Geiser (boarne)

Ut Wikipedy
Strokkur geiser, Yslân
Geiser

In geiser is in troch ierdwaarmte ferwaarme natuerlike hjitwetterboarne, dy't op min ofte mear fêste tiden in mingsel fan hjit wetter en stoom de loft yn spuitet. It is in fulkanysk ferskynsel.

De namme 'geiser' komt fan Geysir, de namme fan de bekendste geiser yn Yslân, wat op syn beurt ôflaat is fan it tiidwurd að gjósa dat 'spuitsjen/spuie' (fan in fulkaan of termyske boarne) betsjut.