Geert Dales
| Geert Dales | ||
| Geert Dales yn 2019 | ||
| echte namme | Geert D. Dales | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 5 maart 1952 | |
| berteplak | Doetinchem | |
| partij | VVD (oant 2016) 50PLUS (fan 2016 ôf) | |
| Gemeenteriedslid fan Amsterdam | ||
| amtsperioade | 1998 - 2000 | |
| Wethâlder fan Amsterdam | ||
| amtsperioade | 2000 - 204 | |
| Boargemaster fan Ljouwert | ||
| amtsperioade | 2004 - 2007 | |
| foargonger | Margreeth de Boer | |
| opfolger | Ferd Crone | |
| Foarsitter fan 50PLUS | ||
| amtsperioade | 2018 - 2020 | |
| offisjele webside | ||
| www.geertdales.com | ||
Geert D. Dales (Doetinchem, 5 maart 1952) is in Nederlânsk politikus. Hy wie foar de VVD wethâlder yn Amsterdam en boargemaster fan Ljouwert. Fan 2018 oant 2020 wie er lanlik foarsitter fan de partij 50PLUS.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dales folge it leger ûnderwiis op de kristlike "Skoalle mei de Bibel". Dêrnei folge er de middelbere skoalle op in grifformeard-frijmakke hbs om dêrnei in rjochtestúdzje te dwaan. Fan 1981 oant 1987 wie er diplomaat foar de bûtenlânske tsjinst by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Dêrtroch kaam er yn Brussel by de Jeropeeske Kommisje, yn Bûdapest en De Haach te wurkjen. Yn 1982 promovearre er op in proefskrift oer it nocht en needsaak fan ynternasjonale oerienkomsten foar de stabilisaasje fan grûnstofprizen.
Fan 1988 oant 1991 wie er saaklik direkteur fan it Holland Festival/Stifting foar Bysûndere Keunstmanifestaasjes yn Amsterdam. Dêrnei fan 1991 oant 2000 wie er direkteur fan de Stifting Fûns foar byldzjende keunsten, foarmjouwing en boukeunst yn Amsterdam.
Yn 1998 gie er de polityk yn trochdat er foar de VVD ta lid fan de Amsterdamske gemeenteried keazen waard. Hy wie fan april 1999 oant febrewaris 2000 fraksjefoarsitter fand e VVD yn Amsterdam en fan 2000 ôf wie er wethâlder fan finânsjes, haven, lofthaven, personiel en organisaasje, fasilitêre bedriuwen, ninnenwetterbehear en sport. Yn 2001 kaam de Noard-Súdline dêrby. Dêroer rekke er yn opspraak. Hy soe de gemeentried mislaat ha om de line dertroch te krijen. Hy soe de kosten fierste leech foarsteld hawwe en soe fan de risiko's neat makke hawwe. In enkêtekommisje fan de gemeenteried kaam ein 2009 ta de konklúzje dat der fan mislieding gjin sprake wie, mar utere wol in soad krityk op beslútfoarmingsprosessen fan it begjin fan it projekt yn de jierren '80 en '90 ôf. Fan 2002 ôf wie er wethâlder fan finânsjes en ekonomyske saken en dêrnjonken wie er loko-boargemaster.
Mei yngong fan 1 maaie 2004 folge er Margreeth de Boer op as boargemaster fan Ljouwert en waard tagelyk korpsbehearder fan de plysjeregio Fryslân. Dêrmei waard er de earste VVD-boargemaster fan de Fryske haadstêd. Ek waard er lid fan it Fryske selskip Hearen Santjin, in selskip êr't bestjoerders út 'e oerheid en it bedriuwslibben netwurkje kinne. Hy bleau boargemaster oant 15 july 2007 doe't er foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Hegeskoalle InHolland yn De Haach.[1]
Op 11 oktober lei er syn funksje by InHolland del. De offisjele reden wie in ferskil yn ynsjoch mei de ried fan tafersjoch en de rest fan it kolleezje fan bestjoer oer de bestjoerstyl en bestjoerlike koerts dy't by de ûnderwiisynstelling nedich wie.
Yn 2018 kearde er werom yn 'e polityk en doe by de partij 50PLUS dêr't er foarsitter fan waard, nei't er yn 2016 lid ôf fan de VVD waard en lid fan 50PLUS waard. By de gemeenteriedsferkiezings yn Amsterdam waard er listoanfierder fan dy partij. Op 26 maaie dat jier waard er keazen ta lanlik foarsitter fan dy partij. Yn april 2020 makke er buorkundich dat er gadingamkker foar de Twadde Keamerferkiezings fan 2021 wêze soe. Dat late ta feret yn 'e partij. In tal provinsjale ôfdielingsfoarsitters en steateleden, de eardere partijfoarsitter Jan Nagel en alle folksfertsjintwurdigers yn 'e Earste Keamer en Twadde Keamer seine it betrouwen yn Dales op as partijfoarsitter. Har beswier wie benammen rjochte tsjin syn bestjoersstyl dy't as "te autokratysk" neamd waard. Op 24 maaie stapte er fuortendaliks op.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|