Georg Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Ut Wikipedy

Georg Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Eanjum?, 14 oktober 1637 - Eanjum, 15 novimber 1674) wie grytman fan East-Dongeradiel.

Wie hear fan Vischhuizen en Wiarden, de ienige soan fan Johannes Onuphrius baron thoe Schwartzenberg, wie troud mei Helena Maria fan Schwartzenberg, (*16 septimber 1646), dochter fan Willem baron thoe Schwartzenberg en Jannette Tjarda fan Starckenborg, by wa't hy fjouwer bern hie. Lei op 5 maart 1653 de eed fan grytman fan East-Dongeradiel ôf. Yn 1671 wie hy mei Philips fan Humalda, Ried ordinaris oan it Hof fan Fryslân, kommittearde ta it oanlizzen fan de nije stienen slûs fan Ezumazyl, wêroan de earste stien lein waard troch syn soantsje Wilco, âld sân, en Frans fan Humalda, soantsje fan boppeneamde Philips, âld tsien jierren. Als kommissaris polityk wenne hy yn 1671 de Synoade fan Boalsert by. Hy wenne krektas syn heit op de Holdingastate

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: