Springe nei ynhâld

Gemert-Bakel

Ut Wikipedy
Gemert-Bakel
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Gemert
Oerflak 123,34 km²[1]
  •  dêrfan lân 122.07 km²
  •  dêrfan wetter 1,27 km²
Ynwennertal 31.464 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 258 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0492, 0493
Postkoade(s) 5420-5425, 5760-5764
www.gemert-bakel.nl

Gemert-Bakel is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 31.464 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 123,62 km². De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch in fúzje fan 'e eardere gemeente Gemert en de gemeente Bakel en Milheeze. Germert-Bakel makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven.

De gemeente Gemert-Bakel bestiet út sân offisjele tsjerkedoarpen:

Ien fan 'e âldste doarpen yn 'e regio is Bakel. It plak waard foar it earst neamd yn 714 en it hat ferskate histoaryske gebouwen, lykas de Sint-Willibrordustsjerke en in standermûne út 1752. Yn Bakel is it Museum De Tolbrug mei in kolleksje âld lânboureau en oar ark. Yn it doarp stiet in Latynske Skoalle en de mûne De Bijenkorf.

De Mortel is in agrarysk doarp dat yn 'e 14e iuw ûntstie. It is bekend fanwegen de Mediatower, in 127,7 meter hege kommunikaasjetoer dy't ek in nêstplak is foar falken. De tsjerke fan De Mortel stamt út it jier 1902.

Sûnt 1875 waard in skieppepleats mei de namme De Rips boud, dy't njonken wat houten en liemen hutten it iennige wenhûs fan 'e Peel wie. De Rips is in jong doarp dat yn 1921 ûntstie en planmjittich troch de Heidemij (tsjintwurdich Arcadis) oanlein waard. It doarp waard boud mei in tsjerke, skoalle en wenten foar arbeiders.

Elsendorp is yn it begjin fan 'e 20e iuw stifte as in agraryske koloanje. It doarp is ferneamd nei de yn Gemert berne pastoar van den Elsen, dy't in wichtige rol spile yn 'e ûntwikkeling fan it gebiet. Yn 1927 is yn it doarp in protestantske tsjerke en pastorije boud.

It grutste doarp en it bestjoerlik sintrum fan 'e gemeente is Gemert. It doarp hat in rike skiednis mei ûnder oaren it midsiuwske kastiel fan de Dútske Oarder en it Boerenbondsmuseum. Net fier fan it kastiel stiet de Unthalzing fan Sint-Jântsjerke út 1437. De Volksvriend is in rûne boppekruier út 1888 oan 'e Oudestraat rjochting De Mortel. De Bijenkorf is in yn 1975 werboude stellingmûne.

It âldste Marije-beafeartsplak yn Noard-Brabân is Handel, mei in skiednis dy't oant 1368 werom giet. Handel lûkt noch jimmeroan tûzenen pylgers nei de Marije-kapel. Efter de tsjerke leit in prosesjepark út 1910. Yn it plak stiet ek in Natuer Edukatyf Sintrum.

Milheeze ûntstie yn 'e lette midsiuwen. De Sint-Willibrordustsjerke is boud yn 1844-1845. Yn Milheeze stiet oan 'e wei fan Bakel nei Milheeze de bultmûne Laurentia út 1893. Oant 1966 wie Milheeze ûnderdiel fan 'e gemeente Bakel en Milheeze.

  • De Stippelberg is in grut boskgebiet mei heide eastlik fan Bakel tsjin de grins mei de provinsje Limburch.[2]
  • It Beestenveld by Milheeze en De Rips is in kombinaasje fan natuerlik bosk en oanplante bosken.[3]
  • De Bunthorst is in natoergebiet tusken De Rips en Bakel mei drûge heide, bosk en natuerlike greide.[4]
  • De Grotelsche Heide leit tusken Bakel en De Mortel en hat in hege ekologyske wearde mei ferskate plantesoarten.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje