Springe nei ynhâld

Geert Pieters Cath

Ut Wikipedy
Pakhûs wat de namme draacht fan opdrachtjouwer
Pakhûs Cath koart nei 1900
Pakhûs Cath fan foar 1900 mei (nei alle betingsten) ien fan harren houten seetsjalken die ek de Eastsee befarre koenen. Efteroan, oan de Grienedyk, in Dútsk type seegeand skip mei de wriuwbongels bûten board.
Earste stien, net mear oanwêzich

Geert Pieters Cath (10 jannewaris 1792 - De Jouwer, 28 april 1867) wie in skipper en nôtkeapman op De Jouwer.[1]

Geart wie de soan fan Piter Lubberts Cath en Berber Gearts. Hy troude op 10 febrewaris 1822 mei Reinskjen Johannes Bokma (22 july 1797 - 26 febrewaris 1823). Nei it ferstjerren fan Reinskjen in jier letter, troude her op 8 july 1827 mei Geertje Innes Wielinga (31 july 1801 - 3 april 1881). Syn berteleppel wurdt bewarre yn it Frysk Museum. Boppe-oan de leppel stiet in sylskip.[2] Hy waard 75 jier en waard beïerdige op begraafplak Westermar.[3]

Bern fan Geert Pieters Cath en Reinskjen Johannes Bokma:

  • Pieter Cath (1828-1891)

Bern fan Geert Pieters Cath en Geertje Innes Wielinga:

  • Inne Geerts Cath (1828-1891)
  • Lubbert Geerts Cath (1830-1901)
  • Simke Geerts Cath (1832-1915)
  • Tjeerd Geerts Cath (1833-1834)
  • Tjeerd Geerts Cath (1835-1901)
  • Wouter Geerts Cath (1838-1902)
  • Berber Geerts Cath (1841-1895)

Bern fan Inne Geerts Cath en Maatje Klazes Bosma (1821-1900):

  • Klaas Innes Cath (1855-1931)

Bern fan Klaas Innes Cath en Sietske Heeres Borger (1855-1941):

  • Heero Cath (1884 - 1964)

Alde argiven wize út dat Geert Pieters Cath op 15 desimber 1845 in provisjoneel bod fan Pieter Taconis (túnker op de Jouwer) mei ien gûne ferheget. It gie om de iepenbiere ferkeap fan in stik grûn mei in wearde fan 631 gûne. Yn 1879 soe, nei ûntwerp fan Johannes (Heeres) Borger (1857 - 1900), it Pakhûs fan Fa. G.P. Cath en Zonen der op boud wurde. Geert Pieters Cath wie doe sels al ferstoarn. Op de gevel stiet de tekst: Graanhandel van G.P Cath en Zonen. Yn 1905 is der, nei in renovaasje, in nije earste stien lein troch Heero Cath. De arsjitekt fan it pakhûs wie in omke fan Heero en in broer en sweager fan Sietske Heeres Borger en Klaas Innes Cath.

Fa. G.P. Cath en Zonen, ea in rike hannelsfirma dy't hannele yn Ruslân, hie de tsjinslach dat dêr yn 1917 de Oktoberrevolúsje útbriek. Dat liede derta dat it pakhûs yn jannewaris 1918 ûnder de hammer gie. Keaper wie Krijn Keverling (1865 -1949), fabrikant op'e Jouwer. Nei't it pakhûs dêrnei ferskate eigeners hân hat is it sûnt 2022 yn hannen fan Stichting Het Kofschip op'e Jouwer. Fan ôf 1980 is Vereniging In de Vrijloop de iennichste hierder.

De feriening hat yn de rin fan de tiid ferskate sealen / romten yn it gebou realisearre. Sealen / romten foar 8 persoanen oant mear as 75 persoanen, in biljertseal mei trije biljerttafels, in houtwurkpleats en net te ferjitten in kringloopwinkel. De sealen binne ek te hier foar oare ferienings.

De N.V. Graanhandel v/h G.P. Cath en Zonen waard yn 1922 likwidearre.

Der binne neist Pakhûs Cath oan de Syl 13 op de Jouwer in tal histoaryske gebouwen neilitten, lykas dat oan de Midstrjitte nr. 20, it yn Jugendstil boude hûs derneist op nr. 18 en Geert Pieters Cath syn eigen hûs yn de Midstraat, nr. 57.

[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: