Springe nei ynhâld

Genhout

Ut Wikipedy
Genhout
Hubertustsjerke
Hubertustsjerke
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Limburch
gemeente Beek
Sifers
Ynwennertal1138 (2025) [1]
Oerflak1,77 km²
Oar
Koördinaten50°55' N 5°49' E
Offisjele webside
www.genhout.nl
Kaart
Genhout (Limburch)
Genhout

Genhout is in doarp yn it suden fan 'e Nederlânske provinsje Limburch. It plak heart by de gemeente Beek en it leit op in heuvelplato súdeastlik dêrfan. Oarspronklik bestie Genhout út twa aparte plakken: Grut Genhout en de buorkskip Lyts Genhout. Hjoed-de-dei foarmje de plakken ien gehiel, mar yn 'e folksmûle wurdt der noch jimmeroan oer twa aparte plakken praat. Op 'e wite plaknammebuorden dy't njonken de offisjele blauwe buorden set binne, stean allinne de âlde nammen yn it lokale dialekt. Tusken Grut Genhout en Lyts Genhout lizze mar in pear tsientallen meters.

De oan 'e hillige Hubertus wijde tsjerke stiet yn Grut Genhout en is in ûntwerp fan arsjitekt Alphons Boosten. Troch dy yn 1937 boude tsjerke waard Grut Genhout in doarp, dat langer net by de parochy fan Beek hearde.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Sint-Hubertusmûne út 1801 is in houten standermûne en stiet oan 'e wei fan Schimmert nei Beek. De mûne draait regelmjittich.
  • De Sint-Hubertustsjerke is yn 1937 ûnder arsjitektuer fan Alphons Boosten út Maastricht boud. Oan it ynterieur wurken ferskillende Limburchske keunstners mei. It tsjerkegebou is fan giele bakstien boud en de 42 m hege toer hat in opfallende, mei koper dutsen spits.
  • It kriichsmonumint by de tsjerke út 1955 is makke troch Frans Timmermans
  • Oan 'e Grootgenhouterstraat 20 stiet súdeastslik fan it doarp de Sint-Hubertuskapel.
  • It doarp telt twa monumintale pleatsen yn 'e buorskip Printhagen út 1744 en 1806.
  • Fierder binne noch ferskate oare pleaten en fakwurkhûzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: