Geeske Krol-Benedictus
| Geeske Krol-Benedictus | ||
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 18 juny 1931[1] | |
| berteplak | Stynsgea (Achtkarspelen)[1] | |
| stjerdatum | 25 desimber 2025[1] | |
| stjerplak | Drachten (Smellingerlân)[1] | |
| etnisiteit | ||
| partij | FNP | |
| fraksjefoarstitter fan 'e FNP-fraksje yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
| amtsperioade | 1980 – 1995 | |
| lid fan 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
| amtsperioade | 1978 – 1995 | |
| gemeenteriedslid fan Smellingerlân | ||
| amtsperioade | 1974 – 1984 | |
Geeske Krol-Benedictus (Stynsgea, 18 juny 1931 – Drachten, 25 desimber 2025)[1] wie in Frysk politika fan 'e FNP. Yn har karriêre wie se gemeenteriedslid, lid fan 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân en fraksjefoarsitter anneks listlûker fan 'e FNP-fraksje yn 'e Provinsjale Steaten.[2] Ek nei har weromlûken út 'e polityk bleau se anneks mei de FNP en oare frysksinnige organisaasjes, wêrûnder de Ried fan 'e Fryske Beweging.[2]
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid, oplieding en húshâlding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geeske Krol-Benedictus waard yn 1931 yn Stynsgea berne as Geeske Benedictus. Se groeide op yn in frysksinnige húshâlding. Oan 'e Lânbou-universiteit Wageningen folge se in oplieding ta lânboukundich yngenieur.[2] Yn 1964 troude se mei de yn it Grinslânske Uithuizermeeden berne Gerrit Jan Krol (1927–2015).[3] Mei him krige se twa bern, Durk en Doutsen.[1][3]
Foar it wurk fan har man brochten Krol-Benedictus en har húshâlding jierren yn it bûtenlân troch, earst yn Súd-Afrika en letter yn Brazylje, dêr't soan Durk yn 1970 yn Rio de Janeiro te wrâld kaam.[2] Nei't de húshâlding weromkeard wie yn Nederlân, wennen se earst ferskate jierren yn Ynskedee, dêr't dochter Doutsen yn 1973 berne waard.[2] Yn 1971 kochten Krol-Benedictus en de man al in lyts wâldhúske yn Boarnburgum oan, dêr't se har yn 1974 nei wenjen setten.[2]
Politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har weromkear yn Fryslân waard Krol-Benedictus fuortendaliks polityk aktyf foar de FNP. Hja kaam yn 1974 foar dy partij yn 'e gemeenteried fan Smellingerlân, dêr't se as ienmansfraksje operearre.[2] It wie de earste kear dat de FNP yn dy ried fertsjintwurdige wie.[2] Krol-Benedictus bleau gemeenteriedslid oant 1984, doe't se dat wurk net mear kombinearje koe mei de provinsjale polityk.[2]
Yn 1978 kaam Krol-Benedictus foar de FNP yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân.[2] Yn 'e kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings fan 1980 wie se al fraksjefoarsitter en listlûker.[2] Dat bleau se oant se har yn 1995 mei 64 jier út 'e polityk weromloek.[2] Yn har tiid as politika sette se har net inkeld yn foar de FNP, mar ek foar de Jeropeeske Frije Alliânsje, de Jeropeeske koepelorganisaasje foar minderheidspartijen dêr't de FNP by oansletten is.[2]
Ek nei't se opholden wie yn 'e polityk, bleau Krol-Benedictus noch lang aktyf anneks mei de FNP. By partijgearkomsten siet se ornaris op 'e foarste rige, yn 'e mande mei de frisiasten en trouwe FNP-leden Bertus Jans Postma (1929–2023) en Durk van der Schaaf (1939), beiden út Bitgummole.[2]
Bestjoerlik wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har politike karriêre wie Krol-Benedictus ek aktyf as bestjoerslid foar ferskate Fryske kulturele en maatskiplike organisaasjes. Sa siet se tolve jier lang yn it bestjoer fan 'e Ried fan 'e Fryske Beweging (RFB) en wie se fan 1974 ôf bestjoerlik behelle yn Stifting It Libbene Doarp, dy't letter omfoarme waard ta de Feriening fan Lytse Doarpen.[2] Nei't se út it bestjoer fan 'e RFB gien wie, bleau se noch lange tiid adviseur fan dy organisaasje.[2]
Lettere jierren en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krol-Benedictus, dy't sûnt 2015, nei in houlik fan 51 jier, widdo wie fan har man Gerrit Jan,[1][3] wenne oant op hege jierren selsstannich, earst yn Boarnburgum en letter yn Drachten. Yn 2023 besocht se mei 92 jier noch selsstnnich in partijgearkomste fan 'e FNP op It Hearrenfean.[2] Mar yn 2025 rekke Krol-Benedictus yn 'e minnichte, en wenne se noch koarte tiid yn it soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum.[2]
Geeske Krol-Benedictus kaam op 25 desimber 2025 yn har wenplak Drachten te ferstjerren yn 'e hege âlderdom fan 94 jier.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|