Springe nei ynhâld

Geesteren (Oerisel)

Ut Wikipedy
Geesteren
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
GemeenteTubbergen
Sifers
Ynwennertal4.310 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade7667
Kaart
Geesteren (Oerisel)
Geesteren
Lizzing fan Geesteren yn Oerisel
Kaart
Lokaasje fan Geesteren yn 'e gemeente Tubbergen

Geesteren (Twintsk: Geester) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. It doarp telt 4.310 ynwenners (1 jannewaris 2023) en hat fan oarsprong foaral in roomsk-katolike befolking. It doarp heart ta it type fan 'e losse iesdoarpen.

Yn 1268 waard it doarp al fermeld as Geysteren. De ynwenners waarden yn it ferline faak as Papsleefn útskolden, al wurdt dit troch guon ynwenners fan Geesteren ek as in geuzenamme sjoen. De lokale karnavalsferiening is nei dizze skelnamme neamd. De omjouwing fan it doarp hat in soad, faak grutte en âlde, pleatsen, dy't tsjûgje fan in foaral earder bloeiende agraryske sektor. Histoaryske pleatsen binne ûnder oare te finen oan 'e Bragersweg, de Huyerenseweg en de Meyersweg.

De katolike tsjerke is wijd oan Sint-Pankratius en waard ûntwurpen troch Jan Stuyt. By de tsjerke stiet it oarlochsmonumint "Christus is opgestanden" (1952) fan Wim Harzing.

Yn 'e omjouwing fan it doarp stiet fierder in nôtmûne, de Grote Geesterse Molen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Sintraal Buro Statistyk, 2023

Tubbergen
Haadplak:
Tubbergen
Doarpen:
Albergen • Fleringen • Geesteren • Harbrinkhoek • Langeveen • Manderveen • Mariaparochie (foar in part) • Reutum • Vasse
Buorskippen:
Hezingen • Haarle • Hezingen • Klossehoek • Mander • West-Geesteren •
· · Berjocht bewurkje