Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1899-1985)
| Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1899-1985) | ||
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 9 oktober 1899 | |
| berteplak | Paramaribo | |
| stjerdatum | 13 april 1985 | |
| stjerplak | Arnhim | |
| partij | CHU | |
| Boargemaster fan Nieuw- en Sint Joosland | ||
| amtsperioade | 1928-1934 | |
| Boargemaster fan Gaasterlân | ||
| amtsperioade | 1934-1964 | |
| foargonger | Harmannus Gaaikema | |
| opfolger | Hector Livius Sixma van Heemstra | |
Georg Wolfgang Carel Duco Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Paramaribo, 9 oktober 1899 – Arnhim, 13 april 1985) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.
Hy wie in soan fan George Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1864-1945) en Adriana Magdalena Snouck Hurgronje (1871-1955). Syn heit, berne yn Seelân, wie griffier oan it Hof fan Justysje yn Suriname en letter presidint fan it hof yn Middelburch.
Hy waard yn 1928 beneamd ta boargemaster fan de Sieuske gemeente Nieuw- en Sint Joosland. Yn 1934 folge syn beneaming ta boargemaster fan Gaasterlân. Om't der twifele waard oer syn hâlding foar de Dútske besetters oer, waard Siemand de Jong (kommandant fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften) koart nei de befrijing yn april 1945 beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Gaasterlân. Koart dêrnei waard H.B. van der Goot (eardere wethâlder) dêr waarnimmend boargemaster. Yn april 1946 koe G.W.C.D. thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg syn âlde posysje weromnimme.
Hy gie yn novimber 1964 mei pinsjoen en ferstoar yn 1985 yn de âldens fan 85 jier.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) G.W.C.D baron thoe Schwartzenberg en HohenlansbergBurgemeester van Gaasterland van 15 mei 1934 – 31 oktober 1964 by www.gaasterlandinwo2.nl.