George William Joy
| George William Joy | ||
| Selsportret (1900) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 7 july 1844 | |
| berteplak | Dublin | |
| stoarn | 28 oktober 1925 (82 jier) | |
| stjerplak | Purbrook, Hampshire | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | Skilder fan sjenrestikken, histoaryske sênes en oriïntalistyske tema's | |
| streaming | Oriïntalist | |
George William Joy (Dublin, 7 july 1844 - Purbrook, 28 oktober 1925) wie in Ierske keunstskilder dy't yn Londen wurke.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Joy wie de soan fan William Bruce Joy en de broer fan byldhouwer Albert Bruce-Joy, neikommelingen fan in âlde Hugenoatefamylje dy't him yn 1612 yn County Antrim nei wenjen sette.
Hy soe oarspronklik it leger yn en wie ek in betûft fioelespiler. Nei in foetblessuere op jonge jierren ferklearre syn heit him ûngeskikt foar militêre tsjinst. Joy waard doe oplaat oan de Harrow School yn Londen en folge úteinlik in karriêre as keunstner. Hy studearre fierders oan de South Kensington School of Art yn Londen en letter oan de Royal Academy of Arts ûnder John Everett Millais, Frederic Leighton en George Frederic Watts.
Yn 1868 gie Joy nei Parys dêr't er twa jier learling wie fan Charles-François Jalabert en Léon Bonnat. Dêr moete er masters lykas Gérôme, Cabanel, Jules Breton, Jules Lefebvre en Philippe Rousseau.
Werom yn Londen fêstige Joy him as in skiednis- en sjenreskilder, en eksposearre er faak by de Royal Academy, de Salon des artistes français en de Royal Hibernian Academy. Hy waard yn 1895 lid fan it Royal Institute of Oil Painters.
Om syn iere militêre ambysjes te befredigjen, gie Joy nei de Artists Rifles, dêr't er bekend waard as in goede skutter, en fertsjintwurdige er Ierlân ferskate kearen. Hy brocht in protte winters troch yn Swanage (Dorset) fan 1896 ôf en gie úteinlik mei pinsjoen yn Purbrook. Beide soannen sneuvelen yn 1915 ûnder de Earste Wrâldoarloch.
- A dinner of herbs
- The Bayswater Omnibus
- The Death of General Gordon, Khartoum, 26 January 1885 (1893)
- An English Drummer Boy (1902)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory George William Joy fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
