Springe nei ynhâld

Gealtsjes

Ut Wikipedy
Gealtsjes
Luscinia luscinia
Luscinia luscinia
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famyljemiggesnappers (Muscicapidae)
ûnderfamyljepaapkefûgels (Saxicolinae)
Forster, 1817

It fûgelskaai gealtsjes (Luscinia) bestiet út lytse en skouwe fûgelsoarten mei in tige krêftige sang, dy't faak by it skimerjen of nachts te hearren is.

De soarten yn it skaai binne lytse oant middelgrutte sjongfûgels fan 13 oant 17 sm. Se binne slank en ha relatyf lange poaten en in fine, spitse snaffel. Se ite meast ynsekten en lytse wringeleaze bistjes.

Guon soarten ha felle kleuren, oaren binne brún of griisbrún. Der bestiet yn 'e soarten net in soad ferskil tusken wyfkes en mantsjes, útsein yn 'e tekening fan 'e kiel en it boarst.

Se binne oer it generaal skou en libje tichteby de grûn. It binne trekfûgels dy't briede yn 'e Paleärktyske sône fan Europa en Aazje en oerwinterje yn Afrika of Súd-/Súdeast-Aazje.

De typesoarte fan it skaai is de Noardske geal.

It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield:

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus
Trend
Luscinia svecicablauboarstkeNoard- en Midden-Europa oant fier yn Sibearje en Alaska, oerwinteret yn Súd-Europa, Noard-Afrika, it Midden-Easten, Súd-Aazjenet bedrige
stabyl[1]
Luscinia phaenicuroideswytbúkgealHimalaya, West-Sina, Noard-Yndosina, oerwinteret yn Súd-Aazje, Súdeast-Aazjenet bedrige
stabyl[2]
Luscinia lusciniaNoardske gealNoard- en East-Europa, West-Sibearje, oerwinteret yn tropysk East-Afrikanet bedrige
stabyl[3]
Luscinia megarhynchosgealWest- en Sintraal Europa, West- en Midden-Aazje, oerwinteret yn tropysk Afrikanet bedrige
stabyl[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: