Springe nei ynhâld

Gemeenteplysje

Ut Wikipedy
Gemeenteplysje
Gemeentepolitie
algemiene ynformaasje
namme folút Gemeentepolitie
lân Nederlânsk
haadkertier ferskaat
oprjochte 1945
opheft 1993
falt ûnder gemeenten
opgien yn Regiokorpsen
doel hanthavening fan wet en oarder

De Gemeenteplysje (Nederlânsk en offisjeel: Gemeentepolitie) is in eardere plysjetsjinst (of eins in kategory ûnderskate plysjetsjinsten) yn Nederlân. De Gemeenteplysje bestie yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw njonken de Ryksplysje.

De Gemeenteplysje waard oprjochte yn 1945. Eltse gemeente mei mear as 25.000 ynwenners krige doe syn eigen plysjekorps. Yn gemeenten mei minder ynwenners wie de Ryksplysje ferantwurdlik foar de hanthavening fan wet en oarder. In útsûndering wie de gemeente Baarn, dy't minder as 25.000 ynwenners hie, mar dêr't dochs in eigen plysjekorps oprjochte waard yn ferbân mei de oanwêzigens yn dy gemeente fan 'e residinsje fan it Keninklik Hûs op Paleis Soestdijk. Yn 1993 gie de Gemeenteplysje yn 'e mande mei de Ryksplysje op yn 'e Regiokorpsen, dy't yn 2013 op har beurt opgiene yn 'e Nasjonale Plysje.

De boargemaster fan 'e oangeande gemeente wie tagelyk it haad fan 'e Gemeenteplysje dêre en as sadanich ferantwurdlik foar it bewâld dêroer. De gemeenteried koe yn 'e riedsgearkomsten de boargemaster freegje om 'e plysje mear omtinken skinke te litten oan beskate saken. De boargemaster droech ferantwurdlikheid foar de iepenbiere oarder, wylst de ofsier fan justysje ferantwurdlik wie foar de strafrjochtlike aspekten. It belied fan 'e Gemeenteplysje waard bepaald yn it saneamde 'tripartite oerlis' tusken boargemaster, ofsier fan justysje en (haad)kommissaris, dat ek wol oantsjut waard as "de trijehoek".

It rangestelsel fan 'e Gemeenteplysje wie sa (fan leech nei heech):

kategory rang omskriuwing ynsynje
eksekutyf personiel aspirant 1 streek
agint 2 streken
haadagint 3 streken
brigadier swurd en kroan omjûn troch lauwerkrâns
adjudant* 1 stip
ofsieren aspirant hegere plysje-amtner 1 stjer
ynspekteur, amtner fan 'e 3e klasse 2 stjerren
ynspekteur, amtner fan 'e 2e klasse 3 stjerren
haadynspekteur, amtner fan 'e 2e klasse 1 balke mei 1 stjer
haadynspekteur, amtner fan 'e 1e klasse 1 balke mei 2 stjerren
kommissaris, amtner fan 'e 1e klasse 1 kroan
kommissaris, haadamtner fan 'e 3e klasse 1 kroan mei 1 stjer
kommissaris, haadamtner fan 'e 2e klasse 1 kroan mei 2 stjerren
haadkommissaris, haadamtner fan 'e 2e klasse 2 krúste swurden mei 1 stjer
haadkommissaris, haadamtner fan 'e 1e klasse 2 krúste swurden mei 2 stjerren

*) De rang fan adjudant kaam by de opheffing fan 'e Gemeenteplysje yn 1993 te ferfallen; alle adjudanten waarden doe automatysk befoardere ta ynspekteur.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: