Springe nei ynhâld

Geart Stevens Ruiter

Ut Wikipedy

Geart Stevens Ruiter (1820-1916) wie de grûnlizzer fan de reedfabryk Ruiter yn Akkrum. Yn 1889 naam soan Geart Ruiter it fabryk oer en wreide it út. Doe't hy saaklik spul krige mei syn kompanjon Johannes de Jong (1860-1925) ferhuze Geart yn 1901 nei Boalsert. De Jong gie fierder mei de NV G.S. Ruiter en hie op it hichtepunt wol 25 man yn tsjinst. Nei de oarloch waarden ek oare artikels makke. Sa ûntwikkele de lettere direkteur Abe Willemsma (1919 - ) in eigen hege noar. Troch de swiere konkurrinsje mei noaren út Japan is it bedriuw yn 1970 sluten. Keunstner Ids Willemsma is in soan fan lêste direkteur Abe Willemsma.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]