George Roth
| George Roth | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | George Helm Roth | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 25 april 1911 | |
| berteplak | Los Angeles | |
| stjerdatum | 31 oktober 1997 | |
| stjerplak | Los Angeles | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Turnen | |
| O.S. | Los Angeles 1932 | |
| wichtige prestaasjes | ||
George Helm Roth (Los Angeles, 25 april 1911 - Dêre, 31 oktober 1997 ) wie in Amerikaansk turner.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, mei de Yndiaanske knotsen behelle hy 26.9 punten. Yn de tiid fan de Spullen fan 1932 wie Roth wurkleas. Hy naam iten mei nei hûs út it Olympysk Doarp wei om syn frou en poppe te fieden, en nei't er syn Olympysk goud yn ûntfangst naam hie, moast er liftsjend nei hûs.
Nei de Spullen fûn er in baan yn it ramt fan in programma dat diel útmakke fan de "New Deal" fan presidint Roosevelt (ferlykber mei de wurkferskaffing yn deselde tiid yn Nederlân) en úteinlik waard er oannommen by Shell as geologysk tekener. Hy begûn mei jûnsûnderwiis en studearre nei acht jier ôf yn geology en petroaljetechnyk. Yn 1952 rjochte er syn eigen advysburo op.
George Roth ferstoar op 31 oktober 1997 yn 'e âldens fan 86 jier.
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Olympyske Simmerspullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | Plak | Resultaten |
|---|---|---|
| 1932 | Los Angeles |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|