Springe nei ynhâld

Garreweer

Ut Wikipedy
Garreweer
Pleatsen yn Garreweer
Pleatsen yn Garreweer
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal10 (1 jannewaris 2025) [1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 19' N 6° 49' E
Offisjele webside
Side stêd Appingedam
Kaart
Garreweer (Grinslân)
Garreweer
Kaart
Pleatsen yn Garreweer
Garreweer op in kaart fan 'e eardere gemeente Appingedam om 1865 hinne

Garreweer is in útbuorren, besteande út in nustje pleatsen en huzen, westlik fan 'e stêd Appingedam yn 'e gemeente Iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân. Garreweer hat 10 ynwenners (1 jannewaris 2025). De útbuorren moat lykwols net betiisd wurde mei it yn deselde gemeente lizzende doarp Garrelsweer.

Boaiemfynsten wize op bewenning út 'e Romeinske tiid. Ynearsten konsintrearre de bewenning op guon wierden bylâns de ouwers fan it Garreweerstermaar, dat in groeven wetterrin wie dy't it oerstallige wetter út 'e Skyldmar nei it Damsterdjip ôffierde. Troch it ôffieren fan it wetter fan de Skyldmar koe it leech lizzend efterlân oanmakke wurde. Yn 'e 13e iuw waard der yn lytse syl yn 'e mûning fan de maar oanlein.

Garreweer hearde fanâlds by it karspel Tjamsweer en lei yn it legere part dêrfan. It plak waard yn 1325 foar it earst neamd as Garreaweere, yn 1380 as Gheerwere, yn 1385 Garawere en yn 1396 Garrawere. It twadde part fan de namme, *weer betsjut wierde/terp en de earste namme. De betsjutting fan it earste part is net dúdlik. Mooglik betsjut de namme "opwurpen hichte fan de persoan Gero of gâra were - spits tarinnende hichte.[2]

Op it plak dêr't hjoed-de-dei ien fan de pleatsen stiet, stie yn 'e midsiuwen in stins Keerweer, mooglik in ferbastering fan Garreweer, dy't grêften dêromhinne hie. Nei alle gedachten wenne dêr de ynfloedrike haadling Gayko Gaykinga, dy't yn 1301 en 1325 neamd waard. In neikommeling fan him wie Sjabbe fan Garreweer, om 1380 hinne, dy't de erfdochter Ulske fan Oosterwijtwerd boaske. Dêrnjonken hie er de boarch Dykhuzen yn besit. Harren dochter boaske yn 1411 mei de machtige haadling Fokko Ukena út Neermoor, dy't, nei't er út Eastfryslân ferdeaun wie, him op Dykuzen weromluts. Harren wichtichste erfgenamten wiene de Ripperda's fan Tjamsweer en Oosterwijtwerd. Yn 1555 waard de stins bewenne troch Frerick to Kierweer. Nei mid 16e iuw waard it hûs ôfbrutsen en letter weropboud tichter by it wetter. Dat nije hearehûs oan Stadsweg 39 waard ek wol it Hûs Garreweer neamd. Yn 1727 waard it hûs ferfongen troch in boarch dy't yn 1820 omboud waard ta in pleats. Dy pleats baarnde yn 1932 ôf en dêrnei waard de hjoeddeistige pleats boud.

Garreweer hat mooglik in selsstannich tsjerkedoarp west.[3] Yn 1396 wie der in pastoar Edzeco te Garrewera of Gherdmirswere, dy't segele mei in ôfbyld fan de hillige Sebastiaan. In parochyregister fan om 1475 hinne neamt (ynstee fan Tjamsweer) it tsjerkedoarp Geredinoneswer en yn 'e 16e iuw waar der noch sprutsen fan it tsjerkelân fan de Garweerster hillygen ûnder Tjamsweer. Oare boarnen jouwe oan dat Garreweer yn 'e kerspel fan Tjamsweer lei. Mei't sebastiaan de patroanhillige fan Tjamsweer wie, moat men dêr fan út gean dat er mei dy parochy ornearre waard. Sa't it liket waard de parochy mei de haadlingefamylje fan Garreweer idintifisearre.

De Sint Walburgstsjerke en it Earmhûssittend Konvint fan Grins en de tsjerke fan Appingedam hiene grut grûnbesit yn Garreweer.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ CBS
  2. ↑ G. van Berkel en K. Samplonius: Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018 yn etymologiebank.nl, stekwurd: "Garreweer"
  3. ↑ O.D.J. Roemeling, Heiligen en Heren. Studies over het parochiewezen in het noorden van Nederland vóór 1600, Ljouwert 2013, side 375. Gearchiveerd op 28 mei 2019.
Iemsdelta
Stêden:
Appingedam • Delfsyl
Doarpen:
Bierum • Borgsweer • Eenum • Farmsum • Garrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • Holwierde • Huizinge • Krewerd • Leermens • Loppersum • Losdorp • Medhuizen • Middelstum • Oosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • Syldyk • Solwerd • Spijk • Startenhuizen (foar in part) • Stedum • Termunten • Termunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • Uitwierde • Wagenborgen • Westeremden • Westerwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp • 't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • Baamsum • Biessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Oling • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
· · Berjocht bewurkje