Springe nei ynhâld

George Gulack

Ut Wikipedy
George Gulack
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGeorge Julius Gulack
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum12 maaie 1905
berteplakRiga Flagge fan Keizerryk Ruslân
stjerdatum27 july 1987
stjerplakBoca Raton flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Letsk
sportive ynformaasje
sportTurnen
O.S.Los Angeles 1932
debút1921
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

George Julius Gulack (Riga, Keizerryk Ruslân, 12 maaie 1905 - Boca Raton, Feriene Steaten, 27 july 1987) wie in Amerikaansk turner fan Letsk komôf.

Yn syn jeugd yn Letlân ferdielde George Gulack syn tiid tusken turnjen, dêr't er yn 1921 nasjonaal mearkamp kampioen waard, en atletyk, mar doe't er yn 1922 nei Amearika kaam, wie er in wedstriidgymnast. Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de ringen mei 56.9 punten. Nei syn sportkariêre waard er bestjoerder by ferskate Amerikaanske gymnastykorganisaasjes.
George Gulack ferstoar op 27 july 1987, yn 'e âldens fan 82 jier.

Olympyske Simmerspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Plak Resultaten
1932 Feriene Steaten
Los Angeles
Goud Ringen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: