Gedalja (bibelsk persoan)
Gedalja ben Achikam (Hebriuwsk: גְּדַלְיָהוּ בֶן-אֲחִיקָם, "JWHW is grut") waard yn it jier 587 f.Kr. nei de babyloanyske ferovering fan Juda troch kening Nebûkadnessar oansteld as lânfâd fan 'e provinsje Juda.
Syn heit wie Achikam, syn pake Sjafan. Dêrmei hearde Gedalja ta de stam fan 'e Sjafaniden. De Sjafaniden hiene foar en yn it begjin fan 'e babyloanyske ballingskip liedende posysjes yn 'e Judeeske maatskippij. Hja stiene yn nauwe ferbining mei de profeet Jeremía. En doe't Jeremía ris út namme fan God wurden spriek, dy't kening Jojakim net nei't sin wiene, wie it de heit fan Gedalja, dy't Jeremía de hân boppe de holle hold en him foar de dea beskermde.
Gedalja bestjoerde Juda fanút de stêd Mispa. Nei sân moannen yn funksje west te hawwen, waard er lykwols fermoarde troch Jismael ben Netanja, in man fan keninklike komôf. Ut benaudens foar wraak fan 'e kening fan Babel flechte de noch restearjende Judeeske befolking nei Egypte.[1][2][3]
Joaden betinke de moard op Gedalja op 'e tredde dei fan 'e moanne tisjri mei in fêsteldei.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |