Geert Bakker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Geert Bakker (Ychten, 1927 - Snits, 2006) wie rektor fan de Noardlike Leargongen, ûnder tafersjoch fan de Fryske Akademy sûnt 1971. Hy wie learaar skiednis yn Ynskedee en Baarn (1953-1964), fan 1964-1971 by de Fryske Akademy foar it streekûndersyk yn Súdwest-Fryslân; sûnt 1974 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de PvdA.

Hy skreau Duitse geopolitiek 1919-1945, een imperialistische ideologie' (dissertaasje 1967), publisearre oer de Súdwesthoeke (û.o. De sted Warkum, 1967) en artikels yn tydskriften en bondels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: