Gelasius II
| Gelasius II | ||
| amt en titulatuer | ||
| amt | paus fan Rome | |
| tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | bisdom Rome | |
| sit | Hillige Sit | |
| amtsperioade | 1118 - 1119 | |
| foargonger | Paschalis II | |
| opfolger | Kalikstus II | |
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Giovanni da Gaeta | |
| bertedatum | 1058 | |
| berteplak | Gaeta | |
| stjerdatum | 29 jannewaris 1119 | |
| stjerplak | Cluny | |
Paus Gelasius II wie fan 1118 oant 1119 paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Paus Gelasius waard yn 1058 as Giovanni Caetani (ek: Giovanni da Gaeta) yn Gaeta berne yn it suden fan Itaalje. Hy waard muonts yn 'e abdij fan Monte Cassino en dêrnei troch paus Urbanus II nei Rome roppen, dêr't er pauslik kânsler waard.
Pontifikaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 24 jannewaris 1118 waard Giovanni Caetani ienriedich as opfolger fan paus Paschalus II keazen. Syn pontifikaat foel gear mei in rûzige tiid, fral it konflikt tusken de paus en keizer Hindrik V fan it Hillige Roomske Ryk oer de beneaming fan tsjerklike amten, de saneamde ynvestituerstriid. De ferkiezing fan Gelasius ta paus waard troch Hindrik V swartmakke want Hindrik V hie in oare paus foar eagen: Maurice Bourdin, de aartsbiskop fan Braga. Fuort nei de ferkiezing waard Gelasius oerfallen troch oanhingers fan 'e keizer, de Romeinske aadlike famylje Frangipani. De paus waard mei geweld oermastere, mishannele en opsletten.
De finzenskip duorre lykwols net lang, want de Romeinske befolking en oare tsjerklike machthawwers stipen Gelasius II en hy waard al al gau wer frijlitten, mar syn posysje bleau wif en yn maart 1118 waard de paus ferdreaun út Rome. Maurice Bournin waard op 8 maart 1118 as tsjinpaus beneamd en besette de pauslike gebouwen, mar de measte kardinalen, de biskoppen bûten it keizerlike machtsgebiet en de measte ynfloedrike kleasters (lykas Cluny) bleaunen trou oan Gelasius.

Gelasius II flechte nei syn berteplak Gaeta, dêr't er op 9 maart 1118 ta pryster wijd waard en de oare deis de biskoplike wijing krige. Hy ekskommunisearre Hindrik V en de tsjinpaus en koe, ûnder Normandyske beskerming, yn july werom nei Rome. Mar de ûnrêst fan 'e keizersinnigen bleau oan en nei't de paus oanfallen waard troch oanhingers fan 'e keizer wylst dy de misse opdroech moast Gelasius nochris flechtsje.
Hy sette útein nei Frankryk, wijde ûnderweis de domtsjerke fan Pisa, en kaam yn oktober yn Marseille oan. Gelasius II waard optein yn Avignon, Montpellier en oare stêden ferwolkomme en hold yn Vienne yn jannewaris 1119 noch in synoade. Ek wie Gelasius II noch fan doel om in synoade te hâlden yn Reims, mar dy soe er net mear meimeitsje en waard yn it pontifikaat fan syn opfolger Kalikstus II holden. Gelasius II ferstoar op 29 jannewaris 1119 yn Cluny nei in pontifikaat fan noch gjin jier.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't Gelasius nea offisjeel hillich ferklearre waard, wurdt hy wol as hillich beskôge om't er stânfêstich hoek hold foar keizer Hindrik en de tsjinpaus oer. De dei dat er betocht wurdt is de dei fan syn ferstjerren, 29 jannewaris.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Pausen yn 'e 12e iuw | |||
|---|---|---|---|
|
Gelasius II · Kalikstus II · Honoarius II · Innosintius II · Selestinus II · Lusius II · Eugenius III · Anastasius IV · Adrianus IV · Aleksander III · Lusius III · Urbanus III · Gregoarius VIII · Klemins III · Selestinus III · Innosintius III |
|||
