Genoatskipseilannen
| Genoatskipseilannen | ||
| It strân Ha‘apiti op it eilân Mo‘orea. | ||
| polityk en geografy | ||
| soarte gebiet | eilannegroep | |
| lân | ||
| oerseesk gebiet | ||
| haadplak | Papeete | |
| grutste plak | Fa‘a‘ā | |
| heechste punt | Orohena (2.241 m) | |
| tal eilannen | 14 | |
| wichtichste eil. | Tahity, Bora Bora, Mo‘orea, Ra‘iātea, Taha‘a, Huahine | |
| sifers | ||
| ynwennertal | 245.987 (2022) | |
| oerflak | 1.597,6 km² | |
| befolkingstichtens | 154,0 / km² | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –10.00 | |
| simmertiid | gjint | |
| koördinaten | 16°60′ S 150°20′ W | |
| kaart | ||
Lizzing fan 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje. | ||
De Genoatskipseilannen (Frânsk: Îles de la Société, útspr.: [il də la sɔʃeˈte], likernôch: "yl duh lah soh-sjee-tee", hoewol offisjeel Archipel de la Société, útspr.: [aʁʃiˈpɛl də la sɔʃeˈte], likernôch "ach-sjy-pel duh lah soh-sjee-tee"; Tahitiaansk: Tōtaiete Mā) binne in arsjipel yn 'e Stille Súdsee. De eilannen meitsje bestjoerlik diel út fan Frânsk-Polyneezje, in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk. Geografysk hearre se ta de gruttere regio Polyneezje. Der binne fjirtjin eilannen, dy't útinoar falle yn twa groepen: de Underwynske Eilannen en de Boppewynske Eilannen De wichtichste eilannen binne: Tahity, Bora Bora, Mo‘orea, Ra‘iātea, Taha‘a en Huahine. De Genoatskipseilannen tankje har namme oan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Yn 2022 hiene de eilannen in befolking fan 246.000 minsken.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e Genoatskipseilannen, oarspronklik inkeld bedoeld foar de Underwynske Eilannen, komt fan 'e achttjinde-iuwske Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Dyselde fûn dat dy eilannen sa deun byinoar leine, dat se, yn it Ingelsk sein, in close society ("yn nei selskip") wiene. Mar it wurd society betsjut bûten dy kontekst ornaris "genoatskip", dat sadwaande.
Der wurdt ek wol sein dat de namme in earbetoan is oan it Keninklik Genoatskip (fan Londen foar de Ferbettering fan 'e Kennis fan 'e Natoer), dat de reis fan Cook finansierde, mar dat is in kontroversjele opfetting. Cook sels skreau yn 1769 oer de nammejouwing fan 'e eilannen yn syn lochboek inkeld it folgjende: "Oan dizze seis eilannen […], mei't se nei-oan inoar lizze, joech ik de namme fan Genoatskipseilannen, mar ik fûn it net betamsum om se apart te ûnderskieden mei lykfol hokker oare nammen as dyselden dêr't se ûnder bekend binne by de lânseigen befolking."
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Genoatskipseilannen lizze yn 'e sintrale Stille Oseaan, en meitsje geografysk diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje. Bestjoerlik foarmje de Genoatskipseilannen mei fjouwer oare arsjipellen (de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen) Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit. De Genoatskipseilannen lizze it fierst nei it westen ta fan alle eilannegroepen fan Frânsk-Polyneezje. Se lizze bewesten de Tûamotû-eilannen en benoarden de Australeilannen, beëasten de Cookeilannen, in gebiet dat ôfhinklik is fan Nij-Seelân, en besuden de Line-eilannen, dy't ta Kiribaty hearre. De Genoatskipseilannen hawwe in mienskiplik oerflak fan 1.598 km² oan lân.
De Genoatskipseilannen binne op te dielen yn twa helten: de Underwynske Eilannen (Frânsk: Îles Sous-le-Vent), dy't it westlikst lizze, en de Boppewynske Eilannen (Frânsk: Îles du Vent), mear nei it easten ta. De Underwynske Eilannen besteane út 5 hege, fulkanyske eilannen en 4 atollen, wylst de Boppewynske Eilannen 4 hege eilannen en 1 atol omfetsje. Fan it westen nei it easten binne de eilannen:
- Underwynske Eilannen
- Boppewynske Eilannen
De Boppewynske Eilannen binne it tichtstbefolke part fan Frânsk-Polyneezje, mei as wichtichste eilân Tahity, dêr't de haadstêd Papeete leit, en ek it heechste punt fan Frânsk-Polyneezje, de berch de Orohena, mei in hichte fan 2.241 m boppe seenivo. It bekendste eilân fan 'e Underwynske Eilannen is de lúkse fakânsjebestimming Bora Bora.

Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Genoatskipseilannen binne in eilannestring dy't foarme is troch in fulkanyske hotspot, krekt sa't dat bygelyks by de bekendere Hawaï-eilannen it gefal is. En krektlyk as by de Hawaï-eilannen is ek de eilannestring fan 'e Genoatskipeilannen oriïntearre fan it eastsúdeasten nei it westnoardwesten, parallel oan 'e beweging fan 'e Pasifyske Plaat. Troch de beweging fan dy tektoanyske plaat oer de fulkanyske hotspot hinne nimt de âldens fan 'e eilannen ôf fan 5 miljoen jier yn it gefal fan Maupiti oant minder as 1 miljoen jier foar wat Meheti‘a oangiet. Dat lêste eilân leit op dit stuit rjocht boppe de hotspot.
Maupiti, it âldste en noardwestlikste fulkanyske eilân fan 'e arsjipel (de eilannen dy't noch fierder nei it noardwesten lizzen binne atollen) is in sterk erodearre skyldfulkaan mei teminsten tolve tinne lavastreamen dy't op likefolle fulkaanútbarstings wize. Dy fûnen plak tusken 4.790.000 en 4.050.000 jier lyn. Bora Bora is in oare sterk erodearre skyldfulkaan, besteande út basaltstreamen dy't datearje fan tusken 3.830.000 en 3.100.000 jier lyn. Taha‘a bestiet út basalt ôfkomstich út in skyldfulkaan dat 3.390.000 jier âld is, folge troch lettere útbarstings omtrint 2.200.000 jier lyn. Ra‘iātea bestiet út basalt fan in skyldfulkaan mei dêroerhinne trachityske lavastreamen, datearjend fan 2.750.000 oant 2.290.000 jier lyn.
Huahine is opmakke út it basalt fan twa mei-inoar ferraande skyldfulkanen, Huahine Nui ("Grut-Huahine") en Huahine Iti ("Lyts-Huahine"), mei dêroerhinne ferskate lettere trachyfonolityske lavastreamen, datearjend fan 3.080.000 oant 2.060.000 jier lyn. Mo‘orea is foarme troch teminsten sechstjin ûnderskate basaltstreamen út in skyldfulkaan en lettere lavastreamen, dy't 2.150.000 oant 1.360.000 jier âld binne. En Tahity (Tahiti), ta einsluten, is krekt as Huahine in ferraning fan twa skyldfulkanen fan basaltstien, Tahiti Nui en Tahiti Iti. Dy binne 1.670.000 oant 250.000 jier âld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fêstiging fan minsklike bewenners op 'e Genoatskipseilannen wie ûnderdiel fan it saneamde Grutte Polynezyske Folkeferfarren, dat neffens antropologen en histoarisy om 1500 f.Kr. úteinsette. Dêrby waarden oer in perioade fan likernôch 2.500 jier de eilannen yn 'e Stille Súdsee kolonisearre. De Genoatskipseilannen waarden troch de Polynezyske seefarders yn it earste milennium fan 'e Westerske jiertelling befolke. Guon saakkundigen hâlde it op likernôch 300 (n.Kr.), wylst oaren miene dat it pas om it jier 1000 hinne barde. De Genoatskipseilanners sels leauden dat har oarsprong alteast foar in diel fan 'e goaden kaam, yn 't bysûnder fan 'e befearre god Ta‘aroa, dy't troch syn koïtus mei de Ierde op it eilân Ra‘iātea de oare goaden skoep. De hege haadlju of ari‘i rahi fan 'e Genoatskipseilanners soene streekrjocht fan dy goaden ôfstamme wêze, sa'n fjirtich generaasjes yn it ferline (rekkene út 'e achttjinde iuw wei).

(Skilderij fan John Cleveley de Jongere, te sjen yn it Nasjonaal Maritym Museum te Greenwich.)
De Genoatskipseilannen kamen foar it earst yn it fizier fan Jeropeaanske seefarders nei't de Nederlanner Jacob Roggeveen yn 1722, op in ekspedysje foar de Westyndyske Kompanjy (WIC), kartografysk de lokaasje fan twa fan 'e eilannen fêstlein hie, wêrûnder Bora Bora. De earste Westerling dy't de eilannen ek wier-wier oandie, wie nei alle gedachten de Ingelsman Samuel Wallis, dy't yn 1767 mei syn skip de HMS Dolphin op Tahity lâne. Yn 1768 waard Tahity op 'e nij troch Jeropeänen besocht; diskear troch de Frânske ekspedysje fan 'e ealman Louis Antoine de Bougainville.
Wer in jier letter, yn 1769, arrivearre by itselde eilân in Britske ekspedysje ûnder lieding fan James Cook. Dyselde soe noch twaris nei it eilân weromkeare, yn 1773 en yn 1777, foar't er yn dat lêste jier fermoarde waard by de ûntdekking fan Hawaï. Yn 1772 joech don Manuel de Amat, de Spaanske ûnderkening fan 'e koloanje Perû, opdracht foar in nije ekspedysje nei Tahity ûnder lieding fan Domingo de Bonechea. Dyselde wie de earste Jeropeaan dy't behalven Tahity alle wichtige eilannen fan 'e Genoatskipseilannen ferkende. Yn 1774 fêstigen de Spanjerts in eigen delsetting op Tahity, dy't lykwols gjin lang libben beskern wie.
Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ferskynden de earste Westerske sindelingen op 'e Genoatskipseilannen. Leden fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), setten har yn 1797 permanint del yn 'e arsjipel. Omtrint dy tiid wiene de Genoatskipseilannen opdield yn fjouwer ûnôfhinklike keninkriken: it Keninkryk Tahity mei de eilannen Tahity, Mo‘orea, Teti‘aroa en Meheti‘a, it Keninkryk Huahine mei de eilannen Huahine en Mai‘ao, it Keninkryk Raiatea mei de eilannen Ra‘iātea en Taha‘a en it Keninkryk Bora Bora mei de eilannen Bora Bora, Tūpai, Maupiti, Maupiha‘ā, Manuae en Motu One. It machtichste keninkryk wie Tahity, om't dat fierwei de grutste befolking hie. Troch ynterne rebûlje moast kening Pōmare II fan Tahity yn 1803 de wyk nimme nei Mo‘orea. Troch syn ferswakke politike sitewaasje stied er mear iepen foar stipe wêr't er dy ek mar krije koe, en yn 1812 liet er him troch sindelingen fan it LMS dope.
Frânske roomske misjonarissen, yn 'e persoanen fan Honoré Laval en François Caret, arrivearren pas yn 1834 op Tahity, doe't it protestantisme dêr al stevich fêstige wie. Doe't de beide mannen yn 1836, nei't se deilis rekke wiene mei keninginne Pōmare IV en de Britske sindelingen, fan it eilân ferdreaun waarden, stjoerde Frankryk om ferhaal te heljen in kanonnearboat, dy't yn 1838 oankaam. Om te bewissigjen dat roomske misjonarissen talitten wurde soene, fêstige Frankryk yn 1842 in protektoraat oer it Keninkryk Tahity. Yn namme is in protektoraat in ûnôfhinklik lân dat troch in grutmacht yn beskerming nommen wurdt tsjin oare grutmachten, mar feitliks kaam de sitewaasje derop del dat Tahity in Frânske koloanje waard, dêr't de keninginne en har regear inkeld noch dulde waarden en gjin selsstannige besluten mear nimme koene.

De Frânske kolonisaasje fan it gebiet gie net sûnder slach of stjit. It koloniale bestjoer oer Tahity en de Boppewynske Eilannen koe pas goed fêstige wurde nei't de Frânsen it lânseigen ferset de kop yndrukt hiene yn 'e Frânsk-Tahitiaanske Oarloch fan 1844–1847. Oan 'e ein fan dat konflikt sleat Frankryk mei it Feriene Keninkryk in ferdrach, de Konvinsje fan Jarnac (1847), wêryn't fêstlein waard dat de beide Jeropeeske grutmachten de ûnôfhinklikheid fan 'e keninkriken Raiatea, Huahine en Bora Bora yn 'e Underwynske Eilannen respektearje soene. Mar Frankryk lape dy oerienkomst yn 1888 oan syn lears en kolonisearre de steatsjes dochs. Dat late ta de Underwynske Oarloch, dy't duorre oant 1897.
Yn 1843 wie op Tahity it plak Papeete stifte, dêr't it Frânske koloniale bestjoer residearre en dat neitiid de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje wurde soe. Yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, waard Papeete by it saneamde Bombardemint fan Papeete besketten troch Dútske marineskippen. Dêrby kamen ferskate ynwenners om en waard gâns skea oanrjochte. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wegere it koloniaal bestjoer fan it doetiidske Frânsk-Polyneezje him oan te sluten by Vichy-Frankryk, dat winliken in marionetterezjym fan nazy-Dútslân wie. Ynstee erkende de koloanje yn 1940 it regear-yn-ballingskip dat ûnder lieding fan Charles de Gaulle troch de Frije Frânsen yn 'e Britske haadstêd Londen fêstige wie. Dat hie as gefolch dat in protte Genoatskipseilanners yn 'e neikommende jierren fan 'e oarloch yn 'e striidkrêften fan 'e Frije Frânsen tsjinnen en tsjin 'e Dútsers fochten.
Nei ôfrîn fan 'e oarloch waard Frânsk-Polyneezje yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan 'e Genoatskipseilannen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings.

Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan 'e Genoatskipseilannen stipet benammen op it toerisme. Fral Tahity en Bora Bora binne bekende fakânsjebestimmings foar lju út Jeropa en Noard-Amearika dy't wat te besteegjen hawwe. Fierders wurdt der benammen oan fiskerij en oan bou fan grienten en fruit dien. Subsidiëarring fan 'e regionale ekonomy troch it Frânske regear makket de Genoatskipseilannen (en hiele Frânsk-Polyneezje) woltierender as in protte ûnôfhinklike lannen yn 'e Stille Súdsee.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Genoatskipseilannen meitsje diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit en fan in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk. Bestjoerlik is dat gebiet ferdield yn fiif 'bestjoerlike ûnderferdielings' (Frânsk: subdivisions administratives), wêrfan't twa yn 'e Genoatskipseilannen lizze: de Underwynske Eilannen en de de Boppewynske Eilannen. Oan it haad fan sokke bestjoerlike ûnderferdielings stiet in 'ryksbestjoerder' (administrateur de l'état), dy't soms ek 'haad fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling' (chef de la subdivision administrative) neamd wurdt. Sokken binne oanstelde amtners ûnder de hege kommissaris fan 'e republyk en de presidint fan Frânsk-Polyneezje.
De Underwynske Eilannen en trije fan 'e oare bestjoerlike ûnderferdielings foarmje elts ek in desintralisearre ûnderferdieling fan it regear fan Frânsk-Polyneezje, in saneamd 'distrikt' (circonscription). Oan it haad fan sa'n distrikt stiet in 'territoriaal bestjoerder' (administrateur territorial), dy't lykwols almeast oantsjut wurdt mei de Tahitiaanske term tavana hau. Dyselde fiert pleatslik de besluten út fan it regionale regear en rapportearret streekrjocht oan 'e presidint. Yn 'e Boppewynske Eilannen, dy't ommers fuort om 'e haadstêd Papeete hinne lizze, fiert it regear syn eigen besluten streekrjocht út en oefenet de presidint sels de taken fan 'e tavana hau út, sadat dy funksje dêr oerstallich is.
De bestjoerlike ûnderferdielings binne sels wer bestjoerlik ûnderferdield yn gemeenten (communes).
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hiene de Genoatskipseilannen doe 245.987 ynwenners. Dat komt del op 88,2% fan 'e hiele befolking fan Frânsk-Polyneezje. De befolkingstichtens fan 'e Genoatskipseilannen bedroech 154 minsken de km² (wêrby't allinnich lân meirekkene is). It tichtstbefolke eilân wie fansels Tahity, dêr't de haadstêd Papeete leit, en dêr't 68,7% fan 'e befolking fan hiel Frânsk-Polyneezje wennet. Papeete allinnich al hie yn 2017 in ynwennertal fan 137.000 minsken, oftewol 49,1% fan 'e totale befolking fan Frânsk-Polyneezje. De stêd is trouwens bestjoerlik opdield yn ferskate gemeenten (communes), en de gemeente mei de measte ynwenners is net Papeete sels, mar Fa‘a‘ā (ek skreaun as Faaa), dêr't yn 2022 krapoan 30.000 minsken wennen.

Etnysk bestiet fierwei it grutste part fan 'e befolking fan 'e Genoatskipseilannen út lânseigen Polyneezjers, hoewol't benammen yn Papeete ek oansjenlike etnysk Frânske en Sineeske minderheden wenje. De lânseigen Polynezyske befolking fan 'e arsjipel bestiet út ien etnyske groep dy't nei it wichtichste eilân Tahitianen neamd wurde. In oare oantsjutting foar dyselden is de lânseigen namme Maohi, mar dêr wurde ek de oare Polynezyske etnyske groepen yn Frânsk-Polyneezje ûnder beflapt. Yn 2017 wiene der sa'n 211.000 etnyske Tahitianen yn Frânsk-Polyneezje, wat delkaam op 76,5% fan 'e doetiidske totale befolking. De lânseigen taal fan 'e Genoatskipseilannen is it Tahitiaansk, dat ta de Polynezyske taalkloft heart. It is mei ôfstân de grutste lânseigen taal fan Frânsk-Polyneezje, mar wie yn 2007 de memmetaal fan noch mar 68.000 minsken, oftewol 32,3% fan 'e etnyske groep. Fral op Tahity is in grut part fan 'e lânseigen befolking oergien op it sprekken fan Frânsk, dat de iennichste offisjele taal fan Frânsk-Polyneezje is.
It grutste part fan 'e befolking fan 'e Genoatskipseilannen bestiet út kristenen, mar de measte lju binne protestantsk ynstee fan roomsk, wat opmerklik is foar in oerseesk gebietsdiel fan in tradisjoneel roomsk lân lykas Frankryk. De oarsaak leit yn 'e iere bekearing ta it kristendom fan in grut part fan 'e lânseigen befolking fan 'e Genoatskipseilannen troch kalvinistyske sindelingen fan it Ingelske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS). It grutste tsjerkegenoatskip op 'e arsjipel is tsjintwurdich sadwaande de Protestantske Tsjerke fan 'e Maohi. Leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke foarmje op 'e Genoatskipseilannen, benammen op Tahity, in grutte minderheid fan by 38% fan 'e befolking om. Der bestiet in libbene oekumene tusken de beide tsjerken en de skerpe religieuze tsjinstellings út 'e njoggentjinde iuw besteane al lang net mear.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Genoatskipseilannen hawwe in tropysk klimaat mei in tige hege luchtfochtichheid, sadat it der it hiele jier rûn tige near is. De binne mar twa jiertiden: in waarme reintiid, dy't rint fan novimber oant en mei april, en in relatyf koele drûge tiid, dy't duorret fan maaie oant en mei oktober. Yn Papeete, op Tahity, rint de trochsneed maksimumtemperatuer oerdeis yn maart, de waarmste moanne, op oant 33 °C. Yn augustus, de kâldste moanne, leit dy temperatuer om 'e 31 °C hinne. Fan april oant en mei juny kinne der tyfoanen oer de eilannen tsjen, dy't bytiden gâns skea oanrjochtsje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
