Springe nei ynhâld

Gambiereilannen

Ut Wikipedy
Gambiereilannen
emblemen
polityk en geografy
soarte gebietarsjipel
lân Frankryk
oerseesk gebiet Frânsk-Polyneezje
gemeenteGambier
haadplakRikitea
grutste plakRikitea
heechste berchMont Duff
wichtichste eil.Mangareva, Akamaru,
Aukena, Taravai
sifers
ynwennertal1.570 (2022)
oerflak27,8 km²
befolkingstichtens56,5 / km²
heechste punt441 m
tal eil.34 (wêrfan 6 bewenne)
oar
tiidsôneUTC –9.00
simmertiidgjint
koördinaten23°07′ S 134°58′ W
kaart
Gambiereilannen (Frânsk-Polyneezje)
Gambiereilannen
De lizzing fan 'e Gambiereilannen yn
Frânsk-Polyneezje.

De Gambiereilannen (Frânsk: Îles Gambier; útspr.: [ˈil ɡɔ̃ːˈbje], likernôch: "yl gôm-bjee") binne in lytse arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De eilannen hearre geografysk ta de gruttere regio Polyneezje en falle bestjoerlik ûnder Frânsk-Polyneezje, dat in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk is. Der binne 34 eilannen, wêrfan't 33 de Mangareva-eilannen foarmje, dy't fan fulkanyske oarsprong binne. Eins binne de Gambiereilannen in fuortsetting yn súdeastlike rjochting fan 'e folle gruttere Tûamotû-arsjipel, mar omreden fan 'e ôfwikende taal en kultuer fan 'e oarspronklike befolking wurde se dêr faak los fan sjoen. De Gambiereilannen krigen nei alle gedachten om it jier 1000 hinne foar it earste minsklike bewenners yn 'e foarm fan Polynezyske seefarders. Yn 'e njoggentjinde iuw waard de arsjipel kolonisearre troch Frankryk. It haadplak is Rikitea, op it eilân Mangareva. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 wenje der tsjintwurdich krapoan 1.600 minsken op 'e eilannen.

De Gambiereilannen binne in arsjipel dy't likernôch yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit, besuden de evener. De eilannegroep heart geografysk ta de gruttere regio Polyneezje, dêr't û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder falle. Bestjoerlik meitsje de Gambiereilannen yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen en de Australeilannen diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is.

Poer geografysk sjoen foarmje de Gambiereilannen eins de eastsúdeastlike útein fan 'e Tûamotû-arsjipel. De groep bestiet út twa dielen. Temo‘e is in ûnbewenne atol mei in oerflak 2,1 km², dat 45 km súdeastlik fan 'e eigentlike Gambiereilannen leit.

De eigentlike Gambiereilannen binne de Mangareva-eilannen, in arsjipel fan yn totaal 33 eilannen en eilantsjes omjûn troch in koraalrif dat op mar trije plakken ûnderbrutsen wurdt troch in tagong ta de iepen oseaan. Der binne 11 hege eilannen fan fulkanyske oarsprong: Mangareva, it haadeilân, dat fierwei it grutste is, en fierders Akamaru, Angaka‘uitai, Aukena, Kamaka, Kou‘aku, Makapu, Makaroa, Manui, Mekiro en Taravai. Unbewenne eilantsjes om 'e hege eilannen hinne binne: Rumarei, Atumata, Teoho‘otepohatu, Motu Teiku, Tepu Nui en Motu-O-Ari. De restearjende 16 eilannen binne leechleine koraaleilannen. Dat binne Apou, Gai‘oio, Kou‘aku, Papuri, Pu‘aumu, Tarauru Roa, Tauna Te‘aua‘one, Te‘au‘otu, Tekava, Tenoko, Tepapuri Totengengie, Tokorua, Tua‘eu en Vai‘ateke‘ue.

In lânkaart fan 'e Mangareva-eilannen.

De Gambiereilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan 27,8 km², wêrfan't de Mangareva-eilannen 25,7 km² útmeitsje. It grutste eilân is Mangareva, dat in oerflak fan 13,9 km² hat. Dêr lizze sawol it haadplak fan 'e Gambiereilannen, Rikitea, as it heechste punt fan 'e eilannen, de Mont Duff, dy't in hichte hat fan 441 m boppe seenivo.

De hege eilannen fan 'e Gambierarsjipel binne foarme troch in fulkanyske hotspot ûnder de Pasifyske Plaat. Mei't dy plaat troch de tektoanyske wurking oanhâldend nei it westnoardwesten ta beweecht mei in faasje fan 121/2 sm yn 't jier, binne de eilannen no al in hiel stik by de hotspot wei rekke.

It tinken is dat de Mangareva-eilannen sa'n 5,7–5,6 miljoen jier lyn foarme waarden as ien inkeld fulkanysk eilân. De sintrale krater en dielen fan 'e rânen binne ûnderwilens sa erodearre dat se alwer ûnder wetter ferdwûn binne. De oerbleaune hege eilannen binne alles dat noch oer is fan 'e kraterrânen. De hiele Mangareva-arsjipel leit op in ûnderwetterhichte dy't yn it súdeasten relatyf fluch weisakket. Fan gefolgen komt it 65 km lange omjaande koraalrif noch mar oan trije kanten boppe see út.

De earste minsklike bewenners fan 'e Gambiereilannen wiene Polynezyske seefarders. Foarhinne waard derfan útgien dat dyselden fan 'e Markesaseilannen kamen (út it noarden), en dat se har earne yn 'e earste helte fan it earste milennium op 'e Gambiereilannen nei wenjen setten. Nije ynsichten wize der lykwols op de Polynezyske kolonisaasje fan 'e Gambiereilannen wierskynlik út noardwestlike rjochting kaam, fan 'e Genoatskipseilannen, en dat it om it jier 1000 hinne plakfûn.

Yn elts gefal wie de lânseigen tribale maatskippij sterk stratifisearre en strang hierargysk, mei allegeduerigen oarlochfiering tusken de ûnderskate clans en út en troch itenskrapte. Kannibalisme wie net de regel, mar it kaam wol foar. Der bestiet bewiis dat der op 'e Mangareva-eilannen koart foar it earste kontakt mei de Jeropeänen ûnrêst wie, dy't útmûne yn maatskiplike dusoarder en in boargeroarloch tusken leden fan 'e ferskillende maatskiplike klassen. Dy opskuor, dy't de maatskiplike ferhâldings op 'e eilannen op 'e kop sette, fasilitearre yn 'e 1810-er jierren foar 't neist yn hege mjitte de ferovering fan 'e Gambiereilannen troch kening Pōmare II fan Tahity. Oant de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw soene de eilannen as in fazalsteatsje yn 'e ynfloedssfear fan it Keninkryk Tahity bliuwe.

De kust fan it eilân Akamaru.

De earste Jeropeaan dy't de Gambiereilannen oandie, wie yn 1797 de Ingelsman James Wilson, de kaptein fan it skip de Duff fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS). Hy wie mei ferskate sindelingen oan board ôfset út Londen om yn 'e Stille Súdsee it kristendom te fersprieden yn Tonga, op Tahity en op 'e Markesaseilannen, en bedarre troch tafal by de doe yn 'e Westerske wrâld noch ûnbekende Gambiereilannen. Wilson ferneamde de eilannen nei de hugenoat James Gambier, dy't de ekspedysje fan 'e Duff finansierd hie. Yn 1825 die de Ingelske sindeling Frederick William Beechey de Gambiereilannen oan op in lange ûntdekkingsreis oan board fan 'e HMS Blossom troch Oseaanje en de Arktis fan Noard-Amearika.

De earste Westerske sindelingen dy't har foar langere tiid op 'e Gambiereilannen fêstigen, wiene de Frânske roomske misjonarissen Honoré Laval en François Caret, dy't yn 1834 arrivearren. Yn 't earstoan woe Te Maputeoa, de foarlêste kening fan Mangareva, neat fan it kristendom witte, mar nei't er bepraat waard om syn eigen opbetterjen fan in slimme sykte oan 'e help fan 'e kristlike God ta te skriuwen, feroare er fan gedachten en joech er him wat langer wat mear del ûnder de ynfloed fan 'e beide misjonarissen. Dat proses kulminearre yn 1836 mei de doop fan 'e kening (as "Gregorio Stanislas"), wêrnei't de rest fan 'e Mangarevanen sûnder folle swierrichheden kerstene wurde koe.

Utsjoch op Rikitea, it haadplak fan 'e Gambiereilannen.

De misjonarissen túgden in wiidweidich ûntwikkelingsprogramma op, dat yn 't earstoan troch kening Te Maputeoa dulde waard, mar nei syn bekearing syn aktive stipe krige. Oanfitere troch harren súkses op 'e Gambiereilannen, setten Laval en Caret yn 1836 ôf nei Tahity mei de bedoeling om harren keunstke dêr te werheljen. Mar op Tahity bestie sûnt de reis fan Wilson mei de Duff yn 1797 in protestantske sinding dy't om 1825 hinne de hiele befolking fan it eilân al bekeard hie ta it kalvinisme. Doe't de misjonarissen harren eigen foarm it kristendom op Tahity besochten út te dragen, late dat al rillegau ta wriuwing mei de protestantske sindelingen. Om't dyselden in grutte ynfloed op keninginne Pōmare IV hiene, waard Laval en Caret noch itselde jiers de doar wiisd en moasten se as persona non grata Tahity ferlitte. Dat barren wie oanlieding ta in heechoprinnend diplomatyk konflikt tusken Frankryk en it Keninkryk Tahity, dat der op útrûn dat Tahity yn 1842 in Frânsk protektoraat waard en yn 1880 in Frânske koloanje.

Underwilens wiene de Gambiereilannen yn 1837 troffen troch in swiere ierdbeving en in dêropfolgjende tsûnamy. De materiële ferwoastging wie grut en de sosjale ûntheistering net minder. Laval en Caret kearden werom en setten yn it stee fan 'e pleatslike monargy in teokratyske steat op mei harrensels as lieders. Se brochten de Mangarevanen it lêzen en skriuwen by en leine it near op kannibalisme, it bringen fan minske-offers en yntertribale oarlochfiering. Ek beskermen se de eilanners fûleindich tsjin 'e Jeropeeske walfiskfarders en keaplju, dy't op oare eilannen yn Polyneezje moreel ferfal brochten yn 'e foarm fan alkoholisme, prostitúsje en geslachtssykten.

In fike byld fan 'e god Ro‘go.

Mar oan 'e oare kant wiene Laval en Caret religieuze skerpslipers, dy't op systematyske wize alles ferneatigen dat ek mar yn 'e fierte mei de oarspronklike, animistyske natoerreligy fan 'e Gambiereilannen te krijen hie. De lânseigen timpels waarden ferwoastge en alle houten "ôfgodsbylden" ferbaarnd. Laval bewearde yn in brief oan 'e lieding fan syn religieuze oarder dat er ris fjirtich fan sokke sniene bylden op ien inkele dei ferdylge hie. Mei sok hâlden en dragen makken de misjonarissen har skuldich oan wat net oars omskreaun wurde kin as in kulturele genoside. Der is mar kwealk ynformaasje oerlevere oer de relgieuze en maatskiplike praktiken op 'e Gambiereilannen út it prekristlike tiidrek, en wat àl bekend is, komt hast folslein út 'e brieven fan 'e misjonarissen sels, dy't beslist gjin objektive waarnimmers wiene. Net mear as acht prekristlike artifakten út 'e Gambiereilannen binne oan hjoed de dei ta bewarre bleaun, wêrûnder in út hout fike godsbyld fan likernôch 1 m heech dat mar dizenich in minsklike foarm hat. It stelt de god Rao foar, de op twa nei wichtichste godheid út it Mangarevaanske panteön, dy't neffens Caret de "god fan 'e ûnridlikheid" wie (wat hjoeddeistige godstsjinstûndersikers tige ûnwierskynlik taliket). In oar, soartgelikens byld stelt de god Ro‘go foar, de god fan frede en gastfrijens, waans ferskiningsfoarm de reinbôge wie.

Yn it stee fan 'e ferwoastge timpels en oare ferrinnewearre lânseigen kultuereleminten lieten Laval en Caret troch de Mangarevanen mear as hûndert stiennen gebouwen sette, wêrûnder tsjerken, kapellen, kleasters, seminaarjes, pastorijen en triomfbôgen. De rekrutearring fan arbeiders foar de grutskalige bouprojekten late neffens guon boarnen op 'e eilannen ta hongersneed, mei't de bou fan lânbougewaaksen en de fiskerij ferwaarleazge waarden. Dat soarge foar in algehiele ferearmoeding fan 'e befolking, dy't boppedat yn oantal drastysk efterútbuorke troch de fersprieding fan besmetlike sykten út Jeropa wei dy't earder yn Polyneezje net foarkamen en dêr't de lânseigen befolking sadwaande gjin ymmuniteit tsjin opboud hie. It grutste tsjerkegebou op 'e eilannen, de Sint-Michaelskatedraal yn Rikitea, koene mear as 2.000 lju tagelyk yn. Dat wie op dat stuit de hiele befolking fan 'e eilannen, mar tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wie dat oantal sakke oant net mear as 500 lju. By it ynkrimpen fan 'e befolking spile ek emigraasje in rol, mei't yn 1856 inkele hûnderten Mangarevaanske arbeiders nei Tahity stjoerd waarden om dêre in oare katedraal te bouwen, de Notre-Dame fan Papeete.

Krapoan 35 jier koene de misjonarissen har gong gean op 'e Gambiereilannen. Caret stoar yn 1844, wêrnei't Laval oerbleau as de facto hearsker oer de arsjipel. Nei de dea yn 1868 fan 'e lêste kening fan Mangareva, de ienentweintichjierrige Joazef Gregor II, wie der nimmen mear dy't him in foet dwers sette. Pas doe't de protesten fan keaplju en skipskapteins tsjin 'e sitewaasje dêre lang om let lûd genôch waarden, griep de Frânske gûverneur fan Tahity yn. Hy oefene druk út op 'e biskop fan Papeete, Florentin Étienne Jaussen, dy't Laval yn 1871 weromrôp fan 'e Gambiereilannen. De misjonaris brocht syn lêste jierren troch op Tahity, dêr't er yn 1880 ferstoar. In jier letter, op 21 febrewaris 1881, waarden de Gambiereilannen formeel troch Frankryk anneksearre, in beslút dat op 30 jannewaris 1882 ratifisearre waard troch de presidint fan Frankryk.

Boaten op 'e lagune fan 'e Mangareva-eilannen dwaande mei de pearelkwekerij.

Sa kamen de Gambiereilannen by de saneamde Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings") te hearren, sa't de Frânske koloanje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan doe hiet. Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebiet yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan 'e Gambiereilannen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebietsdiel waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").

De Gambiereilannen moatte it yn ekonomysk opsjoch benammen hawwe fan selsfoarsjennende lânbou en fiskerij. De wichtichste lânbougewaaksen binne yams, taro, breafruchten en oar fruit. Foar de eksport wurdt der ek wat kofje produsearre. Ek wurdt der dien oan pearelkwekerij yn 'e ûndjippe lagune fan 'e Mangareva-eilannen. De relatyf kâlde wetters dêre meitsje it produsearjen fan pearels fan hege kwaliteit mooglik. In oar eksportprodukt fan 'e Gambiereilannen is parlemoer, dat, krekt as pearels, út 'e skulpen fan oesters wûn wurdt.

Wat toerisme oangiet, binne de Gambiereilannen ien fan 'e minst besochte dielen fan Frânsk-Polyneezje. Inkeld silers dy't de Pitcairneilannen besykje wolle, in noch mear isolearre en fierder eastlik lein oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk, dogge de Gambiereilannen oan.

In lânkaart fan 'e Gambiereilannen (Mangareva en Temo‘e) plus dat diel fan 'e Tûamotû-arsjipel dat by de gemeente Gambier heart.

De Gambiereilannen binne út oare dielen fan Frânsk-Polyneezje wei troch de loft berikber mei flechten fan Air Tahiti (benammen fan Papeete, op Tahity). De arrivearjende fleanmasines lânje op it Fleanfjild Totegegie, op it koraaleilân mei deselde namme.

Bestjoerlik hearre de Gambiereilannen, yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen en de Australeilannen, ta Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM).

Binnen Frânsk-Polyneezje hearre de Gambiereilannen ta de saneamde 'bestjoerlike ûnderferdieling' (Frânsk: subdivision administrative) Tûamotû-Gambier. Oan it haad fan sa'n gebiet stiet in 'ryksbestjoerder' (administrateur de l'état), dy't soms ek 'haad fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling' (chef de la subdivision administrative) neamd wurdt. Sokken binne oanstelde amtners ûnder de hege kommissaris fan 'e republyk en de presidint fan Frânsk-Polyneezje. De administrateur de l'état fan Tûamotû-Gambier hat syn sit yn Avatoru op it atol Rangiroa, yn 'e Tûamotû-eilannen.

De bestjoerlike ûnderferdielings binne sels wer bestjoerlik ûnderferdield yn gemeenten (communes). De Gambiereilannen meitsje, wat dat oangiet, diel út fan 'e gemeente Gambier. Dy omfettet net inkeld de Gambiereilannen sels, mar ek de sân súdeastlikste Tûamotû-eilannen. It gemeentehûs stiet yn Rikitea, op Mangareva, dat dêrom foar it haadplak fan 'e Gambiereilannen oanmurken wurde kin.

It gemeentehûs fan 'e gemeente Gambier te Rikitea.

Befolkingsgrutte en befolkingssprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hiene de Gambiereilannen doe 1.570 ynwenners. Dat komt del op 0,6% fan 'e hiele befolking fan Frânsk-Polyneezje. De befolkingstichtens op 'e Gambiereilannen bedroech 56,5 minsken de km² (wêrby't allinnich lân meirekkene is). Fan 'e 34 eilannen binne seis bewenne: it haadeilân Mangareva (dêr't 97% fan 'e befolking wennet), en fierders Aukena (25 bewenners), Akamaru (12 bewenners), Taravai (8 bewenners), Angaka‘uitai (1 bewenner) en Kamaka (1 bewenner). De bewennersoantallen fan 'e eilannen binne fan 'e folkstelling fan 2017.

De lânseigen etnyske groep fan 'e Gambiereilannen wurdt foarme troch de Mangarevanen. Dy foarmje in Polynezysk folk, dat nau besibbe is oan 'e oare etnyske groepen yn Frânsk-Polyneezje, lykas de Tahitianen fan 'e Genoatskipseilannen, de Tûamotûanen fan 'e Tûamotû-eilannen, de Markeezjers fan 'e Markesaseilannen en de Australezen en Rapanen fan 'e Australeilannen. Yn 2011 wiene der sa'n 1.340 etnyske Mangarevanen yn Frânsk-Polyneezje, wat delkaam op 0,5% fan 'e totale befolking.

Njonken Mangarevanen wenje op 'e Gambiereilannen tsjintwurdich ek lytse oantallen etnyske Tahitianen, Tûamotûanen, Sinezen en Frânsen.

It Fleanfjild Totegegie op it eilân mei deselde namme.

De lânseigen taal fan 'e Gambiereilannen is it Mangarevaansk, dat heart ta de Polynezyske taalkloft fan 'e Austronezyske supertaalfamylje. It makket diel út fan 'e Markezyske talen en is as sadanich nau besibbe oan it Noardmarkezysk en Súdmarkezysk fan 'e Markesaseilannen en it Hawaïaansk fan 'e Hawaï-eilannen. It stiet folle fierder ôf fan it Tûamotûaansk fan 'e geografysk oanbuorjende Tûatmotû-eilannen, dat nauwer besibbe is oan it Tahitiaansk fan 'e Genoatskipseilannen, it Cookeilânmaoary fan 'e Cookeilannen en it Maoary fan Nij-Seelân. Dat ferskil yn taal (en it dêrmei mank geande ferskil op it mêd fan 'e kultuer) is de reden dat de Gambiereilannen ornaris los fan 'e Tûamotû-eilannen neamd wurde, hoewol't der geografysk sjoen eins net folle ûnderskie bestiet.

Tsjintwurdich sit it Mangarevaansk slim yn 'e lytse loege, mei't der yn 2011 noch mar 600 memmetaalsprekkers wiene. Dat komt del op 44,8% fan 'e etnyske Mangarevanen. De iennichste offisjele taal yn Frânsk-Polyneezje (en dus ek op 'e Gambiereilannen) is it Frânsk.

By de folkstelling fan 2017 rapportearre 24,8% fan 'e befolking fan 'e Gambiereilannen dat it Mangarevaansk de taal wie dy't se yn 'e hûs it measte sprieken (yn 2007 wie dat noch 38,6%). Ynstee joech 62,6% fan 'e minsken oan dat se yn 'e hûs Frânsk sprieken (yn 2007 wie dat noch 52,3%). Fierders spriek 6,4% fan 'e Gambiereilanners yn 2017 yn 'e hûs Tahitiaansk en 4,6% in foarm fan it Sineesk (yn 'e measte gefallen Hakka).

De Sint-Michaelskatedraal (Cathédrale Saint-Michel) yn Rikitea op Mangareva.

Yn absolute oantallen joegen yn 2017 270 minsken yn 'e Gambiereilannen oan dat se yn 'e hûs Mangarevaansk sprieken (tsjin 300 yn 2007). Yn hiel Frânsk-Polyneezje rapportearren yn 2017 332 minsken dat se yn 'e hûs Mangarevaansk sprieken (tsjin 424 yn 2007). De measte Mangarevaansksprekkers om utens wenje op Tahity.

Utsein de lytse etnysk Sineeske minderheid bestiet frijwol de hiele befolking fan 'e Gambiereilannen út kristenen. De oergrutte mearderheid wurdt foarme troch leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Mar 5–6% heart ta in protestantske denominaasje. De Sint-Michaelskatedraal (Cathédrale Saint-Michel) yn Rikitea op Mangareva, waard yn 'e njoggentjinde iuw ûnder lieding fan Frânske misjonarissen boud en is yn 2011 weriepene nei twa jier fan restauraasje.

De Gambiereilannen hawwe in tropysk klimaat, mei waarmte fan novimber oant en mei april en relative kuolte fan maaie oant en mei oktober. Yn maart, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,4 °C, en yn augustus, de kâldste moanne, is dat 23,5 °C. De delslach berint jiers 1.913,5 mm en is relatyf gelikens oer de moannen ferdield, hoewol't der yn 'e súdlike winter (july oant en mei septimber) wat minder falt as yn 'e rest fan it jier. Rekôrtemperatueren op Mangareva wiene 31,2 °C op 23 jannewaris 1989 en 13,2 °C op 27 augustus 1992.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.