Gedächtniskirche (Spiers)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gedächtniskirche
Speyer-08-Gedaechtniskirche-gje.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
plak DEU Speyer COA.svg Spiers
adres Bartholomäus-Weltz-Platz 5, 67346 Spiers
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1893-1904
arsjitekt Julius Flügge en Carl Nordmann, Essen
boustyl Neogotyk
oare ynformaasje
webside Side Protestanske gemeente

De Gedächtniskirche is in protestanske tsjerke yn de Dútske stêd Spiers (Speyer) yn de dielsteat Rynlân-Palts. De tsjerke waard tusken 1893 en 1904 boud om it protest fan foarsten en stêden te betinken tsjin it ynlûken fan de frijheid fan godstsjinst op de Ryksdei fan Spiers (1529). Mei in hichte fan 105 meter is de toer fan de tsjerke de heechste tsjerketoer fan de Palts.

It protest fan 1529[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Ryksdei fan Worms yn 1521 foel it beslút om it fermannichfâldigjen en fersprieden fan Luther's geskriften te ferbieden en hie keizer Karel V oer Luther de ryksban útsprutsen. It beslút waard op de earste Ryksdei fan Spiers yn 1526 foar in part wer ynlutsen en de útfiering fan it Wormser edikt waard no oerlitten oan de foarsten fan it keizerryk. Op de twadde Ryksdei fan Spiers yn 1529 woe keizer Karel V de besluten yn 1526 wer opheffe om sa in ein te meitsjen tusken de religieuze ferdieldheid yn it ryk.

De foarsten dy't it protestantisme tadien wiene lieten it dêr lykwols net by sitte en akseptearren de feroardieling ta it katolike leauwe net. It protest fan de foarsten en mei har fjirtjin ryksstêden jildt feitlik as de berte fan it protestantisme.

It foarnimmen fan de bou fan de tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Tsjin it ein fan de 19e iuw stiene de ferhâldings tusken de Dútske protestanten en katoliken wer op skerp. It wie de tiid fan de Kulturkampf en it Earste Fatikaanske Konsylje, dêr't it dogma fan de pauslike ûnfeilberens en it pauslike primaat ôfkundige waard. De striid tusken de protestanten en katoliken hie ek ynfloed op de tsjerkebou. It wie it doel dat de Gedächtniskirche in haadtsjerke wurde soe fan de hiele protestantske kristenheid, in doel dat nea realisearre wurde soe. Sels yn Dútslân is de Gedächtniskirche by in soad protestanten ûnbekend, lit stean dêr bûten. Ek wie it sa dat net alle protestanten ienriedich wiene en sa duorre it nei it earste idee dochs noch 35 jier mei somtiden fûle diskusjes ear't de earste stien foar de protestantske dom lein wurde koe.

De bou fan de Gedächtniskirche wie ek in réaksje op de fernijing de (katolike) domtsjerke fan Spiers yn de jierren 1846-1856. Oarspronklik soe de barokke Dreifaltigkeitskirche, dy't tichteby de dom stiet, ferboud wurde, mar der waard lang om let dochs keazen foar nijbou.

Tsjintwurdich tsjinnet de Gedächtniskirche as de haadtsjerke fan de Protestantske Tsjerke fan de Palts. Yn it ramt fan it iuwfeest yn 2004 waard de tsjerke restaurearre. De earste dopeling fan de yn 1904 krekt ynwijde tsjerke wie frou Gertrud Cantzler, dy't tegearre mei de tsjerke yn 2004 har 100e jierdei fierde. Hja ferstoar yn de âldens fan 104 jier op 26 april 2009. Tafallich waard op dy snein de foltôging fan de restauraasje fan de tsjerke mei in tsjinst fierd.

Bou, styl en arsjitekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynearsten soe de reformaasjetsjerke op it plak fan de ruïne fan it paleis fan de famylje Retschelin njonken de Dreifaltigkeitskirche boud wurde. Dêr soe de Ryksdei fan 1529 neffens de doedestiidske kennis plakfûn hawwe. Foar de bou fan dy saneamde Retscher-Kirche waard in bouferiening stifte, dy't útein sette om jild yn te sammeljen. It foel mei de jeften ynearsten al wat ôf, want de protestanten wiene op itselde stuit ek al dwaande om jild yn te sammeljen foar it Luthermonumint yn Worms, dat yn 1868 yn oanwêzigens fan de prusyske kening en lettere keizer Wilhelm I en kroanprins Freark Willem (letter keizer Freark III) ûnthulle waard. De protestantske gemeente fan Spiers makke fan dy gelegenheid gebrûk om kontakt te lizzen mei it prusyske keningshûs, dat letter wat de sinteraasje oanbelanget foar de Gedächtniskirche noch goed fan pas komme soe.

Nei't bliken die dat de Ryksdei fan 1529 net yn it paleis fan de famylje Retschelin plak fûn hie, krige de bouferiening de hannen frij om nei in oare lokaasje om te sjen. Sa koe der foar in gaadlik plak ek bûten de âlde binnenstêd sjoen wurde dat fûn waard yn it súdwestlik diel fan de stêd bûten de âlde stedsmuorre, yn de buert fan de Landauer Poarte, dêr't yn de 19e iuw in nije wyk ûntstie.

De protestantske Gedächtniskirche mocht út noch yn net yn it skaad stean fan de katolike dom en dêrom waard yn ôfwiking fan de romaanske boustyl fan de dom foar in oare boufoarm keazen. Fan de 45 ûntwerpen dy't út it hiele ryk oanlevere waarden bleaune fiif oer, dy't allegear de neogoatyske styl fertsjintwurdigen. De earste priis fan de wedstriid foar it bêste ûntwerp gyng yn 1884 nei Julius Flügge en Carl Nordmann út Essen.

Jild en arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarten Luther, stânbyld by de Gedächtniskirche fan Spiers

Doe't it jild foar de bou fan de tsjerke yn 1890 noch net byinoar wie, socht de bouferiening kontakt mei keizer Wilhelm II, dy't ûnthiet garant te stean foar de foltôging fan de tsjerke, Op 24 augustus 1893 waard de earste stien lein foar de tsjerke en nei alve jier bouwen koe de tsjerke op 31 augustus 1904 yn gebrûk nommen wurde.

De arsjitektuer is neogoatysk, past yn ferhâlding suvere histoaryske foarmen ta en ûntlient de styl oan de goatyske katedralen. Benammen de yn 1856-1879 boude neogoatyske Votifkirche yn it Eastenrykse Wenen stie model foar de Gedächtniskirche.

It gebou is trijeskepich en hat de grûnfoarm fan in latynsk krús. Fanwegen it gewicht binne de gewelven yn de fan sânstien boude tsjerke oanbrocht fan it lichte dowestien. It dak is mei glazuere tegels dekt, dy't mei kopertried befêstige binne.

Foar it net sa lange middenskip stiet de 105 meter hege klokketoer, de heechste fan de Palts. Under de toer is in seishoekige hal mei de bylden fan wichtige herfoarmers. Sintraal stiet in monumint fan Maarten Luther mei yn de flier syn wurden: Hier stehe ich, ich kann nicht anders, Gott helfe mir. Amen!. Tsjin de muorren steane de seis foarsten, dy't op 19 april 1529 op de Ryksdei fan Spiers protestearre ha:

  • 1 Karfoarst Johan fan Saksen
  • 2 Hartoch Ernst fan Braunschweig-Lüneburg
  • 3 Hartoch Frâns fan Braunschweig-Lüneburg
  • 4 Foarst Wolfgang fan Anhalt
  • 5 Markgreve Georg fan Brandenburg-Ansbach
  • 6 Lângreve Philipp fan Hessen.

Njonken de wapens fan de ûndertekeners binne yn de oare twa portalen ek de wapens oanbrocht fan de fjirtjin ryksstêden dy't harren by it protest oansletten (Heilbronn, Isny, Kempten, Konstanz, Lindau, Memmingen, Nördlingen, Neurenberch, Reutlingen, Sankt Gallen, Straasburch, Ulm, Weissenburg, Windsheim).

Tusken de beide doarren fan it haadportaal stiet in sânstiennen byld fan kening David mei harp. Oan de oare kant yn de tsjerke stiet in ingel dy't in iepen boek fêsthâldt mei de wurden Selig, die Gottes Wort hören und bewahren.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roasfinster lofter dwersskip
Alter

Oars as in midsiuwske katedraal hat it ynterieur gjin fresko's. Muorren, pylders en gewelven krigen gjin stúkwurk en allinne de brânskildere ramen soargje foar kleur. Alle 36 ramen binne yn de styl fan it histoarisme makke en komme út bekende ateliers fan ferskate stêden fan it doedestiidske ryk. Se stelle bibelske foarstellings, foarsten en reformators foar. It Dútske keizerpear, Wilhelm II en syn frou Auguste Viktoria, stifte de finsters yn de apsis. Dêrom wurdt de romte dêr ek keizer-koer neamd. De sân ingelkopkes yn de trije middelste finsters binne portretten fan de bern fan de keizer. Wilhelm II sei oer de foarstelling fan de bern yn de finsters": Früher war’n dat mal sieben Bengelchen, heute sind es Engelchen. Yn de jierren 1950 wiene der plannen om de tsjerkeramen te ferfangen om't se net mear neffens de doedestiidske moade wiene. Karakteristyk foar de krityk út dy tiid op de tsjerke wie in oan de Switserske teolooch Karl Barth taskreaune opmerking. Hy soe by in besite oan de tsjerke net optein west ha oer de arsjitektuer en sein ha dat der yn de kriich spitigernôch in bom te min op de stêd fallen wie.

Achter de altertafel waard yn 1908 in sânstiennen retabel yn goatyske foarmen tafoege. Foar de sintrale spitsbôge stiet in byld fan Kristus fan de byldhouwer Feihl út Wiesbaden.

De preekstoel is fan ferskate materjalen makke en lit oan de kûp fjouwer brûnzen reliëfs fan de berte, doop, de krusiging en de ferrizenis fan Kristus sjen. De toer boppe de preekstoel is fan ikehout en hat wat fan in goatysk sakramintshûs. Nei de ynwijing fan de tsjerke fûnen in soad minsken de bekroaning te útwrydsk, mar der is neitiid neat mear oan feroare of ferienfâldige. De ûnderbou fan de kânsel is fan ferskate soarten moarmer makke. De preekstoel waard skonken troch de Amearikaanske spoarweimagnaat John Pierpont Morgan.

Oan de wangen fan de iken banken binne dekoraasjes, wapens en nammen fan de skinkers oanbrocht. Meiïnoar is der plak foar 1.800 minsken.

Reformatorenramen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

It earste oargel dat earst troch C.F. Weigle út Stuttgart boud en letter troch de firma Steinmeyer foltôge waard hie 65 klinkende registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. It hjoeddeiske oargel stamt út 1979 en waard boud troch Detlef Kleuker út Bielefeld. Mei 95 registers is it it grutste oargel fan Súdwest-Dútslân. It ienfâldige front stamt noch út 1939 en is in ûntwerp fan de byldhouwer Hans Miller út München.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de oarspronklike klokken fan de tsjerke, dy't yn 1900 troch Franz Schilling út Apolda getten en troch keizer Wilhelm II skonken wiene, waarden de measten yn 1942 op it Hamburger klokkentsjerkhôf omraand. Fjouwer yn 1903 getten klokken kamen nei de Twadde Wrâldkriich werom, mar wienen neffens saakkundigen fan sa'n minne kwaliteit, dat der yn 1959 keazen waard om in folslein nei klokkenbestân te jitten. De fan jeften oankochte klokken drage nammen fan de reformators en meistanners en binne getten yn Karlsruhe.

Katolike reaksje op de bou fan de Gedächtniskirche[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katoliken wiene net sa bot ynnommen mei de bou fan in protestantske domtsjerke en as réaksje dêr op sochten de katoliken ek in lape bougrûn fuort yn de buert fan de noch te bouwen Gedächtniskirche. En sa waard yn it jier 1887 in katolike bouferiening oprjochte. Yn 1912 waard tichteby de protestantske tsjerke de earste stien lein foar in katolike tsjerke. Al yn it jier 1914 koe de bou oan Sint-Joazef, beskermhillige fan Kar-Palts en de wurklju, wijd wurde. It ûntwerp wie ôfkomstich fan Ludwig Becker, de domarsjitekt fan Mainz. De tsjerke waard yn in mingeling fan Jugendstil, gotyk, barok en renêssânsefoarmen boud en moast in monumint fan katolyk ferskaat tsjin protestantske strangens fertsjintwurdigje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gedächtniskirche der Protestation (Speyer)