahud de Mortanges. Op dyselde spullen die er ek mei oan it springen. Mei it Nederlânske spring team helle er in 10e plak en yn de yndividuele wedstriid waard er 27ste.
Gerard de Kruijff ferstoar op 16 oktober 1968, yn 'e âldens fan 78 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
