Springe nei ynhâld

Gauteng

Ut Wikipedy
Gauteng
eGoli
Provinsje yn Súd-Afrika
Symboalen

Algemien
LânSúd-Afrika
HaadstêdJehannesburch
Grutste stêdJehannesburch
Befolking
Ynwennertal15.099.422 (2022)[1]
Befolkingsticht.831 ynw./km²
Folkenswarten 81,4%
blanken 12,3%
kleurlingen 3,3%
Yndiërs 2,9%
Religykristendom 86,1%
trad. Afrikaansk 6,0%
gjin 4,1%
islam 1,6%
TalenSûlû 23,1%
Sepedi 12,6%
Ingelsk 9,2%
Afrikaansk 7,7%
Xhosa 6,7
Geografy
Oerflak18.176 km²
Hichtemaks. 1,913 m
Oar
TiidsôneUTC+2 (SAST)
Offisjele webside
www.gauteng.gov.za

Gauteng (Sûlû: eGoli) is wat oerflak oanbelanget de lytste, mar tagelyk de tichtstbefolke en rykste provinsje fan Súd-Afrika. De namme komt út it Sotho en betsjut "plak fan goud", wat ferwiist nei de bloeiende goudyndustry dy't de regio sûnt de 19e iuw foarme hat. Hoewol't it oerflak fan 'e provinsje mar 1,5% fan Súd-Afrika útmakket, produsearret it mear as in tredde fan it Bruto Binnenlânsk Produkt fan it lân. Gauteng is likernôch like grut as de Nederlânske provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân byinoar.

Goudkoarts yn 'e 19e iuw.

Gauteng waard yn 1994 foarme út it sintrale diel fan 'e eardere provinsje Transvaal. De skiednis fan 'e provinsje feroare foargoed yn 1886, doe't der goud fûn waard oan 'e Witwatersrand. Dat late ta in goudkoarts dy't fan 'e lytse delsetting Jehannesburch yn in pear desennia tiid de grutste stêd fan Afrika besuden de Sahara makke. Ek it UNESCO-wrâlderfgoedplak Widze fan 'e Minskheid mei fossilen fan iere minskeneftigen leit yn dizze provinsje.

Yn 'e 20e iuw wie de provinsje it sintrum fan 'e striid tsjin apartheid. Yn 1960 fûn it bloedbad fan Sharpeville plak, dêr't de plysje skeat op demonstranten tsjin de paswetten. Nelson Mandela en oare ANC-lieders waarden yn 1963 op in pleats yn Rivonia oanholden, wat late ta it ferneamde Rivonia-proses yn Pretoaria. Yn 1976 bried de Opstân fan Soweto út, dy't as in protest fan skoalbern tsjin it ûnderwiisbelied útein sette en yn 'e hiele wrâld oandacht luts foar de striid tsjin it rezjym. Sûnt 1994 hat de provinsje him ûntwikkele ta in multykulturele regio dêr't de oantinkens oan 'e striid, lykas it Apartheidsmuseum en it Unygebou, njonken de moderne ekonomy besteane.

De provinsjale haadstêd is Jehannesburch, mar de provinsje is ek it thús fan 'e bestjoerlike haadstêd fan Súd-Afrika: Pretoaria.

Kaart fan de gemeentenBestjoerlike yndieling

Gauteng is ferdield yn 3 grutte metropoalgemeenten en 2 distriktsgemeenten:

Grutste plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Offisjele nammeYnwenners (Metropoal)Bysûnderheden
Jehannesburch4.800.000Grutste stêd; finansjeel en ekonomysk sintrum.
Pretoaria2.900.000Bestjoerlike haadstêd fan Súd-Afrika.
Ekurhuleni3.400.000Yndustrieel gebiet mei stêden as Germiston en Benoni.
Vereeniging100.000Wichtich sintrum foar stielproduksje oan 'e Vaalrivier.
Soweto1.300.000Grutte township fan Jehannesburch mei in rike politike skiednis.

Befolking en talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gauteng is in smeltkroes fan kultueren. Fanwegen de wurkgelegenheid lûkt de provinsje minsken út hiel Súd-Afrika en it bûtenlân. It Sûlû is de meast sprutsen memmetaal, folge troch it Afrikaansk, Ingelsk en Sepedi. De provinsje hat de heechste graad fan urbanisaasje fan it lân (97%).

Befolkingsûntwikkeling (1996–2022)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1996 2001 2011 2022
Inwennertal 7.834.620 9.390.528 12.272.263 15.099.422
Groei (%) — +19,9% +30,7% +23,0%
Pretoaria.
  • Yn Gauteng leit by Sterkfontein de Widze fan de Minsheid, ien fan 'e wichtichste paleo-antropologyske fynplakken op 'e ierde. Hjir binne guon fan 'e âldste fossilen fan minskeneftigen fûn, lykas Mrs. Ples en Little Foot.
  • Soweto is de grutste en meast ferneamde township fan it lân. Besikers kinne dêr it eardere hûs fan Nelson Mandela besykje en it Apartheidsmuseum yn Jehannesburch.
  • Pretoaria is bekend om syn parken en de tûzenen jakarandbeammen dy't de stêd yn oktober pears kleurje, it Foartrekkermonumint en de botanyske tunen.
  • Ien fan bekende natuerreservaten is it 210 km² grutte Dinokeng Game Reserve (dêr't "de Grutte Fiif" te sjen binne).
  • Cullinan, flakby Pretoaria, is in pittoresk plakje dat ferneamd is om de diamantmyn dêr't de grutste diamant ea fûn is.

Ekonomy en Ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gauteng is it ekonomysk hert fan Súd-Afrika en de hiele Súdlike Afrikaanske regio (SADC). De provinsje hat in tige moderne ynfrastruktuer, wêrûnder de Gautrain, in flugge treinferbining tusken Jehannesburch, Pretoaria en de lofthaven. De lofthaven OR Tambo International Airport by Jehannesburch is de drokste fan it hiele kontinint. Njonken de goudminen binne de finansjele sektor, technology en de produksje-yndustry de wichtichste ekonomyske pylders.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Haadstêden en provinsjes fan Súd-Afrika Flagge fan Súd-Afrika
Haadstêden: Bloemfontein • Kaapstêd • Pretoria
Provinsjes: East-Kaap • Frijsteat • Gauteng • KwaZulu-Natal • Limpopo • Mpumalanga • Noard-Kaap • Noardwest • West-Kaap
· · Berjocht bewurkje