Gambia (rivier)
Gambia Ba Dimma, Fura | ||
![]() | ||
De Gambia mei streamgebiet | ||
geografy | ||
lân | Gambia, Guinee en Senegal | |
lokaasje boarne | Fouta Djalon, Guinee | |
mûnet út yn | Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
lingte | 1.120 km | |
hichte boarne | ± 1130 m | |
hichte mûning | 0 m | |
ferfal | 1130 m | |
ôfwetteringsgeb. | 78.000 km² |

De Gambia (Ba Dimma, ek Fura. Frânsk: Fleuve Gambie, Portugeesk: Rio Gâmbia) is ien fan de wichtichste rivieren yn West-Afrika en is sa'n 1120 km lang. De rivier ûntspringt op it Fouta Djalon-plato yn it noarden fan Guinee en streamt oer Senegal en Gambia nei de Atlantyske Oseaan deunby de Gambiaanske haadstêd Banjul. De wichtichste sydrivieren binne de Sandougou en de Sofianiama. Yn de ûnderloop mûnje ûnderskate kreken (bolongs) út yn de Gambia. De grutste dêrfan is de Bintang Bolong, dy't útmûnet op'e lofterkant. De Gambia is oer de helte fan syn lingte befarber en is de iennichste rivier yn West-Afrika dy't foar seeskippen maklik tagonklik is. It estuarium fan de Gambia is in ría.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de ierst bekende bewenners fan it gebiet lâns de Gambia-rivier hearre de Jola, de Balante, de Bainuk en de Manjak. De Kartaachske ûntdekkingsreizger Hanno de Seefarder hat Gambia mooglik berikt by syn ekspedysje yn de fiifde iuw foar Kristus.
Neffens de mûnlinge oerlevering kamen grutte oantallen Mandinka ymmigranten út Maly ûnder lieding fan Tiramakhan Traore, ien fan Sundiata's topgeneraals, yn 'e 14e iuw nei de regio. Guon moderne skiedkundigen wolle lykwols hawwe dat relatyf net folle ymmigranten, benammen jula-keaplju, yn stee dêrfan in njonkelytsen sosjaal-kulturele ferskowing liede nei identifikaasje mei de Mandinka-etnisiteit fan hegere status en it hearskjende Malineeske Ryk. Dy jula makken Gambia ta in wichtich ûnderdiel fan it bredere West-Afrikaanske hannelsnetwurk, dêr't sâlt, skulpdieren, izer, stoffen, ivoar, bijewaaks, goud, slaven, lear en mear útwiksele waarden oant de rivier de Niger ta en fierder.
De Fenetiaanske ûntdekkingsreizger Alvise Cadamosto, dy't foar de Portugezen wurke, wie de earste Europeaan dy't yn 1455 nei Gambia fear en nei de rivier ferwiisde as de Gambra of Cambra. Oare boarnen út dy perioade fermelde nammen as Guambea, Guabu en Gambu (mooglik in gearfoeging, destiids of yn lettere skiedskriuwing, fan de namme fan de rivier en it keninkryk Kaabu). Wylst keaplju fan ferskate Europeeske lannen twa iuwen nei Cadamosto hannel dreaunen op de Gambia-rivier, wie it hertochdom Koerlân en Semigallië de earste dy't in permaninte basis fêstige, op wat hja yn 1651 St Andrew's Island neamden. Nei't se de kontrôle oer it eilân oernaam hiene en it yn 1661 de namme 'St Jamee' jûn hiene, strieden de Ingelsen de folgjende oardel iuw mei de Frânsen om de kommersjele oerhearsking fan de rivier.
Yn dy tiid wiene der keninkriken bylâns de rivier de Gambia, wêrûnder Niumi (ek bekend as Barra), Niani, Kantora, Jimara, Kiang, Badibu, Fuladu, Tumana en Wuli, dy't allegear har namme jûn hawwe oan distrikten yn it Gambia fan hjoed-de-dei. Wichtige hannelsposten oan of tichteby de rivier wiene Barra, Albreda, Juffure, James Island (no in UNESCO Wrâlderfgoedsite), Tendeba, Joar, MacCarthy Island, Fattatenda en Sutukoba.
Om de iuwwiksel fan de 18e iuw hinne farde de Skotske ûntdekkingsreizger Mungo Park twa kear Gambia yn op wei nei de rivier de Niger.
De Anglo-Frânske Konvinsje fan 1889 bepaalde de grinzen fan it Gambia protektoraat en de koloanje Senegal as tsien kilometer noardlik en súd fan de rivier oant it ynlân ta oant Yarbutenda (tichtby it hjoeddeiske Koina), mei in straal fan 10 kilometer om de eastlike grins te markearjen, metten fan it sintrum fan de stêd ôf. De Britten kontrolearren dêrom de rivier foarsafier't dy befarber wie troch seeskippen. Hoewol't de yn 1889 fêststelde grinzen doedestiids as tydlik beskôge waarden, binne hja sûnt net feroare.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kaart fan de rivier Gambra (no de Gambia) 1732
-
It westlike part fan de rivier Gambia, út de romte wei sjoen. De line jout de grins fan Gambia oan.
-
De rivier stream op, op'e hichte fan it eilân Janjanaparh.
-
Fearboat oer de rivier by Janjanbureh
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gambia River fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|