Gambelhartemûs
| gambelhartemûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Peromyscus gambelii | ||||||||||||
| Baird, 1858 | ||||||||||||
| IUCN-status: net beoardiele
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gambelhartemûs of Gambels hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus gambelii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke is lânseigen yn Súdlik Kalifornje en op it Kalifornysk Skiereilân. Foarhinne waard de gambelhartemûs as in kloft ûndersoarten fan 'e eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) beskôge, mar yn 2017 hat er erkenning krigen as in selsstannige soarte. De gambelhartemûs is in nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN hat anno 2025 noch gjin klassifikaasje fan dit bistke.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gambelhartemûs waard yn 1858 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Spencer Fullerton Baird. Hy joech it bistke de wittenskiplike namme Peromyscus maniculatus gambelii, nei de Amerikaanske soölooch en ûntdekkingsreizger Wiliam Gambel (1823–1849). Lang waard de gambelhartemûs betize mei de nau besibbe eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus). De beide soarten waarden klassifisearre as de 'hartemûs' (P. maniculatus), yn 'e mande mei de westlike hartemûs (P. sonoriensis) en ferskate oare soarten. Uteinlik waard yn 2005 op basis fan genetysk ûndersyk dúdlik dat it om in soartekompleks gie, dêr't de gambelhartemûs yn 2017 op basis fan it wurk fan Ira F. Greenbaum et al. fan ôfspjalten waard.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e gambelhartemûs beslacht it diel fan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten dat Súdlik Kalifornje omfettet, útsein de Mojavewoastyn en de súdlike Sierra Nevada yn it binnenlân, mar wol mei dat diel fan Noardlik Kalifornje dat súdlik fan 'e Baai fan San Francisco leit. Fierders hearre ek in diel fan westlik Nevada en de Sonoarawoastyn yn it súdeasten fan Arizona ta it areaal fan dit bistke. Yn Meksiko komt dêr noch by it hiele Kalifornysk Skiereilân en de noardkust fan 'e Golf fan Kalifornje. De gambelhartemûs komt net foar op 'e eilannen yn dy see, mar wol op ferskate eilannen yn 'e Stille Oseaan, wêrûnder it Meksikaanske Cedros en de Kalifornyske Kanaaleilannen, dy't foar de kust lizze fan 'e stêdekloft fan Los Angeles.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gambelhartemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-10 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 11½ sm en in gewicht fan 15-30 g. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke en rêch) readbrún oant dûnkerbrún en op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) wyt. Oer de siden, de wangen, de snút en de sydkanten fan 'e sturt rint in skerpe demarkaasjeline tusken de beide kleurflakken.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gambelhartemûzen komme foar yn wâlden (sawol leaf- as nullewâlden), gerslân, steppe, woastyn en berchtmen. Se binne honkfêst en litte har troch ûntbosking net út har wâldgebieten ferjeie.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gambelhartemûs libbet solitêr, útsein yn 'e peartiid. It is in nachtdier dat de dei rêstend trochbringt yn syn nêst, dat er yn beamholten of ûndergrûnske hoalen oanleit fan plantaardich materiaal. De territoaria fan bisten fan it tsjinstelde geslacht oerlaapje inoar.
Gambelhartemûzen hawwe gjin fêste peartiid; har fuortplanting fynt it jier rûn plak. Se hawwe in polygyne pearingsstrategy. De draachtiid duorret 22–26 dagen, wêrnei't it wyfke 1–9 (mar ornaris 3–5) jongen smyt. Dat docht se yn trochsneed 3–4 kear yn 't jier. De mantsjes helpe by it grutbringen fan 'e jongen.
De jongen komme blyn, keal en helpleas te wrâld, en binne de earste wiken folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de âlden. Mei 14 dagen is de pels yngroeid en mei 13–19 dagen geane de eachjes iepen. Mei 18–24 dagen wurde de jongen ôfwûn en mei likernôch 40 dagen binne se folwoeksen. Fan 48 dagen ôf binne de wyfkes geslachtsryp en kinne se dielnimme oan 'e fuortplanting. De maksimale libbensferwachting bedraacht foar súdlike hartemûzen sa'n 4 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gambelhartemûs is in omnivoar, hoewol't er foar it meastepart sieden, fruchten en blêden fret. Dat dieet wurdt oanfolle mei poddestuollen en mei lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, rûpen, spinnen en oare lidpoatigen.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e súdlike hartemûs binne slangen lykas de westlike rattelslang (Crotalus oreganus), de Grutte-Dobberattelslang (Crotalus lutosus), de Pasifyske swarte rattelslang (Crotalus helleri), de súdwestlike spikkelbûnte rattelslang (Crotalus pyrrhus) en de Nederkalifornyske reade rattelslang (Crotalus ruber); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata); en martereftigen lykas de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de Pasifyske marter (Martes caurina), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) en de sulverdas (Taxidea taxus).
Ek moatte gambelhartemûzen oppasse foar stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis); hûneftigen lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) en de eilânfoks (Urocyon littoralis); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gambelmûs is sa'n nije soarte dat der noch gjin beoardieling fan 'e IUCN beskikber is. Mar mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen, sjocht it der net nei út dat dit bistke yn syn fuortbestean bedrige wurdt.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is anno 2025 noch net dúdlik hoefolle ûndersoarten oft de gambelhartemûs hat. Der is yn elts gefal ien ûndersoarte op it fêstelân, de nominaat Peromyscus gambelii gambelii, en ien ûndersoarte op it eilân Anacapa yn 'e Kalifornyske Kanaaleilannen: P. g. anacapae. In trêde ûndersoarte, P. g. coolidgei, dy't de populaasjes op it Kalifornyske Skiereilân omfetsje soe, bliek by neier ynsjen in jonger synonym fan P. g. gambelii te wêzen. Mar in protte populaasjes hartemûzen op 'e (oare) Kalifornyske Kanaaleilannen en op 'e ta Meksiko hearrende eilannen foar de westkust fan it Kalifornysk Skiereilân foarmje nei alle gedachten wol aparte ûndersoarten fan 'e gambelhartemûs.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

