Gaycke fan Broersma
Gaycke fan Broersma, ek wol Gaico of Gaitze (ferstoarn foar 1528) wie in Fryske bestjoerder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gaycke fan Broersma wie in soan fan Broer fan Broersma. Gaycke wie in telch út de foaroansteande famylje Fan Broersma út Kollum. [1] De famylje rekke ûnder oare besibbe oan it geslacht Fan Botnia. Al yn 1505 wurde Gaycke en syn broer Taco fermeld as eallju yn Kollumerlân. [2] Fan Broersma komt yn 1515 foar as grytman "van wege mijns Genadigen Heren van Gelre, in Colmerlant". Hy folge doe Sippe fan Meckema op dy't Skieringsgesind wie en nei Brussel flechte wie doe't Kollumerlân yn hannen foel fan de Geldersken. Yn syn grytmanskip wie de Gelderske Oarloggen yn Kollumerlân en waard de gritenij teistere troch sawol de Arumer Swarte Heap as Gelderske troepen. [3] Om 1518 hinne waard Fan Broersma as grytman opfolge troch de Gelderske ealman Hendrick de Wente. [4]
Fan Broersma wie boaske oan Anna fan Broersma. Sy wennen nei alle gedachten op de Broersma State westlik fan Kollum, it stamslot fan de famylje. Dy state waard yn 1532 ferkocht troch in Sjoerd fan Broersma oan Graets fan Cammingha, widdo fan Wilcke fan Holdinga. Lykwols wie de ferkeap net ôfkundige en kaam de state oan keizer Karel V ta. De state soe hjirtroch ien fan mar in pear liengoeden yn Fryslân wurde. [2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|