Geologysk Museum Hofland

Ut Wikipedy
Geologysk Museum Hofland
Nijbou

Geologysk Museum Hofland yn Laren, provinsje Noard-Hollân, is sûnt 1972 in geologysk museum yn it Alde tolhûs neist it Sint Janskerkhof, yn It Goai.

It gebiet hat in grut ferskaat oan lânskippen: feangebieten mei plassen yn it westen, in stuwwâl yn it sintrale diel en de flakke Iemfallei yn it easten.

It museum is ein jierren santich oprjochte yn nau oerlis mei de gemeente Laren. Basis foar de kolleksje wie de troch amateurgeolooch Lucas Hofland by syn ferstjerren yn 1969 neilitten swerfstienkolleksje. De kolleksje is dêrnei útwreide mei oare oanwinsten en skinkingen.

It museum stelt him as doel om by in breed publyk belangstelling foar de ierdkundige prosessen yn it Goai te toanen. Spesjale programma's en aktiviteiten foar bern op it mêd fan geology en archeology moatte dêrby helpe. Yn it museum is in tentoanstelling fan stiennen, mineralen en fossilen út de hiele wrâld. De eksposysjes en de stientetún toane it ferhaal fan it ûntstean fan it hielal, it earste libben op ierde oant de geologyske ûntstean fan It Goai.

It Geologysk Museum Hofland hat in eigen bestjoer en is sûnt 1999 opnomd yn it museumregister fan de Nederlânske Museumferiening. It museumdraait op frijwilligers mei in geologyske of natuerwittenskiplike eftergrûn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]