Gat-yn-'e-Dei

Ut Wikipedy
Gat-yn-'e-Dei
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bagonegiizhig
oare namme Bugonaygeshig
nasjonaliteit Odjibwe
berne ±1837
berteplak yn noardlik Minnesota
stoarn 17 maaie 1916
stjerplak yn it Leech Lake Reservaat
   (Minnesota)
etnisiteit Odjibwe
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Odjibwe
jierren aktyf ±18701916

Gat-yn-'e-Dei (Odjibwe: Bagonegiizhig, yn it Ingelsk wol ferbastere ta Bugonaygeshig; Ingelske oersetting: Hole-in-the-Day; yn noardlik Minnesota, ±1837 – yn it Leech Lake Yndianereservaat (Minnesota), 17 maaie 1916) wie in opperhaad fan 'e Odjibwe, in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Syn namme, dy't feitliks better oerset wurde kin as 'Gat-yn-'e-Loft', ferwiist nei it stjerrebyld fan 'e Plejaden. Yn 1898 late er in rebûlje yn it Leech Lake Yndianereservaat fan 'e Amerikaanske steat Minnesota, wêrmei't er de deportaasje fan syn folk nei in oar Yndianereservaat wist foar te kommen.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gat-yn-'e-Dei waard tusken 1835 en 1839 berne yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. Syn namme, Bagonegiizhig, kaam doedestiden mear foar mank de Odjibwe fan Minnesota, en hy moat net betize wurde mei bygelyks it opperhaad mei deselde namme dy't ien fan 'e ûndertekeners wie fan it Ferdrach fan La Pointe, yn 1842.

Yn jannewaris 1889 naam it Amerikaanske Kongres de Wet-Nelson fan 1889 oan, dêr't yn fêstlein wie dat alle Yndianereservaten fan 'e Odjibwe yn Minnesota, útsein it Red Lake Yndianereservaat en it White Earth Yndianereservaat, opheft waarden, en dat de befolking fan 'e ophefte reservaten deportearre wurde moast nei it White Earth Reservaat. Dizze wet wie ferneamd nei it Minnesotaanske kongreslid Knute Nelson. Neitiid ferfearen guon bewenners fan it Leech Lake Yndianereservaat ûnder twang nei White Earth ta, mar in grutte kloft Odjibwe wegere har lân op te jaan.

De efterbliuwers kamen yn 'e 1890-er jierren bleat te stean oan in belied fan politike en maatskiplike druk en lytse narderijen fan 'e Amerikaanske autoriteiten, mei as doel om harren it libben yn har âlde reservaat sa dreech mooglik te meitsjen. It opperhaad Gat-yn-'e-Dei waard bygelyks in kear oppakt op beskuldiging fan it smokkeljen fan drank. Hy waard meinommen nei Duluth en dêr in skoft fêstholden. Nei't er sûnder ûntskuldiging frijlitten wie, moast er mear as 160 km rinne om wer thús te kommen.

Op 15 septimber 1898 waarden Gat-yn-'e-Dei en in oar Odjibwe-opperhaad, Shaboondayshkong, op 'e nij arrestearre op beskuldiging fan smokkeljen. Doe't Amerikaanske oerheidsfunksjonarissen harren nei in boat ta laten foar de reis nei Duluth, rôp Gat-yn-'e-Dei de oare oanwêzige Odjibwe ta om help. De beide opperhaden waarden troch de lulke kliber folk befrijd, wêrnei't de pleatslike Yndiaansk agint de help fan it Amerikaanske Leger ynrôp.

Nei't ûnderhannelings tusken de oerheid en de Odjibwe op neat útrûnen, arrivearre op 5 oktober in ôfdieling fan 78 Amerikaanske soldaten yn it Leech Lake Reservaat, dy't dêr de wente fan Gat-yn-'e-Dei binnenkrongen mar it opperhaad dêr net oantroffen. Twa oare Yndianen waarden wol oppakt en in pear boaten mei froulju waarden besketten. Doe't de soldaten har weromlûke woene, waarden se oanfallen troch Odjibwe-krigers. Dit treffen kaam neitiid de Slach by Sugar Point te hjitten. Mank de soldaten en de Amerikaanske boargers dy't by har wiene, foelen 7 deaden en 14 ferwûnen. De Odjibwe hiene nei't it skynt gjin deaden te betreurjen. Nei twa dagen waarden de Amerikanen ûntset troch farske troepen út Fort Snelling.

Dêrmei einige de fjildslach, mar Gat-yn-'e-Dei en de Odjibwe wegeren har oer te jaan. Uteinlik waard der nei lange ûnderhannelings in oerienkomst sletten wêrby't it Leech Lake Reservaat op 'e nij ynsteld waard. Neitiid lieten de Amerikanen Gat-yn-'e-Dei gewurde. It opperhaad troude yn syn libben fjouwer kear en hie fjouwer bern. Hy kaam yn 1916 yn it Leech Lake Reservaat te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan omtrint 79 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.