Gedalja (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy

Gedalja ben Achikam (Hebriuwsk: גְּדַלְיָהוּ בֶן-אֲחִיקָם, "JWHW is grut") waard yn it jier 587 f.Kr. nei de babyloanyske ferovering fan Juda troch kening Nebûkadnessar oansteld as lânfâd fan de provinsje Juda.

Syn heit wie Achikam, syn pake Sjafan. Dêrmei hearde Gedalja ta de stam fan de Sjafaniden. De Sjafaniden hiene foar en yn it begjin fan de babyloanyske ballingskip liedende posysjes yn de Judeeske maatskippij. Hja stiene yn nauwe ferbining mei de profeet Jeremía. En doe't de Jeremía ris út namme fan God wurden spriek dy't kening Jojakim net nei't sin wiene, wie it de heit fan Gedalja, dy't Jeremía de hân boppe de holle hold en him foar de dea beskermde.

Gedalja bestjoerde Juda fanút de stêd Mispa. Nei sân moannen yn funksje west te hawwen waard er lykwols fermoarde troch Jismael ben Netanja, in man fan keninklike komôf. Ut benaudens foar wraak fan de kening fan Babel flechte de noch restearjende Judeeske befolking nei Egypte.[1][2][3]

Joaden betinke de moard op Gedalja op de tredde dei fan de moanne tisjri mei in fêsteldei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 25:22-26
  2. Jeremía 40:7-16
  3. Jeremía 41:1-3