Geldrop-Mierlo
| Geldrop-Mierlo | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Geldrop-Mierlo is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 40.708 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 31,39 km² (wêrfan 0,38 km² wetter).
De gemeente is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven. Buorgemeenten binne Nuenen, Gerwen en Nederwetten, Helmond, Someren, Heeze-Leende en Eindhoven.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2004 troch in fúzje fan 'e eardere aparte gemeenten Geldrop en Mierlo.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geldrop-Mierlo bestiet út de twa plakken Geldrop en Mierlo.
Geldrop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Geldrop bestie oant de jierren 1970 út de twa doarpen Geldrop en Heech Geldrop. Tusken 1970 en 2010 is der grutskalich boud, sadat de doarpen en buorskippen oan inoar fêstgroeiden. Fan 'e buorskippen bleau allinnich Gijzenrooi as sadanich bestean.
Yn Geldrop stiet de Brigidatsjerke, in opfallend tsjerkegebou fan Carl Weber út 1889-1891. De tsjerke is in wichtich religieus monumint yn 'e gemeente. 't Nupke yn Geldrop is in rûne stiennen bultmûne út 1843. Yn 1978 waard de mûne troch de gemeente oankocht en yn 1980 yn gebrûk nommen troch frijwillige mûnders. It kastiel Geldrop hat in rike skiednis en wurdt omfieme troch in kasteeltún.
Mierlo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foar 1970 wie Mierlo in lyts doarp mei in stik of wat buorskippen. In oantal dêrfan binne troch grutskalige wenningbouprojekten opnommen yn 'e bebouwing fan Geldrop. Oerbleaun binne: 't Broek, Goor, Heiderschoor, Overakker, Trimpert en Voortje.
De Sint-Lúsiatsjerke fan Mierlo is boud tusken 1856 en 1858 mei yn 'e toer noch dielen fan 'e midsiuwske toer. Yn Mierlo stiet de Elderske Mûne út 1851. Dêrnjonken stiet yn it doarp ek noch in standermûne út 1640. Mierlo hat ek in kastiel hân, wêrfan't it gebiet hjoed-de-dei in gemeentlik argeologysk monumint is. Yn Mierlo is in kriichstsjerkhôf mei de grêven fan 665 Britske militêren.
Argeology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1961 waard op 'e heide tusken Mierlo en Geldrop de Venus fan Mierlo fûn, in stien mei it ôfbyld fan in dûnsjend frommis. De tekening wurdt om 9.000 f.Kr. hinne datearre. It is de âldste artistike útdrukking dy't ea yn Nederlân fûn is.[2]
Argeologysk ûndersyk by Genoenhuis yn Geldrop yn 'e jierren 1980-1990 ûntduts gebouwen, wetterputten en grêven út de lette Merovingyske en iere Karolingyske tiid (650–750). Dêrmei is fêststeld dat it gebiet al ier bewenne waard.
Yn 2020 waarden tusken Luchen 2 en 8 yn Mierlo spoaren fûn fan ferskate pleatsen út de 14e oant en mei de 19e iuw. In bysûndere fynst wie in wetterput mei in folslein tsjil as fûnemint, datearre út de 18e iuw.[3]
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Molenheide is in gemeentlik bosk- en heidegebiet tusken Geldrop en Mierlo mei dobben lykas it Galgenven, Molenven en Lisven. It gebiet is ûnderdiel fan in griene ferbiningssône tusken de Strabrechtse Heide en de Papenvoortse Heide. Om de biodiversiteit te fergrutsjen wurdt it nullebosk yn in mear natuerlik leafbosk feroare.
Sang en Goorkens is in 122 hektare grut âld sompegebiet yn Mierlo. It 'Sang' is in wittenskiplik boskreservaat dêr't gjin behear plakfynt. Der binne kuierpaden lykas it "Rondje ’t Sang", mar fytsen en hynderriden binne net tastien fanwegen de kwetsbere natuer.[4]
De Coeveringse Heide is in gemeentlik natuergebiet oan 'e eastkant fan Geldrop tusken de Molenheide en de bebouwing. It bestiet fral út nullebosk, mar dy wurde ferfongen troch leafbeammen.
Gijzenrooi tusken Eindhoven en Geldrop stiet bekend as in griene long. Yn it sintrum leit in net tangonklik elzebroek. It Brabânsk Gea wurket dêr oan it fergrutsjen fan 'e natuerlike wearde troch it wieter te meitsjen en it oanlizzen fan hagebeamhagen.[5]. It gebiet is ryk oan amfibyën, mar ek de das en hoarnûlen komme foar.
De Strabrechtse Heide is in grut heidegebiet fan likernôch 1500 ha, dat foar grut part yn Geldrop-Mierlo leit. It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear en is wichtich foar fûgels. De floara bestiet út û.o. dopheide en sompeplanten.[6]
De Beekdelling fan 'e Lytse Dommel is ûntwikkele ta in rekreaasjegebiet mei fytspaden en kuierpaden.
De gemeente Geldrop-Mierlo hat ambysjes om de natuer te ferbetterjen troch it ferbinen fan ferskillende natoergebieten, it fergrutsjen fan 'e biodiversiteit en it oanpassen oan klimaatferoaring. Dêrby wurdt ynset op de oanlis fan hagen, houtsingels en sompen yn it agrarysk lânskip.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeenten yn Noard-Brabân | |
|---|---|
| Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |

